Tsjerkgaast: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 4 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2337374
No edit summary
Rigel 57: Rigel 57:
}}
}}
[[Kategory:Tsjerkgaast]]
[[Kategory:Tsjerkgaast]]

{{commonscat|Tjerkgaast}}

De ferzje fan 10 jan 2014 om 00.46

Tsjerkgaast
Himrik fan Tsjerkgaast
gemeente Skarsterlân
Gritenij Doanjewerstâl
Stimmen 45
Ynwenners (2004) 190
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 40' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8522
Webstee {{{webstee}}}
Huzinge Spannenburch

Tsjerkgaast is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, noardwest fan Sleat. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004).
Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984, hearde it ta de gemeente Doanjewerstâl. It buorskip Spannenburch falt ûnder it doarp. De eardere PTT-toer is rûnom te sjen.Yn de namme ferwiist tsjerk nei de tsjerke dy't oarspronklik oan Sint-Augustinus wijd wie, en gaast nei in sânrêch of heechlizzend sânige grûn. Sokke gaasten wiene der wol mear, mar hjir stie in tsjerke op.

De herfoarme tsjerke is fan 1703, preekstoel en doophikke binne út de 17e ieu. Der is ek in reade sânstiennne grêfsark út de 14e ieu. Op it tsjerkhôf stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.

Mienskip

It doarpshűs Tsjerkgaast is It Spantsje. Yn 2003 is yn it ramt fan it 300-jierrich bestean fan de tsjerke fan Tsjerkgaast it iepenloftspul 'De skat fan Tsjerkgaast' makke.
De nasjonaalsosjalistyske skriuwer R.P. Sybesma is hjir yn 1894 berne.

Befolking

Iepenbier Ferfier

Strjitten

  • Aldedyk - oerbliuwsel fan de âlde ferbiningswei Sint Nyk-Sleat
  • Brekkendyk - rint oan de eastside fan it Prinses Margrietkanaal nei de Lemster Brekken. Brekken binne markes of sompich lân.
  • De Bolten - âlde namme fan in âlde wat heger lizzende dyk fan Tsjerkgaast nei Gaasterlân.
  • De Koai - nei de eardere einekoai, no noch in boskje.
  • De Stikels - hjir groeiden in soad stikels.
  • De Trochreed - Ferwiist nei de trochreed fan it eardere kafee dêr't hynders yn- en útspand waarden.
  • Gaastdyk - trochgeande dyk oer de gaasten, heechlizzende sângrûnen. De namme komt ek foar yn geastgrûn en Gaasterlân.
  • It Foarfjild - in stik lân foaroan by de dyk waard in foarfjild neamd
  • Jerdensdyk - in dyk troch jerden, lange smelle stikken lân.
  • Kanaalsdyk - oan de westkant fan it Margrietkannaal, bylâns de Brekkendyk.
  • Puthoeke - nei de put of welle dêr't eltsenien eartiids wetter helje koe.
  • Riensleat - Neam nei de Riensleat of Wâldsleat, it kanaal tusken de Lemster Brekken en Follegea.
  • Spannenburgerdyk - fan Spannenburch nei Sint Nyk. Spannenburch wie in eardere loazjeminthâlder op it krúspunt Spannenburch.
  • Strjitwei - de strjitwei fan De Lemmer nei Snits.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: