Sûmearje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L -interwiki
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: ka:შუმერი is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 2: Rigel 2:
'''Sumearje''' (ek '''Sûmearje''' of ''Shumer'', Egyptysk ''Sangar'', Bibels ''Shinar'') is de namme foar in âlde ryk, kultuer, omkriten en antike beskaving dat yn it súdlike part fan [[Mesopotaamje]] lei (tsjintwurdich it súdeasten fan [[Irak]]), wêr't de rivieren [[Eufraat]] en [[Tigris]] yn de [[Perzyske Golf]] útmûnje. De [[Sumearjers]] neamden it lân sels ''ki-en-gir'' (it lân fan de beskaafde hearskers). Tegearre mei de noardlike streek [[Akkad]] makke it diel út fan it Twastreamelân. Sumearje wurdt wol beskôge as de ierste beskaving fan de wrâld.

De Sumearyske beskaving bestie út in samling fan [[stêdsteat|stêdsteaten]]. Alle stêdsteaten hienen har eigen foarst. Om-ende-by 3.500 f.Kr. waard de lieder fan de machtichste stêdsteat kening fan de Sumearje.
De Sumearyske beskaving bestie út in samling fan [[stêdsteat]]en. Alle stêdsteaten hienen har eigen foarst. Om-ende-by 3.500 f.Kr. waard de lieder fan de machtichste stêdsteat kening fan de Sumearje.

==Skiednis==
== Skiednis ==
De skiednis fan Sumearje wurdt yn fiif tiidrekken opdield:
De skiednis fan Sumearje wurdt yn fiif tiidrekken opdield:
* de [[Uruk]]- perioade, ± 4000-3000 f. Kr. Yn dizze perioade fêstigen de Sumearjers har yn it lân. Doarpen woeksen út ta stêden en fan alle stêden waard Uruk de wichtichste troch har [[Inanna]]timpel.

* de [[Jemdet Nasr]]-perioade, ± 3100-2900 f.Kr. Yn dizze perioade feroaren de sintra fan stêden yn hillichdommen, de befolking nimt yn oantal ta en de yrrigaasje wurdt yntrodusearre wêrtroch de opbringsten fan de it lân tanimme.

* de Iere Dynaasje,
* de Iere Dynaasje,
Rigel 40: Rigel 40:

=== Ekonomy ===
=== Ekonomy ===
It tsjil en it pottebakkerstsjil binne útfinings fan de Sumearjers. Hielendal wis is dat net. De Sumearjers wienen begien mei it mjitten fan dingen. Sy mjitten de stân fan de planeet [[Fenus]] mei in rjochthoekich raam. Se koenen de tiid yndiele yn sekondes troch [[pendules]] en [[wetterklokken]].

[[Kategory:Aldheid]]
[[Kategory:Aldheid]]
[[Kategory:Midden-Easten]]
[[Kategory:Midden-Easten]]

{{Link FA|ka}}

De ferzje fan 29 jan 2014 om 08.26

Sumearje op de oersichtskaart fan Mesopotaamje.
Sumearje op de oersichtskaart fan Mesopotaamje.

Sumearje (ek Sûmearje of Shumer, Egyptysk Sangar, Bibels Shinar) is de namme foar in âlde ryk, kultuer, omkriten en antike beskaving dat yn it súdlike part fan Mesopotaamje lei (tsjintwurdich it súdeasten fan Irak), wêr't de rivieren Eufraat en Tigris yn de Perzyske Golf útmûnje. De Sumearjers neamden it lân sels ki-en-gir (it lân fan de beskaafde hearskers). Tegearre mei de noardlike streek Akkad makke it diel út fan it Twastreamelân. Sumearje wurdt wol beskôge as de ierste beskaving fan de wrâld.

De Sumearyske beskaving bestie út in samling fan stêdsteaten. Alle stêdsteaten hienen har eigen foarst. Om-ende-by 3.500 f.Kr. waard de lieder fan de machtichste stêdsteat kening fan de Sumearje.

