Nij-Meksiko: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
images
Lotje (oerlis | bydragen)
{{commonscat|New Mexico}}
Rigel 37: Rigel 37:
== Demografy ==
== Demografy ==
Sa'n 40 % fan de befolking is fan [[Spanje|Spaanske]] komôf. It [[Spaansk]] mei it [[Ingelsk]] binne de offisjele talen fan Nij-Meksiko. De grutste stêd is [[Albuquerque]]. Ek lizze yn de steat grutte [[Yndianereservaat|Yndianereservaten]].
Sa'n 40 % fan de befolking is fan [[Spanje|Spaanske]] komôf. It [[Spaansk]] mei it [[Ingelsk]] binne de offisjele talen fan Nij-Meksiko. De grutste stêd is [[Albuquerque]]. Ek lizze yn de steat grutte [[Yndianereservaat|Yndianereservaten]].

== Keppeling om utens ==
* [http://www.state.nm.us Offisjele webstee fan Nij-Meksiko]
* [http://www.youtube.com/watch?v=SJb7_rcL1GY Nij-Meksiko]



<gallery perrow="5">
<gallery perrow="5">
Rigel 48: Rigel 43:
Image:Interstate 25 approaching Santa Fe New Mexico.jpg|<center>Interstate 25</center>
Image:Interstate 25 approaching Santa Fe New Mexico.jpg|<center>Interstate 25</center>
</gallery>
</gallery>

== Keppeling om utens ==
{{commonscat|New Mexico}}
* [http://www.state.nm.us Offisjele webstee fan Nij-Meksiko]
* [http://www.youtube.com/watch?v=SJb7_rcL1GY Nij-Meksiko]



[[Kategory:Steat yn de Feriene Steaten]]
[[Kategory:Steat yn de Feriene Steaten]]

De ferzje fan 14 apr 2014 om 14.20

State of New Mexico
Estado de Nuevo México
Vlag van New Mexico Gjin wapen
Ofkoarting NM
Haadstêd Santa Fe
Tiidsône -7
Algemien
Oerflakte 315.194
Befolking 1.903.289
Oare ynformaasje
Tatreden 6 jannewaris 1912
Oantal countys 33

Nij-Meksiko (Ingelsk: New Mexico, Spaansk: Nuevo México) is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Santa Fe.

Skiednis

Eartiids, foar de komst fan de Jeropanen, waard it gebiet allinne befolke troch yndianestammen as de Navajo's en Apaches. Om 1540 hinne luts de Spaanske konkwistadore Francisco de Coronado troch it gebiet. Syn twa jier doarjende siiktocht nei in protte goud wie om'e nocht. Dat wie it begjin fan de Spaanske tiid.

Yn 1595 waard de Spaanske provinsje Santa Fe de Nuevo México stifte en trije jier letter makke Juan de Oñate in begjin mei de koloanisaasje fan it gebiet. Yn 1610 waard de stêd Santa Fe stifte.

Nei de ûnôfhinklikheid fan Meksiko yn 1821 wie Nij-Meksiko ûnderdiel fan dizze republyk. Doe 't Meksiko yn in kriich belanne mei de Feriene Steaten moast it yn 1848 ôfstân dwaan fan Nij-Meksiko.

Op 6 jannewaris 1912 waard Nij-Meksiko de 47e steat fan de Feriene Steaten.

Geografy

It oerflak fan Nij-Meksiko is 315.194 km² grut. Trochstrings leit it op 1735 meter boppe seenivo; it heechste punt is Wheeler Pyk (4011 meter), dat ûnderdiel útmakket fan de Rocky Mountains, dy't Nij Meksioo fan noard nei súd trochkrúst. De wichtichste rivier fan de steat is de Rio Grande.

Nij-Meksiko grinzet oan it lân Meksiko en oan de steaten Teksas, Oklahoma, Arizona , Kolorado en Utah. Nij-Meksiko leit yn de Mountain-tiidsône.

De steat hat in protte moaie natuergebieten, lykas de dripstiengrotten by Carlsbad en it wite sân fan White Sands.

Demografy

Sa'n 40 % fan de befolking is fan Spaanske komôf. It Spaansk mei it Ingelsk binne de offisjele talen fan Nij-Meksiko. De grutste stêd is Albuquerque. Ek lizze yn de steat grutte Yndianereservaten.

Keppeling om utens