Ferskil tusken ferzjes fan "Sittende Bolle"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
[[Ofbyld:Sitting Bull.jpg|thumb|right|200px|SittingSittende BullBolle.]]
'''Sittende Bolle''' ([[Lakota (taal)|Lakota]]: '''Tȟatȟáŋka Íyotake''', better bekend ûnder de [[Ingelsk]]e oersetting '''Sitting Bull'''; [[Grand River (Súd-Dakota)|Grand River]], ±[[1831]] – dêre, [[15 desimber]] [[1890]]), wie yn 'e lêste helte fan 'e [[njoggentjinde ieu]] in wrâldsk en geastlik foaroanman en ien fan 'e wichtichste [[opperhaad|opperhaden]] fan 'e [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk yn it midnoarden fan 'e [[Feriene Steaten]]. Yn [[1876]] stied er oan it haad fan 'e koälysje fan Sû-, [[Sjajinnen|Sjajinne-]] en [[Arapaho (folk)|Arapaho]]-krigers dy't yn 'e [[Slach oan de Little Bighorn]] de Amerikaanske 7de Kavalery fan generaal [[George Armstrong Custer]] in tepletterjende nederlaach tabrocht. Hoewol't er sels net meifochten hie, waard er der troch de Amerikanen ferantwurdlik foar holden, en moast er in skoft útwike nei [[Kanada]] ta. Nei't er him yn [[1881]] oerjûn hie, makke er in hoartsje diel út fan 'e Wyldwestshow fan syn freon [[Buffalo Bill]], en toerde er dêrmei troch Amearika. Yn [[1890]], doe't de nije [[religy]] fan 'e [[geastedûns]] ûnder de Amerikaanske Yndianen in protte folgelingen krige, siet it Amerikaanske regear deroer yn noed dat ek Sittende Bolle, mei alle ynfloed dy't er noch altyd hie, him dêrby jaan soe. Men besocht him dêrop te arrestearjen, mar by de wrakseling dy't folge waard er yn 'e holle sketten, wêrnei't er stoar.
 
83.213

bewurkings

Navigaasjemenu