Sint-Lusia: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
L kat + red
L Ieneach fan 'e Esk moved page Sint Lusia to Sint-Lusia: streepke
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 6 nov 2013 om 21.51

Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Saint Lucia
Flagge fan Sint-Lusia Wapen fan Sint-Lusia
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sint-Lusia
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Kastrys
Steatsfoarm Parlemintêre demokrasy
Gebiet
% wetter
620 km²
1,6­%
Ynwenners (2004) 160.000
Munt East-Karibyske dollar (XCD)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 22 febrewaris
Lânkoade LCA
Ynternet .lc
Tillefoan 1758

Sint-Lusia (Ingelsk: Saint Lucia) is in ûnôfhinklike steat binnen it Britske Steatebûn. It leit noardlik fan Sint-Finsint en de Grenadinen en súdlik fan Martinyk.

Skiednis

Foar't de earste Jeropeanen it eilân sjoen hienen, hienen de Arawakyndianen harren hjir om it jier 200 hinne al fêstige. Om 800 hinne kamen de Kariben; hja reagen de Arawaks fan de troan en krigen sa it sizzenskip oer it eilân.

De Frânsen wienen de earste Jeropeanen dy Sint-Lusia kolonisearren. It Frânske regear kaam yn 1660 ta in ferdrach mei de pleatslike befolking. Yn de perioade 1663-1669 krigen de Ingelsken de sizzenskip op it eilân. Nei 14 oarloggen mei Frankryk kaam it yn 1814 definityf ûnder Britsk regear. Sint-Lusia krige 22 febrewaris 1979 ûnôfhinklikens en waard lid fan it Britske Steatebûn.

Geografy

It fulkanyske eilân Sint-Lusia is neffens de oare Karibyske eilannen bercheftiger. It heechste punt is Mount Gimy op 950 meter boppe seenivo. De haadstêd fan Sint-Lusia is Castries, dêr't likernôch in tredde part fan de befolking wennet.

Klimaat

It klimaat is tropysk, it de gemiddelde temperatuer is 26 °C. De jierlikse reinfal sit tusken de 1.500 mm yn it leechlân en 3.500 mm yn it berchgebiet. De reintiid duorret fan maaie oant augustus.

Sint-Lusia leit yn de orkaansône fan it Karibysk gebiet en hat dêrtroch in orkaanseizoen fan juny oant novimber.

Keppeling om utens