Jeropeesk Parlemint: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: en:European Parliament is een etalage-artikel; tekstwiziging
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: sv:Europaparlamentet is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 116: Rigel 116:


{{Link FA|en}}
{{Link FA|en}}
{{Link FA|sv}}
{{Link GA|de}}
{{Link GA|de}}

De ferzje fan 29 jan 2014 om 09.49

De plenêrseal fan it Jeropeesk Parlemint yn Straasburch
De plenêrseal fan it Jeropeesk Parlemint yn Brussel

It Jeropeesk Parlemint is it iennichste orgaan fan de Jeropeeske Uny dat direkt keazen wurdt. De ferkiezings foar it parlemint wurde om de fiif jier hâlden.

Skiednis

Fan 10 oant en mei 13 septimber 1952 hold de foarrinder fan de Jeropeeske Uny, de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel, foar de earste kear in parlemintêre gearkomste. Dy gearkomste bestie út 78 nasjonale fertsjintwurdigers, dy't út de ûnderskate nasjonale parleminten keazen wienen.

Yn 1957 waard mei it Ferdrach fan Rome de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip en de Euratom oprjochte. De parlemintêre gearkomste fan de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel fertsjinwurdige tenei alle trije Jeropeeske Mienskippen en it tal sitten gong nei 142. De parlemintêre gearkomste krige gjin nije taken, mar neamde himsels al wol Jeropeesk Parlemint (yn 1986 waard dy namme pas erkend troch de lidsteaten).

Yn juny 1979 wurde foar it earst direkte ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint holden. Troch de ferdraggen fan ûnder oaren Maastricht (1992) en Amsterdam hat it Jeropeesk Parlemint mear foech krigen. It Jeropeesk Parlemint krige stadichoan hieltyd mear oerienkomsten mei parleminten fan nasjonale steaten.

Foech

Der binne trije haadsaken dêr't it Parlemint him mei dwaande hâldt; wetjouwing, finansiën en tafersjoch op de Jeropeeske Kommisje.

  1. It Jeropeesk Parlemint is mei de Ried fan Ministers de wetjouwende macht fan de Jeropeeske Uny. It Parlemint kin Jeropeeske wetten (rjochtlinen, feroardenings, ensafh.) oannimme, feroarje of fersmite.
  2. It Parlemint en Ministerrie beslisse tegearre oer de Jeropeeske begrutting.
  3. It Parlemint jout goedkar en beneam leden fan de Jeropeeske Kommisje. It Jeropeesk Parlemint kin, as it moat, beslisse om alle leden fan de Jeropeeske Kommisje dien te jaan.

Gearstalling

It Jeropeesk Parlemint hat 736 sitten.

De sittenferdieling fan it parlemint nei de Jeropeeske ferkiezings fan 2009:

Namme Ofkoarting (Ingelsk) Tal sitten Ideology
Jeropeeske folkspartij EPP 265 Liberaal konservatisme, Kristen demokrasy, Pro-Jeropa
Progressive Alliânsje fan Liberalen en Demokraten S&D 184 Sosjaaldemokrasy
Alliânsje fan Liberalen en Demokraten foar Jeropa ALDE 85 Liberalisme, Sosjaal liberalisme, Konservatyf liberalisme
De Grienen-Jeropeeske Frije Alliânsje Greens-EFA 55 Griene polityk, Regionalisme
Jeropeeske Konservativen en Reformisten ECR 54 Konservatisme, Anty-federalisme
Jeropeesk Unytêr Lofts/Noardsk Grien Lofts EUL/NGL 35 Sosjalisme, Kommunisme
Jeropa fan Frijheid en Demokrasy EFD 31 Jeroskeptysk, Konservatisme
Sûnder fraksje Non-Inscrits 27 -
Mei-inoar 736

Sittenferdieling per lân

Lokaasje

It Jeropeesk Parlemint komt ien kear yn 'e moanne yn Straasburch byinoar foar in fjouwerdeiske plenêre gearkomste. Ekstra plenêre gearkomsten wurde yn Brussel hâlden. Dêr fine ek alle gearkomsten plak, fan de fêste parlemintêre kommisjes, dêr't plenêre stimmings tarieden wurde. It Siktariaat-generaal sit yn Lúksemboarch.

Net eltsenien is bliid mei dizze ferskillende haadstêden fan Jeropa. One Seat wol bygelyks alle funksjes yn Brussel ha.

Keppeling om utens

Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA Berjocht:Link GA