Skiednis

De skiednis fan Sumearje wurdt yn fiif tiidrekken opdield:

  • de Uruk- perioade, ± 4000-3000 f. Kr. Yn dizze perioade fêstigen de Sumearjers har yn it lân. Doarpen woeksen út ta stêden en fan alle stêden waard Uruk de wichtichste troch har Inannatimpel.
  • de Jemdet Nasr-perioade, ± 3100-2900 f.Kr. Yn dizze perioade feroaren de sintra fan stêden yn hillichdommen, de befolking nimt yn oantal ta en de yrrigaasje wurdt yntrodusearre wêrtroch de opbringsten fan de it lân tanimme.
  • de Iere Dynaasje,
  • de Akkadtiid
  • en de Ur III-perioade.

De skiednis fan Sumearje beslaat in tiidrek fan 3800 oant 2000 f. Kr.. Nei de Sumearjers wurdt it gebiet dominearre troch de Babyloanjers.

Befolking

It gebiet fan Sumearje waard foar it earst befolke (foar 4000 f. Kr) troch in folk dat de argeologen de Ubaidjers of Obeidjers neame, nei it doarp al-Ubaid wêrfan resten fûn binne. Dat folk lei sompen droech en soarge foar yrrigaasje, sadat lânbou mooglik waard. Ek driuwden se al hannel en waarden potten bakt en lear loaide.

De Sumearjers lutsen likernôch rûn 3500 f. Kr. it gebiet yn. Harren foarskiednis is net dúdlik. Guon tinke dat se út Anatoalje komme, mar se kinne likegoed út de Yndusfallei fuort komme hawwe en troch Iran yn it gebied komd wêze.

Sy sprutsen Sumearysk, in aggluynearjende taal. Der binne oanwizingen dat der foarhinne in oare taal sprutsen waard dy’t proto- Eufratysk neamd wurdt. Der is net folle mear oer fan dy taal. In oantal plaknammen en lienwurden hawwe de Sumearjers oernaam en net mear. Opfallend is wol dat de lienwurden faaks net mear as ien lettergreep hawwe. It Sumearysk niget bot nei nonsyllanisme, krekt as it moderne Sineesk.

Streamopwerts yn Akkad spruts de befolking in Symityske taal. Fan 5000 f. Kr ôf moat der al sprake west ha fan in organisearre maatskippij.

Kultuer en polityk

Skrift en keunst

Rûn 3500-3000 f. Kr ûntstie de âldste foarm fan it “skrift”. Ut in piktografysk skrift ûntwikkele him letter it spikerskrift. Yn de argeologyske laach 4 fan Uruk waarden klaaitabletten fûn mei in skrift dat in ûntwikkeling nei it spikerskrift toant. It spikerskrift bleau yn gebrûk oant de hellenistyske perioade en waard dêrnei yn Mesopotaamje stadichoan ferfong troch it ienfâldiger Arameenske skrift.

Der binne fragminten fan talrike eksimplaren fan it Gilgamesjepos fûn. Sawol yn it Sumearysk as yn it Akkadysk. Sadwaande wie it mooglik it hiele ferhaal te rekonstruearjen. It lêste spikerskrifttablet datearret út 74 n. Kr..

De Sumearjers wienen goeie smitten dy’t ûnder mear dolken en helmen yn goud makken. Somtiden waarden gouden foarwerpen mei dekoraasje ynlein mei Lapis Lazuli.

Wetjouwing

De Sumearjers wienen de earsten dy’t in “wetten” opstelden en harren organisearren yn stedsteaten.

Politike struktuer

Polityk bestie it lân út stedsteaten dy’t om de hegemony striden. Dizze situaasje is goed fergelykber mei de it lettere Grikelân. De steden hienen in folksried, meastal besteande út twa keamers. Der wie in ried fan âlderen en in ried fan manlju. Der wie in kening dy’t yn de ûnderlinge striid tusken de steden mear macht krije koe.

Eltse stêd hie syn eigen hillichdom en de kultus fan de lokale god of goadinne naam in sintraal plak yn it libben yn. De Sumearjers tochten dat de minsken troch de goaden makke wienen en om dizze goaden te tsjinjen en te fermeitsjen. Wat der allegear barde yn de polityk waard sjoen as de grillen fan de goaden.

Ekonomy

It tsjil en it pottebakkerstsjil binne útfinings fan de Sumearjers. Hielendal wis is dat net. De Sumearjers wienen begien mei it mjitten fan dingen. Sy mjitten de stân fan de planeet Fenus mei in rjochthoekich raam. Se koenen de tiid yndiele yn sekondes troch pendules en wetterklokken.

Berjocht:Link FA