Ferskil tusken ferzjes fan "Alice yn Wûnderlân"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
Robot: he:הרפתקאות אליס בארץ הפלאות is een etalage-artikel; tekstwiziging
(Nije side)
 
L (Robot: he:הרפתקאות אליס בארץ הפלאות is een etalage-artikel; tekstwiziging)
[[FileOfbyld:Alice par John Tenniel 25.png|thumb|right|250px|In yllústraasje út 'e earste útjefte fan [[1865]], troch [[John Tenniel|sir John Tenniel]], fan Alice oan 'e tee mei de Maartske Hazze, de Gekke Huoddemakker en de [[sânslieper]].]]
'''''Alice yn Wûnderlân''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Alice's Adventures in Wonderland''''' (hoewol't it bekender wurden is ûnder de ferkoarte titel '''''Alice in Wonderland'''''), is in [[berneboek]] dat it masterwurk is fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]], [[dichter]], [[wiskunde|wiskundige]] en [[fotografy|fotograaf]] [[Charles Lutwidge Dodgson]] ([[1832]]-[[1898]]), better bekend ûnder syn [[pseudonym]] [[Lewis Carroll]]. It is in tiidleas, absurdistysk en bytiden hilarysk ferhaal dat ta it [[fantasy (sjenre)|fantasy]]-sjenre rekkene wurde moat, oer in famke dat yn in kninehoale krûpt en dan yn in folslein oare wrâld bedarret dêr't se yn 'e kunde komt mei in hiele rige healwize personaasjes. ''Alice's Adventures in Wonderland'' waard foar it earst útjûn yn [[1865]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Tiny Mulder]] datearret fan [[1964]].
 
[[FileOfbyld:Alice Liddell 2.jpg|thumb|left|upright|In foto fan [[Alice Liddell]], nommen troch Lewis Carroll yn [[1858]].]]
== Eftergrûn ==
Lewis Carroll dosearre as wiskundige oan it [[Christ Church, Oxford|Christ Church]]-kolleezje fan 'e [[Universiteit fan Oxford]] en pielde yn syn frije tiid û.m. wat mei skriuwen en dichtsjen. Yn [[1856]] rekke er befreone mei it gesin fan [[Henry Liddell]], de nije rektor fan Christ Church. Op [[4 july]] [[1862]] tocht er ûnder in roeitochtsje oer de [[Isis (rivier)|Isis]] fan Folly Bridge, by [[Oxford]], nei it doarp [[Godstow]], fiif myl fierderop, in teltsje op om 'e trije suskes Lorina, Edith en [[Alice Liddell]] te fermeitsjen. It gie oer in ferfeeld lyts famke dat op aventoer út gie. De bern fûnen it prachtich, en fral Alice smeke him neitiid suver om it foar har op te skriuwen. Carroll liket earst net in protte fidúsje yn syn eigen ferhaal hân te hawwen mar doe't er fan oare kanten oanmoedige waard, sette er him der úteinlik dochs ta. Yn novimber [[1864]] koed er dan op 't langelêst Alice Liddell mei it hânskreaun en eigenyllústrearre manuskript bejeftigje, dat as titel droech: ''Alice's Adventures Under Ground''. Hoewol't lang tocht is dat Carroll de haadpersoan fan dit ferhaal basearre hie op Alice Liddell, hat er dat sels altyd ûntstriden.
 
Mei ''Alice's Adventures in Wonderland'' fêstige Carroll syn namme as skriuwer en belibbe er in súkses dat er neitiid nea wer belykje kind hat. Ein [[1871]] ferskynde der mei ''Through the Looking-Glass and What Alice Found There'' ("Troch de Spegel en Wat Alice Dêr Untdiek") in ferfolch op ''Alice's Adventures in Wonderland''. Dat boek wie wat dûnkerder fan toan, wat mooglik feroarsake wêze kin troch de depressiviteit dêr't Carroll oan litte sûnt syn heit yn [[1868]] kommen wie te ferstjerren.
 
