Tanzania: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
14 bytes grutter ,  8 jier lyn
L
Robot: fi:Tansania is een goed artikel; tekstwiziging
L (Bot: Migrating 188 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q924 (translate me))
L (Robot: fi:Tansania is een goed artikel; tekstwiziging)
In [[1884]] sletten fertsjinwurdigers fan de Dútske East-Afrika Feriening ferdragen mie lokale haadmannen, wêrnei de Dútske East-Afrika Feriening [[Tanganyika]] kolonisearre. Yn [[1890]] waard Tanganyika in Dútske koloanje. In opstân tsjin it Dútske regear yn [[1907]] (Maj-Maj opstand) waard troch de Dútsers hurdhandich ûnderdrukt. Yn [[1914]] rekke Tanganyika as Dútske koloanje belutsen by de [[Earste Wrâldkriich]]. Waarden de measte Dútske koloanjes yn Afrika en Aazje al yn [[1914]] en [[1915]] troch de [[Entente]] ferovere, Tanganyika bleau oant it ein fan de oarloch yn Dútske hannen. Gûverneur [[Albert Heinrich Schnee]] en de geniale Dútske kolonel (letter: generaal) [[Paul von Lettow-Vorbeck]] wisten mei [[guerrilla]]-metoaden út de hannen fan de oanfallende Britten, Belgen en letter ek de Portugezen te bliuwen. Sterker noch, it lytse leger dat Von Lettow-Vorbeck kommandearre foel sels mei sukses de Britske stellings yn [[Kenia]] oan. Fan [[1918]] ôf lutsen de mannen ûnder Von Lettow troch [[Mozambyk]]. Op [[14 novimber]] [[1918]] kapitulearre Von Lettow doe't hy hearde dat de striid yn [[Jeropa]] oer wie.
 
Tanganyika gie no oer yn Britsk hannen, maar Dútsers bleauen in aardich grut tal yn Tanganyika wenjen (bygelyks as [[plantaazje]]hâlders). Yn [[1919]] waard Tanganyika in Britsk [[mandaatgebiet]] en waard it [[links riden]] ynfierd. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] groeide it nasjonaal bewustwêzen ûnder de autochtoane befolking en waarden der partijen en ferienings oprjochte. De wichtichste wie de [[Tanganyika African National Union|Tanganyika Afrikaanske Nasjonale Unie]] (TANU) dy't yn [[1954]] oprjochte waard troch [[Julius Nyerere]], ei soan fan in haadman. By de ferkiezings fan [[1958]] waard de TANU de grutste partij. Yn maaie [[1961]] krige it lân folslein selsbestjoer en op [[9 desimber]] [[1961]] waard Tanganyika in ûnôfhinklik lân. Presys ien jier letter waard it in republyk (as part fan de [[Britske Mienebest]]) mei [[Julius Nyerere]] as presidint, 'chief minister' (dat wol sizze premier) en foarsitter fan de TANU.
 
Op [[26 april]] [[1964]] ferienige Tanganyika himsels mei de eilannen [[Sansibar]] en [[Pemba]] en kaam de ''Federale Republyk Tanzania'' ta stân. Presidint fan de federaasje waard Nyerere en fisepresidint waard foarsitter sjeik [[Abeid Karume]] fan de Folksrepubliek Sansibar en Pemba.
 
[[Kategory:Tanzania| ]]
 
{{Link GA|fi}}
46.084

bewurkings

Navigaasjemenu