Ferskil tusken ferzjes fan "Egyptysk"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
36 bytes grutter ,  6 jier lyn
L
Robot: ja:エジプト語 is een goed artikel; tekstwiziging
L (→‎Literatuer: kat oars)
L (Robot: ja:エジプト語 is een goed artikel; tekstwiziging)
| ISO 639-3 = egy

[[FileOfbyld:Papyrus Ebers.png|left|thumb|250px|De ''[[Ebers-papyrus]]'', wêryn't de behanneling fan [[astma]] yn it Egyptysk út 'e doeken dien wurdt.]]
It '''Egyptysk''' (út [[hieroglifen|hieroglifysk skrift]] transliterearre as '''''r n km.t''''') is de âldst bekende [[taal]] fan [[Egypte]]. It is in lid fan 'e [[Egypto-Hamityske talen|Egypto-Hamityske]] tûke fan 'e [[Afro-Aziatyske talen|Afro-Aziatyske]] [[taalfamylje]], en is skriftlik oerlevere fan likernôch 3400 f.Kr. ôf, wat betider is as lykfol hokker oare taal, útsein it [[Sûmearysk]]. It Egyptysk wie de nasjonale taal fan it Alde Egypte ûnder de [[farao|farao's]], oant it ûnder de [[Ptolemiden|Ptolemidyske dynasty]] as bestjoerstaal ferfongen waard troch it [[Gryksk]]. It bleau lykwols de taal fan 'e grutte mearderheid fan it folk, oant it, nei de ferovering fan Egypte troch it [[Islamityske Ryk]] fan 'e [[tsiende ieu]] ôf ûnder druk fan it [[Arabysk]] yn it neigean rekke, en úteinlik yn 'e [[santjinde ieu]] as sprektaal útstoar.

Der wurde troch [[taalkundige]]n seis wichtige perioaden yn 'e ûntwikkeling fan it Egyptysk ûnderskaat:

● [[Argaysk Egyptysk]], de taal fan 'e [[Iere Dynastike Perioade fan Egypte|Iere Dynastike Perioade]] (foàr 2686 f.Kr.);

● [[Aldegyptysk]], de taal fan it [[Alde Keninkryk]] (2686-2181 f.Kr.);

● [[Midegyptysk]], de taal fan it [[Middenkeninkryk fan Egypte|Middenkeninkryk]] en it iere [[Nije Keninkryk]] oant de [[Amarnaperioade]] (2055-1353 f.Kr.);

● [[Nijegyptysk]], de taal fan 'e [[Tredde Tuskenperioade fan Egypte|Tredde Tuskenperioade]], mar al begjinnend fan 'e Amarnaperioade ôf (1353-700 f.Kr.);

● [[Demoatysk Egyptysk]], de taal fan 'e [[Lette Perioade fan Egypte|Lette Perioade]] oant de [[Romeinske Ryk|Romeinske Tiid]] (700 f.Kr.-100 n.Kr.);

● [[Koptysk]], it lêste stadium fan it Egyptysk, fan 'e [[twadde ieu]] ôf (100-1700).

Dizze seis ûnderskate taalfoarmen wurde mei-inoar ek wol de [[Egyptyske talen]] neamd. It Koptysk is oant hjoed de dei ta de ([[deade taal|deade]]) [[tsjerketaal]] fan 'e [[Koptysk-Otterdokse Tsjerke]] en de [[Koptysk-Katolike Tsjerke]].

== Literatuer ==
● Allen, James P., ''Middle Egyptian: An Introduction to the Language and Culture of Hieroglyphs'', Cambridge, 2005 (Cambridge University Press), ISBN 0 52 16 53 126.

● Callender, John B., ''Middle Egyptian'', 1975 (Undena Publications), ISBN 0 89 00 30 065.

● Loprieno, Antonio, ''Ancient Egyptian: A Linguistic Introduction'', Cambridge, 1995 (Cambridge University Press), ISBN 0 52 14 43 849.

[[Kategory:Egyptyske talen]]
[[Kategory:Egypte]]

{{Link GA|ja}}
45.669

bewurkings

Navigaasjemenu