Joseph Smith: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: en:Joseph Smith is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 13: Rigel 13:
[[Kategory:Mormoanen]]
[[Kategory:Mormoanen]]
[[Kategory:Profeet]]
[[Kategory:Profeet]]

{{Link GA|en}}

De ferzje fan 29 jan 2014 om 02.08

Joseph Smith, Jr., Yllustraasje fan Charles William Carter, 1886

Joseph Smith Jr. (Sharon (Fermont), 23 desimber 1805 - Carthage (Illinois), 27 juny 1844) wie de stifter fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen en boargemaster.

Joseph Smith Jr. wie de soan fan Joseph Smith Sr. en Lucy Mack Smith. Doe't er fyftjin wie, ferhuze de húshâlding nei Manchester (New York).

Nei sizzen fan Joseph Smith krige er syn earste fisioen yn 1820 doe't er God frege hokfoar Kristlike sekte it by de rjochte ein hie. Him waard sein dat alle sekten mis wienen. Letter, op 21 septimber 1823 waard er troch de ingel Moroni nei in ferburgen boek laat, skreaun op gouden platen. Joseph Smith sette dit Boek fan Mormon oer nei it Ingelsk ta. Dat evangeelje foarmet, tegearre mei lettere iepenbieringen, it boadskip dy't Joseph Smidt útdrage woe.

Op 6 april 1830 stifte er de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. Mar syn boadskip wiek te folle ôf fan it leauwen fan oare minsken. It grutste part fan syn libben waard er ferfolge en 27 juny 1844 waard er yn de finzenis fan Carthage troch in wapene binde deasketten.

Berjocht:Link GA