Maloriks en Ferritus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Lotje (oerlis | bydragen)
+Ofbyld
Lotje (oerlis | bydragen)
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Interieur, begane grond, achterzijde (Statenzaal), muurschildering, Verritus en Malorix te Rome - Leeuwarden - 20394423 - RCE.jpg|thumb|Muurschildering. Verritus en Malorix te [[Rome]], [[Provinsjehûs]] [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].]]
[[Ofbyld:Interieur, begane grond, achterzijde (Statenzaal), muurschildering, Verritus en Malorix te Rome - Leeuwarden - 20394423 - RCE.jpg|thumb|Muurschildering. Verritus en Malorix yn [[Rome]], [[Provinsjehûs fan Fryslân]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].]]


'''Maloriks''' en '''Ferritus''' wienen yn de [[1e ieu]] twa [[Friezen|Fryske]] hearskers (ek wol ''keningen'' neamd). Wy binne goed dokumentearre oer harren skiednis troch [[Publius Cornelius Tacitus|Tasitus]] yn syn [[Ab excessu divi Augusti|Annales]].
'''Maloriks''' en '''Ferritus''' wienen yn de [[1e ieu]] twa [[Friezen|Fryske]] hearskers (ek wol ''keningen'' neamd). Wy binne goed dokumentearre oer harren skiednis troch [[Publius Cornelius Tacitus|Tasitus]] yn syn [[Ab excessu divi Augusti|Annales]].

De ferzje fan 24 apr 2014 om 06.00

Ofbyld:Interieur, begane grond, achterzijde (Statenzaal), muurschildering, Verritus en Malorix te Rome - Leeuwarden - 20394423 - RCE.jpg
Muurschildering. Verritus en Malorix yn Rome, Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert.

Maloriks en Ferritus wienen yn de 1e ieu twa Fryske hearskers (ek wol keningen neamd). Wy binne goed dokumentearre oer harren skiednis troch Tasitus yn syn Annales.

Skiednis

Yn 58 woenen de Friezen harren festige súdlik fan de Ryn. Dat wie Romeinsk gebiet en neffens de makke ôfspraken mei Korbulo nei ôfrin fan de Fryske ôpstân yn 28, wie it net bedoeld foar bewenning. De Friezen koene kieze: it lân ferlitte of nei de haadstêd Rome ta om tastimming te freegjen by de keizer. De Fryske hearskers gongen doe nei Rome ta om keizer Nearo te freegjen oft sy it lân brûke mochten foar bewenning.

De keizer wie net yn Rome doe't de twa Fryske hearskers dêr oankamen. Yn Rome brochten sy in besite oan it teater fan Pompeius. Wat sy der te sjen krigen koene sy net echt wurdearje, mar sy hienen wol troch dat der yn it publyk wichtige minsken sieten. Op harren fraach wa't al dy minsken wienen yn net-Romeinske klaaiïng tusken de senatoaren, krigen sy as antwurd te hearren dat it fertsjinwurdigers wienen fan folken dy't trou oan Rome wienen en har ûnderskieden hienen troch in heldhaftich optreden. Ferritus en Maloriks fûnen dat sy dêr ek ta hearden en gongen tusken de senatoaren yn sitten: yn har eagen wie der gjin trouwer en flinker folk as de Friezen. It hie foar itselde jild oars rinne kinnen, mar de Romeinen koenen dy died fan ûnôfhinklikens wol wurdearje: Ferritus en Maloriks krigen it Romeinske steatsboargerskip.

Lykwols bleau it by dy beneaming want de Friezen moasten it besette lân súdlik fan de Ryn ferlitte. In aksje fan it Romeinske leger makke in ein oan de besetting.

Boarne