Miguel de Barrios: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L →‎Libben: [[]] oars
Rigel 62: Rigel 62:
[[Kategory:Spaansk dichter]]
[[Kategory:Spaansk dichter]]
[[Kategory:Spaansk toanielskriuwer]]
[[Kategory:Spaansk toanielskriuwer]]
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne]]
[[Kategory:Spaansk skiedkundige]]
[[Kategory:Spaansk skiedkundige]]

De ferzje fan 29 nov 2013 om 17.19

Miguel de Barrios (Hebrieuske namme: Daniel ha-Levi; Montilla, ±1625Amsterdam, febrewaris 1701) wie in Spaanske dichter, toanielskriuwer en histoarikus fan ta it kristendom bekeard Joadsk komôf. Mei't sokke converso's slim te lijen hiene ûnder de Spaanske Ynkwisysje, ûntflechte er al ier syn heitelân en libbe dêrnei yn ferskate oare lannen. Yn 'e Súdlike Nederlannen naam er in hoart lang tsjinst yn it Spaanske leger, mar úteinlik fêstige er him yn Amsterdam, dêr't in grutte mienskip fan Sefardyske Joaden bestie. Barrios wie de bekendste en meast produktive fan 'e Joadsk-Spaanske skriuwers út 'e santjinde ieu. Syn wurken binne foar histoarisy gauris de iennichste boarne fan ynformaasje oangeande de Joadske learden en ynstituten fan syn tiid.

Libben

Miguel de Barrios waard om 1625 hinne berne yn in converso-famylje, yn it Spaanske Montilla. Syn âlden wiene Simon de Barrios (dy't himsels ek wol fan Jacob Levi Caniso neamde) en Sarah Valle. Om oan 'e ferfolging troch de Spaanske Ynkwisysje te ûntkommen, flechte Barrios nei Portegal ta, dêr't er in hoart tahold yn Marialva en ek yn 'e omkriten fan Villa-Flor. Mei't er him yn Portegal likemin feilich fielde, bejoech er him nei Algerije, en letter nei Nice, dat no yn Súd-Frankryk leit, mar dat doedestiden noch in Italjaansktalige stêd wie. In muoike fan sines oan heitekant wie dêr troud mei in Abraham de Torres, dat sadwaande. Langer ferbleau er lykwols yn Livorno, dêr't in oare muoike fan him wenne, dy't mei in Isaac Cohen de Sosa troud wie. Dy beprate him om himsels iepentlik ta joad te ferklearjen.

Koarte tiid letter troude Barrios mei Deborah Vaez, in famyljelid fan syn sweager Eliahu Vaez, út Algerije. It pear besleat om Jeropa en de swierrichheden dy't Joaden dêr hiene efter har te litten, en op 20 july 1660 setten se mei goed 150 oare joaden op in skip ôf nei West-Ynje. Koart nei't se op Tobago oankommen wiene, kaam Deborah lykwols te ferstjerren, en dêrop besleat Barrios om werom te gean nei Jeropa. Hy bedarre yn 'e Súdlike Nederlannen, dy't doedestiden noch yn Spaanske hannen ferkearden. Nei't er him yn Brussel nei wenjen set hie, naam er tsjinst yn it Spaanske leger.

Yn Brussel brocht er guon fan syn lokkichste jierren troch, iroanysk genôch yn it selskip fan 'e Spaanske en Portegeeske eallju dy't him ferachte hawwe soene om syn komôf, as se der fan witten hiene. Al rillegau klom er op ta de rang fan kaptein. Yn 1662 wertroude er mei Abigail, in dochter fan Isaac de Pina. Brussel wie ek wêr't er syn bêste literêre wurken skreau, lykas syn Flor de Apolo ("De Blom fan Apollo"), in bondel dy't û.m. 62 sonnetten en de trije komeedzjes El Canto Junto al Encanto, Pedir Favor al Contrario en El Español en Orán omfette. Fierders risselwearre er om syn magnum opus te skriuwen, in epos oer de Pentateûch, dat er ferdiele woe yn tolve parten, dy't elts oan in oare Jeropeeske hearsker opdroegen wurde soene. Hy woe it Imperio de Dios en la Harmonia del Mundo ("It Ryk Gods yn 'e Harmony fan 'e Wrâld") neame, en wie al gâns in ein hinne mei syn plannen, doe't de pleatslike rie fan warders en rabbinen him der tastimming foar wegere, mei't se bang wiene dat it wurk de wet fan God besmodzgje soe.

Dat wie nei 1674, doe't Barrios de Spaanske tsjinst efter him litten hie en nei Amsterdam ta ferfearn wie, dêr't er him by de folgelingen fan 'e rabbyn Sabbatai Zevi joech. Hy leaude fêst dat de messias op 'e joadske nijjiersdei fan it jier 5435 (1675) ferskine soe. Op it Pesachfeest dat oan dy hjeldei foarôfgie, rekke er ynienen net goed by de holle. Hy fêste fjouwer dagen efterinoar en rekke sa yn 'e minnichte dat foar syn libben freze waard. Pas doe't de foaroansteande rabbyn Jacob Sasportas, dy't er rieplachte hie oangeande Harmonia del Mundo, en by wa't er heech opseach, derby helle waard, koed er derta brocht wurde om wer mei iten te begjinnen, sadat er stadichoan opbettere.

