De Rottefalle: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 115: Rigel 115:
}}
}}
[[Kategory:De Rottefalle| ]]
[[Kategory:De Rottefalle| ]]

{{commonscat|Rottevalle}}

De ferzje fan 6 jan 2014 om 11.34

de himrik fan De Rottefalle
Tsjerke fan De Rottefalle
Klokkestoel fan De Rottefalle út 1959
Haven fan De Rottefalle

De Rottefalle is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noard fan Drachten. It doarp hat likernôch 1.380 ynwenners (2012).

De Rottefalle is yn de 17e ieu ûntstien as feankoloanje. Oant 1943 lei de Rottefalle yn trije gemeenten: Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Yn 1953 waard it útroppen ta 'foarbylddoarp' (mei Kerkhoven yn Noard-Brabân), neidat de Rykslânboufoarljochtingstsjinst mei demonstraasje proeffjildsjes, foarbyldperselen en foarbyldbedriuwen de agraryske bedriuwsfiering besocht hie te ferbetterjen. Yn 1956 waarden ek ferbetteringsplannen foar de omkriten fan it doarp opset.[1]

Op it begraafplak stiet ien fan de goed sechstich klokkestuollen yn Fryslân.

De Rottefalle hat syn namme te danken oan in Jan Rateller, ek wol Jan Rot neamt. Hy liet ferskiedene fearten grave, wêrûnde ’t Vallata. Skippers neamden it “de Rot syn fal”.

Mienskip

Doarpsbelangen hat syn gearkomsten yn doarpshûs It Tiksel. Doarpskrantsje It Slûske ferskynt sân kear yn't jier. De feestkommisje organisearret om de trije jier in skoalle- en doarpsfeest. It doarp hat in buertferiening "Brouwersgrêft". Yn'e Mande en De Finne binne de beide doarpsskoallen. It Hagehiem is it sportkompleks fan 'e Rottefalle. Der is in grifformearde, in doopsgesinde en in herfoarme tsjerke. Yn it âldste hûs fan Smellingerlân is it pân Havenwei 15.

Ferienings

  • Polyphonia - muzyk
  • De Piipegaeltsje Sjongers - shanty
  • The Ro’Hawks - country dûnsjen
  • Toanielselskip “De Rottefalle”
  • 't Slappe Keutje - biljerten
  • De Lits - darten
  • Wêz Handich - gymnastyk, kuorbal, tennis, folleybal
  • De Leien - wettersport
  • Fuotbalferiening De Rottefalle
  • iisclub De Rottefalle
  • De Roch - dûken
  • Begraffenisferiening De Laatste Eer, sûnt 1911

Befolking

Berne op 'e Rottefalle

Strjitten

  • Ald Daam - Alde namme foar inkele huzen ten easten fan De Boppeste. De eigeners op it boppewetter hawwe yn ± 1813 in daam lein op it plak fan it Boppester Fallaat.
  • Ambachtsloane - It earste wen/wurkgebiet fan 'e Rottevalle realisearre yn it oanloopgebiet nei it doarp ta.
  • Arendswyk - nei de wyk fan in man mei de namme Arend
  • Bildreed - sânpaad oer 'bild' dat hjir bollizzend lân betsjut, mooglik út De Leien opspield.
  • Bildwei - Dit is it diel fan de Buorren oant de grins fan Tytsjerksteradiel. In âlde benaming is it ‘kattegat'
  • Brouwersgrêft - rint fan kafetaria De Lits (eartiids Brouwershoeke) oant de Bildwei.
  • Buorren - eardere haadstrjitte fan it doarp
  • De Boppeste - Dit is fanâlds bekend as “de Boppeste Rottefalle”.
  • De Bosk - Alde namme foar it hoekje, dêr't in pear huzen steane, ten westen fan de Rydwei. Eartiidsk hat hjir bosk west. No is der noch it “Hedzerboskje” ûnder De Pein.
  • De Fintsjes - âlde namme foar de stikjes lân dy't ûngefear op it plak leinen dêr't no dizze strjitte leit.
  • De Houtkamp - Heech lizzend stik lân oan de Lits dat troch in Harmen J. de Jong, skipper en houtkeapman út 'e Rottefalle († 1882) brûkt waard as opslachplak foar hout om dit letter per skip te ferfieren.
  • Efterwei - Besteande âlde namme, grif omdat dizze wei bûten it doarp leit.
  • Foudenswei - De Foudenslânnen wienen stikken lân dy't eigendom wienen fan de fouden
  • Haven - Hjir wie earder de oersslach foar de skipfeart.
  • Havenwei - ferbiningswei fan de Bildwei nei de Haven.
  • Hegedoar - âlde beneaming, komt al yn de 17e ieu foar. Komôf net bekend.
  • Heidbuorren - De âlde namme foar it fan west nei east rinnende diel fan de bocht oant de âlde bysûndere skoalle. Bestie as wei al om 1850 hinne. Op in âlde kadasterkaart oantsjutten as heidebuert.
  • Houtigehaachstwei - rint fan de Foudenswei nei De Houtigehage.
  • Kompanjonswei - neamd nei de “Compagnons der Rottevalster Vaarten en het Vallaat”.
  • Master de Vrieswei - master De Vries wie ûnderwizer fan 1894 - 1935 en in foaroansteand Rottefalster.
  • Master Dijkstrawei - Master Dijkstra wie fan 1901 - 1934 haad fan de kristlike skoalle op 'e Rottefalle.
  • Master Keuningwei - Master Heine Keuning hat in soad foar it doarp betsjutten. Hy wie Steatelid en Twadde Keamerlid en die war foar it Frysk. Sa stie hy oan de widze fan de twatalige skoalle.
  • Master Kuiperswei - Jan Kuipers wie in bekend persoan dy't fan 1877 - 1916 haad fan de iepenbiere skoalle wie op 'e Rottevalle.
  • Mûnein - leit yn it ferlingde fan de haven en oan de Lits. Is neamd nei de âlde standertmûne dy't hjir earder stie.
  • Muldersplein - Jan Mulders, earder postkantoarhâlder, hat in soad foar it ferieningslibben betsjutten. Hy hat ek jierrenlang wethâlder fan Achtkarspelen west.
  • Mûntsgroppe - Dit is de skieiding tusken Buwe-Kleaster en Eastermar-Wytfean. Is mooglik oanlein troch de mûntsen fan it Buwekleaster yn Achtkarspelen en it kleaster fan Smalle Ie.
  • Nije Buorren - ferbiningswei tusken Buorren en Kompagnonswei.
  • Rydwei - namme waard al yn de 17e ieu brûkt foar it ferlingde fan de Efterwei rjochting Nijtap.
  • Skeanpaad - âld ferbiningspaad tusken de Buorren en Foudenswei.

Iepenbier ferfier

Buslinen fan ferfierder Qbuzz:

Bouwurken

Bylden op 'e Rottefalle

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Rottevalle.