Ferskil tusken ferzjes fan "Jacob Pieters Asman"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
red [[]]
(]])
L (red [[]])
[[Ofbyld:Japik Pieter Asman (1833 - 1902).jpg|thumb|''Japik Pieter Asman'']]
'''Jacob Pieters Asman''' ( [[Akkrum]], [[8 augustus]] [[1833]] - [[Terherne]] [[22 juny]] [[1902]] ) wie in [[skuonmakker]], skearbaas (barbier), winkelman<ref> [http://www.dbnl.org/tekst/molh003nieu04_01/molh003nieu04_01_0101.htmen DBNL]</ref> en folksskriuwer út de 'skoalle' fan [[Waling Dykstra]]. Hy wie befreone mei skriuwer-sjoernalist [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]] fan [[Burgum]]<ref>[http://www.dbnl.org/tekst/molh003nieu04_01/molh003nieu04_01_0101.htm. DBNL]</ref>
 
SoanJacob Pieters wie in soan fan Pieter Asman en Klaaske van der Ploeg, dy't as jong span ynwenjen giene by de heit fan Jacob, in Dútser fan komôf, dy't as widner in drokke skuonmakkerij hie yn [[Akkrum]]. Jacob ferlear al yn syn earste bernejieren syn mem. It lêzen fan Fryske rymkes ‘[[heiling]]en’ en fan Fryske stikjes yn almanakken, al as sânjierrige, hat beslissend westbeskiedend foar syn libben west. De leafde foar syn memmetaal siet djip enoanten oant syn dea hat er [[Frysk]] skreaun. Krektas de measte Fryske skriuwers hied er in sober bestean. Earst siet hyer op de treeft en hantearre els en piktried, letter waard er skearbaas yn Terherne, dêr't hy in menniste faam krige, Hendrikje Atzes van der Schouw († [[Warkum]], 24 jannewaris 1904), mei wa't er op 24 maaie 1857 troude. Ek reizge hy de boeren ôf mei in goud- en sulvermarse en hie in winkeltsje yn [[tabak]] en sigaren.
 
Yn syn frije tiid begûn er te skriuwen yn it Frysk oer it Fryske libben, sketsen fan it skippersbestean en histoarysk-romantyske ferhalen. Ek hied er niget oan it folkslibben da't er dat sels meimakke. Syn measte wurk is te finen yn Fryske tydskriften: [[Fryske húsfreon]], [[Swanneblommen]], [[Forjit my net]], [[Sljucht en Rjucht]] en yn de almenak dy't útjûn waard by J.G. de Vries yn Snits. Ek skreau hy Fryske fúljetons yn de Warkumer, Frjentsjerter, Snitser en Grouster krante (Frisia).

Navigaasjemenu