De rest fan syn libben brocht Barrios yn earmoedige omstannichheden troch. Om itende te bliuwen, dichte er lofsangen op 'e rike leden fan 'e Sefardyske mienskip yn Amsterdam, ta sawol blide as drôve gelegenheden, en teffens droech er syn oare gedichten oan harren op. Syn wurken binne faak de iennichste boarnen dy't hjoeddeistige histoarisy fine kinne oangeande Joadske learden, filantropyske ynstituten en religieuze akademys út dy tiid, al is syn ynformaasje net altiten like betrouber, mei't er syn jildsjitters fansels net op 't sear komme woe (it âlde sprekwurd "waans brea men yt, waans wurd men sprekt" yn syn meast letterlike betsjutting). Teffens skreau er skiedkundige wurken, lykas Relación de los Poetas y Escritores Españoles de la Nación Judáica Amstelodana, út 1683, dat oer de Joadske skriftlearden fan Amsterdam giet. Barrios stoar begjin 1701, en waard begroeven njonken syn frou Abigail, dy't al yn 1686 ferstoarn wie. It troch himsels skreaune Spaansktalige grêfskrift wie sa: "Daniel en Abigail Levi binne hjir no fannijs feriene. Leafde ferbûn harren sielen; no ferbynt in stien harren liken. Safolle holden se by libben faninoar, dat se sels nei de dea ien wêze sille".

Wurk

  • 1663 - Flor de Apolo: Dirigida al Ilustrísimo Señor Don Antonio Fernández de Córdoba
    • wêrûnder:
      • 1663 - El Canto Junto al Encanto (komeedzje)
      • 1663 - Pedir Favor al Contrario (komeedzje)
      • 1663 - El Español en Orán (komeedzje)
  • 1665-1667 - Contra la Verdad no ay Fuerca
  • 1670-1674 - Imperio de Dios en la Harmonia del Mundo (ûnfoltôge; mar 127 fersen)
  • 1672 - El Coro de las Musas, Dirigido al Excelentísimo Señor Don Francisco de Melo
  • 1673 - Palacio de la Sabiduría
  • 1673 - Don Sancho
  • 1673 - Sobre la Victoria de Ameixal
  • 1673 - Soledad Fúnebre
  • 1674 - Palacio de la Sabiduría (oanpaste werútjefte)
  • 1674 - Las Poesías Famosas y Comedias
  • 1675 - Metros Nobles
  • 1677 - Mediar Estremos, Decada Primera en Ros Hasana
  • 1679 - Sol de la vida
  • 1679 - Epistolario (omnibusedysje fan Sol de la Vida, Metros Nobles en Soledad Fúnebre)
  • 1680 - Árbol Florido de Noche
  • 1680 - Luna Opulenta de Holanda, en Nubes Que el Amor Manda
  • 1680 - Libre Alvedrio y Harmonia del Cuerpo por Disposición del Alma
  • 1681 - Descripción de Las Islas del Mar Atlántico y de América (Piratas de la America y Luz à la Defensa de las Costas de Indias Occidentales ynbegrepen)
  • 1683 - Triunfo del Gobiemo Popular y de la Antigüedad Holandesa
  • 1683 - Relación de los Poetas y Escritores Españoles de la Nación Judáica Amstelodana
  • 1684 - Casa de Jacob
  • 1686 - Estrella de Iacob Sobre Flores de Lis
  • 1686 - Alegrías o Pinturas Lucientes de Hymeneo
  • 1686 - Bello Monte de Helicona.
  • 1687 - Triumpho Cesareo en la Descripcion Universal de Panonia, y de la Conquista de la Ciudad de Buda
  • 1688 - Historia Real de la Gran Bretaña
  • 1688 - Dios con Nos Otros
  • 1689 - Arbol de la Vida con Raizes de la Ley
  • 168? - Historia Universal Judáica
  • 168? Hetz Jaim (Hayyim), Arbol de las Vidas
  • 16?? Piedra Derribadora de la Sonjada Estatua Desde el Año de 1689 al de 1700 (lêste wurk; ûndatearre)

Barrios yn it Frysk

Teminsten ien gedicht fan Miguel de Barrios is nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertaling fan A la Muerte de Raquel (ferwizend nei de bibelske Rachel, de frou fan 'e aartsfaar Jakob) hat Bruinsma ûnder de titel By de Dea fan Rachel yn 1984 publisearre yn it tydskrift HJIR.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Barrios, Miguel de, By de Dea fan Rachel (oers. Klaas Bruinsma), yn: HJIR, 1984, ôfl. 3, s. 29.


Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Resources en References, op dizze side.