Lispuzel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L robot Erbij: bg:Пъзел, nl:Legpuzzel
L robot Erbij: da:Puslespil
Rigel 19: Rigel 19:


[[bg:Пъзел]]
[[bg:Пъзел]]
[[da:Puslespil]]
[[de:Puzzle]]
[[de:Puzzle]]
[[en:Jigsaw puzzle]]
[[en:Jigsaw puzzle]]

De ferzje fan 25 feb 2007 om 04.41

Ofbyld:Bommel puzzel.jpg

In lispuzel is in yn stikken snien of seage ôfbylding op papier of hout, dy't wer ta ien geheel makke wurde moat. Lispuzels wurde edukatyf brûkt om it observaasjefermogen en de handichheid fan bern te trenen, mar ek as ferdivedaasje foar folwoeksenen.

De Ingelske namme jigsaw puzzle ferwiist nei de figuerseage dy't brûkt waard om de earste lispuzels te meitsjen.

De swierrigensgraad fan in lispuzel hinget ôf fan:

  • it oantal stikjes
  • de foarm fan de stikjes
  • de aard fan de ôfbylding

De foarm fan de stikjes foar in soad lispuzels is sà, dat de stikjes oan sommige siden útsteksels hawwe dy't yn in ynkeping fan in oanbuorjend stikje passe. De patroanen fan dizze útsteksels kinne regelmjittich wêze, mar foar yngewikkelder puzels binne de stikjes ûnregelmjittiger. Yn guon puzels binne alle útsteksels itselde, yn oare puzels binne se allegear ferskillend sadat it yn téory mooglik is om de puzel op te lossen sûnder nei de ôfbylding te sjen. Faaks is it patroan fan in lispuzzel sà dat op alle snijpunten 4 stikjes by elkoar komme: sa'n puzel is snien mei trochrinnende fertikale en horizontale linen. Der binne slimmere lispuzels wêrby't soks net it gefal is; dêr komme de snijlinen net allinnich by inoar yn krusingen mar ek yn T-splitsingen.

Lispuzels binne te krijen fanôf 4 ienfâldich foarme stikjes mei in simpele ôfbylding foar de alderlytste bern, oant knapen fan inkele tûzenen (oant wol 15.000) stikjes wêrop tige yngewikkele en repetitive ôfbyldings steane. It yn elkoar lizzen fan gruttere modellen kin wol dagen oant wiken wurk kostje.

In effektive technyk om gruttere lispuzels te meitsjen is om te begjinnen by de rânen fan de puzel (earst de hoeken teplak), eardat mei de ynfolling begûn wurdt. De ynfolling kin it bêste fan în sydkant ôf dien wurde; en at dit net slagget, kin men it fanôf in oare kant op'en nij besykje. It is ek handich om stikjes mei deselfde kleur by inoar te lizzen.