Ferskil tusken ferzjes fan "Stanisław Sosabowski"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
→‎Biografy: Linkfiks
L (Bot: Migrating 19 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q221531)
(→‎Biografy: Linkfiks)
Yn jannewaris 1939 waard Sosabowski kommandant fan in ynfantryrezjymint yn [[Warsjau]]. Op 1 septimber 1939 falle de Dútsers Poalen oan. Sosabowski en syn ynfantryrezjymint fjochtsje by Warsjau tsjin de Dútsers. Foar de ferdigening fan Warsjau krijt er de heechste Poalske militêre ûnderskieding, de Virtuti Militari. Nei't de Dútsers Poalen beset hienen flechte Sosabowski oer [[Tsjechoslowakije]] nei [[Frankryk]]. Nei it ferlies fan Frankryk yn 1940 flechte er nei Grut-Brittanje en waard yn Skotlân stasjonearre. Dêr waard er befelhawwer fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade.
 
Op 17 septimber 1944 begjint de Operaasje Market Garden. Om it minne waar waard it lofttransport fan de Poalske parasjutisten ferskood nei 19 en 21 septimber. De falskermers kamen op ferskillende plakken tusken [[Arnhim]] en [[Nijmegen|Nimwegen]] del. Under Sosabowski syn lieding hienen de Poalen grutte ferliezen en hellen gjin strategyske doelen dy't fan belang wienen foar it sukses fan de operaasje. Troch de Britske generaals waard er - ten ûnrjochte - ferantwurdlik holden foar it mislearjen fan de operaasje en hy moast de militêre tsjinst yn desimber 1944 ferlitte. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] ha der in soad diskusjes west oer syn rehabilitaasje. Yn 2006 krige Sosabowski fan [[Beatrix fan de Nederlannen|Keninginne Beatrix]] postúm de Brûnsen Liuw foar syn moed en dapperens.
 
== Keppelings om utens ==
18.502

bewurkings

Navigaasjemenu