Galearius: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 49 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q172168 (translate me)
L Ieneach fan 'e Esk moved page Galerius to Galearius: ferfryske
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 9 des 2013 om 22.37

Munt fan Galerius

Galerius, folút Gaius Galerius Valerius Maximianus250 - maaie 311), wie Romeinske keizer fan van 1 maaie 305 oant maaie 311.

Jonge jierren

Galerius wie fan boerekomôf en kaam út Illyrikum. Syn krekte bertedatum is net bekend, mar wurdt skatten op om-ende-by 250, omdat er er al ûnder Aurelianus tsjinne yn it leger. As jongfeint wie Galerius skieppehoeder, krektas syn heit. Hy gong yn it leger en wie soldaat. Fan syn eardere libben foardat er beneamd wurdt ta Caesar is fierders neat bekend. Op 1 maart 293 wurdt er troch Diokletianus ta Caesar beneamd. Hy ferlit syn frou en trout op 'e nij mei Faleria, de dochter fan Diokletianus.

As Caesar fiert Galerius in oantal krigen. Yn 294 fjochtet er yn Egypte, en yn de jierren dernei tsjin de Perzen. Hy slagge deryn har kening Narses in neidielige frede op te lizzen, de Frede fan Nisibis (297). Yn 303 hawwe der yn it Romeinske ryk in soad kristenenferfolgings west dy't nei alle gedachten troch Galerius ynset waarden.

Keizerskip

De bôge fan Galerius yn Thessaloniky.

Op 1 maaie 305 geane keizer Diokletianus en meikeizer Maksimianus ôf en wurdt Diokletianus opfolge troch Galerius en Maksimianus troch Konstantius Klorus. De nije Caesar fan Galerius wurdt syn neef Maksiminus II Daia (in soan fan in suster fan Galerius), en in goede freon fan Galerius Severus II wurdt yn it westen Caesar.

Al gau ûntsteane der problemen yn it ryk as yn 306 Konstantius Klorus komt te stjerren by in fjildtocht tsjin de Pikten yn Brittanje. De opfolging rint folslein oars as de keizers earder ôfpraat hiene as it leger de soan fan Konstantius, Konstantyn de Grutte fuort as keizer ferklearret. Galerius lit dat net samar gewurde en beneamt Severus as keizer yn it westen. Om de boel del te bêdzjen nimt Konstantyn genoegen mei it Caesarskip.

De hiele situaasje wurdt noch yngewikkelder as yn oktober dat jier ek de soan fan de eardere keizer Maksimianus, Maksentius him yllegaal ta keizer ferklearje lit yn de haadstêd Rome. Galerius beweecht Severus der mei in leger op ôf te gean, mar dy syn leger wurdt lykwols troch Maksentius omkocht. Severus naait út en wurdt letter dea makke. Galerius besiket syn dea te wreken, mar dat plan mislearet.

Yn 308 wurdt besletten dat Severus opfolge wurde sil troch Lisinius, in oare freon fan Galerius. Ek Konstantyn en Maksiminus Daia wurde no ta keizer makke. De eardere keizer Maksimianus, dy't op in twadde legitime termyn hope hie, krige dizze net.

Dêrnei docht Galerius it 'rêstich oan'. Hy komt yn maaie 311 op natuerlike wize oan syn ein. Maksiminus II Daia folge him op as keizer yn it easten.

Keppeling om utens