Stynsgea: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2017681
No edit summary
Rigel 63: Rigel 63:
}}
}}
[[Kategory:Stynsgea| ]]
[[Kategory:Stynsgea| ]]

{{commonscat|Augistinusga}}

De ferzje fan 9 jan 2014 om 13.48

Stynsgea
Himrik fan Stynsgea
gemeente Achtkarspelen
Gritenij Achtkarspelen
Stimmen 52 ((inkl. Gerkeskleaster))
Ynwenners (2008) 1481
Huzen 503
Koördinaten 53° 13' NB, 6° 9' EL
Netnûmer 0512
Postkoade 9284
Webstee www.augustinusga.com
Eardere Herfoarme tjerke
Filla Wâldhof

Stynsgea is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, súd fan Bûtenpost by it Prinses Margrietkanaal. It doarp hat likernôch 1.330 ynwenners (2007). By Stynsgea hearre ek de buorskippen Blauferlaat (mei in haven oan it Prinses Margrietkanaal), Reahel (in stripe mingde bebouwing by de noardkant fan it Prinses Margriet lâns) en Reaskuorre (de kant fan De Harkema út). It doarp wie eartiids haadplak fan de gritenij en is neamd nei de hillige Augustinus. Eartiids stuon hjir de stins Siccamastate.

Tsjerke

It âldste part fan de tsjerke is de toer út de 13e ieu en dy hie oant 1895 in sealdak. Om 1350 hinne waard de goatyske tsjerke wijd oan Augustinus. De muontsen fan kleaster Jeruzalem (Gerkeskleaster) hawwe har nei alle gedachten boud. Op in tekening út 1723 fan J. Stellingwerf is goed te sjen dat it dak fan de tsjerke leger west hat. By in ferbouwing yn ±1765 is de kap twa meter ferhege. By de restauraasje fan 1954-1957 kamen resten fan de eardere fresko's oan it ljocht. Der binne no skansearre ienfâldige ofbylden fan twa ingels en Sint Kristoffer te sjen. Yn 1994 wie der lykwols al wer in wiidweidige restauraasje nedich.

De klok út 1617 is getten troch Hans Falck fan Neurenberch út Ljouwert.

Mienskip

Doarpsblêd 'Us Blêd' ferskynt sûnt oktober 1975 hast alle moannen. Der is gjin doarpshûs, al is der wol besocht om in multifunksjoneel sintrum yn de mande mei Surhuzum op te setten. De Saad en de Maskelyn binne de basisskoallen fan it doarp.

Befolking

Ferienings

Strjitten

Alle strjitten yn Stynsgea.

  • De nammen Gaickema, Jensma en Siccama komme fan de aadlike famyljes dy't hjir wenne ha.

Ferskaat

Iepenbier ferfier

Busline fan ferfierder Qbuzz:

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: