Hurdegaryp: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 5 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q1025097 (translate me)
No edit summary
Rigel 80: Rigel 80:


[[Kategory:Hurdegaryp| ]]
[[Kategory:Hurdegaryp| ]]

{{commonscat|Hurdegaryp}}

De ferzje fan 9 jan 2014 om 13.39

Hurdegaryp
Flagge fan Hurdegaryp Wapen fan Hurdegaryp
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hurdegaryp
Gemeente Tytsjerksteradiel
Ynwennertal (2006) 5064
Webstee http://www.hurdegaryp.nl
de himrik fan Hurdegaryp

Hurdegaryp is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Dwers troch it doarp rint de Grinzer Strjitwei, de dyk fan Ljouwert nei Grins. It doarp is al yn de 13e ieu of earder ûntstien, mar doe lei it al súdliker, oan de Simmerdyk.

Hurdegaryp hat likernôch 5.064 ynwenners (2006), dy't ek wol mei in skelnamme "oaljekoeken" neamd wurde.

Skiednis

It doarp hat in lange skiednis. ‘Hurdegaryp’ betsjut safolle as in hurd stik lân (hurde gea ripe). It is hurd wylst it sângrûn is, en de omlizzende greiden binne klaaigrûn. De klaai is ynklonken, it sân net en dêrom leit Hurdegaryp wat heger as de rest. Sadwaande is't net frjemd dat al yn de midsieuwen minsken harren nei wenjen set hawwe op dit hegere stik lân. It ferhaal giet dat wynterdeis it eartiids in wiete boel wie op it lân rûnom en foaral súd fan Hurdegaryp. De Simmerdyk dy’t dêr leit hjit ek sa wylst it allinnich simmerdeis in goeie wei wie. As it al te mâl gong, kamen sels de minsken út Tytsjerk mei harren kij en skiep en hinnen en sa, nei Hurdegaryp wylst hja yn Tytsjerk wiete fuotten hiene. Oft dat wier is, is net seker.

Yn ’e trettjinde ieu stie der al in tsjerke oan de Simmerwei, dêr't no de iisbaan/kanofiver leit. Dizze tsjerke is al lang lyn ôfbrutsen. Stikken dêrfan lykas stiennen en tekpannen wurde noch wol fûn yn de folkstunen op de Hurdegarypster warren, neist it fuotbalfjild fan V.V.H.. De nije tsjerke út 1712 stiet noch oan ’e Ryksstrjitwei.

Fan de 14e ieu ôf hat der in stins stien by Hurdegaryp, de Grovestins. Fan it gebou is neat oerbleaun, it is yn 1829 ôfbrutsen nei in brân. Hjoeddeis stiet allinnich noch by it Hoeksterpaed in djoer nijbouhûs, op it plak dêr't de stins stien hat. Oan fjouwer siden rint in sleat, nei alle gedachten de âlde grêft. It bouwurk hat der sawat útsjoen as de Skierstins yn Feanwâlden.

Yn 1830 waard de Swartewei út 1528 trochlutsen oant Grins. Doe hat Hurdegaryp in stop fan 'e postkoets krigen. It wapen fan it doarp is dan ek in koperen posthoarn op in read-swart-reade eftergrûn, fertikaal skieden troch twa tinne wite stripen.

Hjoed

Hjoeddeis is Hurdegaryp foaral in grut nijboudoarp oan de binnentrochwei fan Ljouwert nei Grînslân. Foarhinne hie it fjouwer legere skoallen foar in pear tûzen ynwenners: de W.M.Oppdykskoalle en de Hindrik Algraskoalle (protestantsk, no tegearre fierder gong as CBS De Winde), en OBS Nije Winnige (no fuort) en OBS de Fûgelflecht (bestiet noch). De Oppedyk hie earst in eigen beukerskoalle: De Einekoer. Hurdegaryp hat fierders in lyts winkelsintrum, de Fuormanderij. Tiisdeis en freeds stjit dêr noch in merke, oftewol tiisdei nuten en freed twa kreammen mei tsiis en fisk.

Rûnom leit in protte natoer. Sa binne der oan de noardside Japmuoi’s Kolk, it Ottema-Wiersmareservaat en de Sippenfennen, dêrt kanofard wurde kin. Boatsjes binne te hier by Dûke-Lûk yn Feanwâlsterwâl. Westlik leit it Djippe Gat, in mar mei elzeboskjes deromhinne. It wetter is helder, mei in protte fisk. Swimme en farre is net tastien, it is gefaarlik djip en ûnberekkenber troch eardere sânwinning. Besuden it doarp Hurdegaryp leit in smûk park, de saneamde ‘kanofiver’, dêr't lykwols net faak kano is. Wol kin der tige goed reedride wurde as der iis leit, wylst der beammen rûnom steane. Yn it park kin ek moai kuiere wurde, en der sitte sels iisfûgels.

Yn de simmer wurdt by Hurdegaryp it Wâldrockfestival hâlden, dêr't in protte minsken op ôf komme.

As yn 'e takomst de Sintrale As, nei Dokkum, oanlein wurdt benoarden it doarp, dan sil it trochgeand ferkear troch Hurdegaryp wat ôfnimme.

Mienskip

Der is in feriening fan doarpsbelang dy't gearkomt yn doarpshûs De Schalmei. De doarpskrante "Tusken Wâld en Wetter" (TWW) komt sa'n tsien kear yn't jier út. Oan de Van Weerden Poelmanstrjitte stiet buerthûs De Wissel, hjir sit ek de speel-o-teek. Der binne twa basisskoallen yn it doarp: De Winde en Nije Winninghe/Fûgelflecht. Foar de âlderein is der soarchsintrum Bennemastate.

Befolking


Ferienings

  • country-line dance - Hurdegaryp
  • Fûgelwacht Hurdegaryp
  • HSV Hurdegaryp - gymnastyk
  • Keunstrûnte Hurdegaryp
  • Laudamus - sjongen
  • MRV Tesselschade - toanielferiening fan 1870
  • Oan leger wâl - shantykoar
Sport

Strjitten

Hast alle strjitnammen yn Hurdegaryp binne offisjeel yn it Frysk.

Ferbinings

Iepenbier ferfier

Keppelings om utens