== Ynhâld ==
Alice ferfeelt har, wylst se mei har suske yn 'e tún oan 'e rivierkant sit. Op in stuit sjocht se in pratende, oanklaaide wite [[wylde knyn|knyn]] foarbykommen. Se folget him nei in kninehoale en krûpt deryn. Se begjint omleech te rûgeljen en falt dan in hiel ein nei ûnderen. Dan befynt se har ynienen yn in nuveraardige seal mei withoefolle doarren fan alderhanne maten dy't allegearre op 't slot sitte. Mei in lyts kaaike dat se fynt, ûntslút se in doarke dat fiersten te lyts foar har is, en sjocht dat it tagong jout ta in kreaze tún. Dan ûntdekt se op in tafel in fleske dêr't fan "DRINK MY" op stiet. As hja dat docht, krimpt se sa bot, dat se te lyts is om 'e kaai te pakken dy't se op 'e tafel lizze litten hie. In stik koeke dêr't fan "YT MY" op stiet, makket dat se sa slim groeit dat se mei har holle tsjin 'e soudering oan slacht.
{{Plotbedjer}}
Nei in eintsje rinnen berikt Alice it hearehûs fan 'e hartoginne, dêr't se in petear hat mei in [[kikkert]] dy't dêr tsjinstfeint is. Se rekket der lykwols allinnich mar noch mear betize fan. Se giet mei de hartoginne oan it miel, mar de kokkinne hat fiersten tefolle [[piper]] yn it iten dien, dat alle iters útsein de kokkinne sels en de Cheshire-kat moatte der freeslik fan prûste. Nei iten jout de Cheshire-kat har oanwizings om by it hûs fan 'e Maartske Hazze te kommen. As se dêr arivearret, giet se oan 'e tee mei de Maartske Hazze, de Gekke Huoddemakker en in [[sânslieper]], dy't sa slûch is dat er hieltyd yn 'e sûs rekket, mar dan hurdhandich wer wekkerskodde wurdt troch de Maartske Hazze of de Huoddemakker. Under it absurde petear bringt de dy lêste op 't aljemint dat er der ea fan beskuldige is dat er besocht de tiid te deadzjen. Dêrom is de Tiid sa lulk op him wurden dat er foar him net mear rinne wol. Sadwaande is it no altiten teetyd. Op 't langelêst kriget Alice har nocht fan al it ûnsinpraat en jout se har ôf.
 
[[FileOfbyld:Alice par John Tenniel 30.png|thumb|upright|In yllústraasje fan [[John Tenniel|sir John Tenniel]], út [[1865]]: Alice hat earst frijwat muoite om [[kroket (spul)|kroket]] te spylen mei in libbene [[flamingo]] ynstee fan mei in houtene hammer.]]
Yn 'e tún sjocht Alice trije libbene kaartspulkaarten dy't wite roazen read oan it fervjen binne om't de Hertenkeninginne it grou hat op wite roazen. Koarte tiid letter komme der mear kaarten de tún yn, mei dêrûnder ek keningen en keninginnen. Alice wurdt yn 'e kunde brocht mei û.o. de Hertenkeninginne, dat in sinnich en ritich persoan is, dy't by it minste of geringste dat har net noasket, daliks ropt fan "Derôf mei syn kop!" Alice wurdt mear twongen as útnoege om mei te dwaan oan in spultsje [[kroket (spul)|kroket]], wêrby't lykwols gjin bal brûkt wurdt, mar in oprôle [[stikelbaarch]], dy't net mei in houtene hammer, mar mei in libbene [[flamingo]] fuortslein wurde moat. Alice hat der earst frijwat muoite mei om dizze ferzje fan it spul ûnder de knibbel te krijen.
 
Op it stuit dat de kaarten har bestoarmje, wurdt se wekker makke troch har suske en sjocht se dat it gjin spylkaarten binne, mar blêden dy't har yn it gesicht falle. Se fertelt har suske oer har dream en giet dan om tee. Har suske bliuwt efter, falt sels yn 'e sliep en dreamt oer Alice har dream.
 
== Fryske oersetting ==
De [[Frysk]]e oersetting fan 'e ''Alice's Adventures in Wonderland'' ferskynde yn [[1964]] ûnder de titel ''Alice yn Wûnderlân'' by de [[Afûk]] te [[Ljouwert]]. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan [[Tiny Mulder]] ([[1921]]-[[2010]]), dy't better bekend is as Frysk [[dichter]]esse. Yn har ynlieding skreau hja fan: ''"Alice is al oer de hûndert jier, mar se is noch altyd fris, fleurich en libben, en noch altyd oarsaak fan bewûndering en fermeits foar bern."'' En dat is yn 'e lêste fyftich jier net feroare.
 
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link FA|he}}
45.976

bewurkings

Navigaasjemenu