Sibearje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: lt:Sibiras is een goed artikel; tekstwiziging
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: af:Siberië is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 13: Rigel 13:
[[Kategory:Sibearje| ]]
[[Kategory:Sibearje| ]]


{{Link FA|af}}
{{Link GA|lt}}
{{Link GA|lt}}

De ferzje fan 29 jan 2014 om 06.01

Yn it donkerread it Federaal Distrikt Sibearje, yn it read de breedste definysje fan Sibearje. Yn ljochtread de rest fan Ruslân
Grutte parten fan Sibearje besteane út tichtbeboske taiga

Sibearje (Russysk: Сиби́рь, Sibir) is de namme foar in grut diel fan Ruslân dat yn Aazje leit.

Geografysk hat Sibearje yn Ruslân in oerflakte fan 10.006.400 km². Dêrmei beslacht it 59% fan it totale oerflak fan Ruslân. It bestiet út de federale distrikten Oeral en Sibearje. Ek it noarden fan Kazakstan wurdt ta Sibearje rekkene. Earder waard de Russyske eastkust der ek ta rekkene, mar dat hjit no it Russyske Fiere Easten.

It gebiet wurdt trochstreamd troch inkele fan de grutste rivieren yn de wrâld; de Ob, de Jenisej en de Lena. Oare grutte rivieren binne ûnder oare de grinsrivieren Amoer, de Olenjok en de Indigirka. Utsein de Amoer streame al dizze rivieren nei de Arktyske Oseaan.

Sibearje is bekend troch de grutte klimaatferskillen. Sa kin it der winterdeis glûpende kâld wêze, wêrby't it oant fyftich graden frieze kin. Mar simmerdeis kin it maklik tritich graden wurde.

In soad grûn is sompich en net geskikt foar lânbou. Oare grutte gebieten, de taiga, binne beboske; noardlik dêrfan leit in gurdle bosktoendra en it noardlike part fan Sibearje bestiet út ekstreem kâlde toendra dêr't de ûndergrûn altyd fan beferzen is, permafroast.

Berjocht:Link FA Berjocht:Link GA