Klaudius Goatikus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L +plaatsje
sa better, hooplik
Rigel 4: Rigel 4:


==Libben==
==Libben==
Klaudius syn komôf is ûndúdlik. Nei gedachten waard er berne yn Syrmia (Sirmium; yn Neder-[[Pannoanje]]). Klaudius tsjinne as [[tribún]] ûnder [[Desius]] en [[Falerianus I]], en waard troch de lêste beneamd as oerbefelhawwer yn Illyricum. Hy koe keizer wurde doe't hy tegearre mei [[Aurelianus]] yn septimber 268 in koup belei tsjin keizer [[Gallienus]].
Klaudius syn komôf is ûndúdlik. Nei gedachten waard er berne yn Syrmia (Sirmium; yn Neder-[[Pannoanje]]). Hy tsjinne as [[tribún]] ûnder [[Desius]] en [[Falerianus I]], en waard troch de lêste beneamd as oerbefelhawwer yn Illyricum. Klaudius waard keizer doe't hy tegearre mei [[Aurelianus]] yn septimber 268 in koup belei tsjin keizer [[Gallienus]].


It keizerskip fan Klaudius bestie foar in grut part út oarlochfiere. It begûn allegearre mei in opstân fan it leger yn ''Mediolanum'' ([[Milaan]]) dy't hy allinnich delslaan koe troch de soldaten jild ta te sizzen fan 20 aurei de man.
It keizerskip fan Klaudius hat foar in grut part út oarlochfiere bestean. Syn regear set útein mei in opstân fan it leger yn ''Mediolanum'' ([[Milaan]]) dy't hy allinnich delslaan koe troch de soldaten jild ta te sizzen fan 20 aurei de man. Wylst de Romeinen yn Mediolanum mei-inoar fochten, kamen yn it noarden de [[Allemannen]], in Germaansk folk, oer de [[Brennerpas]] it ryk ynfallen. Yn de lette hjerst fan [[268]] kaam it ta in fjildslach by it [[slach oan it Gardamar|Gardamar]] tsjin de Alemannen. Dêr brocht it leger fan Klaudius harren sa'n ferpletterjende nederlaach ta dat de helte mar fan de tsjinstanner it slachfjild libbend ferlitte koe. Fuort dêrnei moast Klaudius weromkeare nei Rome om't nije swierrichheden yn [[Galje]] syn omtinken fregen.


Klaudius stjoerde syn freon Aurelianus mei troepen nei it suden fan Galje ta. Aurlianus slagge it om de kontreien eastlik fan de [[Rhône]] wer oan it Romeinske Ryk ta te foegjen. Klaudius berrikke yn [[Spanje]] itselde resultaat mei ûnderhandelings. It ferfal fan it ryk koe dêrtroch tydlik opkeard wurde.
Wylst de Romeinen yn Mediolanum mei-inoar fochten, wienen yn it noarden de [[Allemannen]], in Germaansk folk, oer de [[Brennerpas]] it ryk ynfallen. Yn de lette hjerst fan [[268]] wie der in fjildslach by it [[slach oan it Gardamar|Gardamar]]. It leger fan Klaudius brocht de Allemannen sa'n ferpletterjende nederlaach ta dat amper de helte fan de tsjinstanner it slachfjild libben ferlitte koe. Fuort dêrnei moast Klaudius weromkeare nei Rome om't swierrichheden yn [[Galje]] syn omtinken fregen.


Wilens soargen de [[Goaten]] foar grutte problemen op de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]]. Klaudius gie mei syn troepen dêrhinne en helle flakby Marsianopolis in skitterjende oerwinning. Dy oerwinning besoarge him de taheaksel "Goatikus". Lykwols wienen de problemen dêrmei noch net oplost. Nije ynfallen fan de Goaten moasten tsjinhâlden wurden en fierders wie der in soad ûnrêst yn it easten, dêr't Keningin [[Senobia]] fan [[Palmyra]] yn [[269]] de Romeinske gebieten ynfallen wie. Har troepen hiene de seehaven fan Egypte, [[Aleksandrje]], oermastere en dêrmei wie de foar Rome sa wichtige [[nôt]]-oanfier ôfsnien. Dêrnei stjoerde sy har legers nei it noarden ta en oermastere grutte stikken Romeinsk grûngebiet yn [[Asia Minor]] (Turkije). Klaudius, dy't op 'e Balkan genôch te stellen hie mei de Goaten, koe in oarloch yn it easten dernet by hawwe. Hy wie twongen om frede mei har te sluten.
Klaudius stjoerde syn maat Aurelianus mei troepen nei it suden fan Galje en dy slagge it om de kontreien eastlik fan de [[Rhône]] wer oan it Romeinske Ryk ta te foegjen. Mei ûnderhandelings koe Klaudius itselde berikke yn [[Spanje]]. It ferfal fan it ryk koe sawaande tydlik opkeard wurde.


Klaudius hat mei noch mear oarloggen te krijen hawn; der kamen noch ynfallen yn [[Brittanje]], [[Raetia]] en yn [[Pannoanje]] by. Om al dy problemen yn it ryk oan te kinnen, liet Klaudius de striid tsjin de Goaten oer oan Aurelianus en sels gong er nei Sirmium. De pest, dy't de Goaten grutte ferliezen tabrocht hie, briek dêr út yn syn eigen leger. Klaudius rekke sels besmet en ferstoar yn jannewaris [[270]]. Alhoewol't hy mar twa jier keizer west hie, waard syn dea tige betreure troch de Romeinske [[senaat (Rome)|senaat]] en it leger. Dêrom waard er fuortendaliks godlik ferklearre nei syn dea.
Wilens soargen de [[Goaten]] foar grutte problemen op de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]]. Klaudius sette der hinne mei syn troepen en helle flakby Marsianopolis in skitterjende oerwinning. Dat besoarge him de namme "Goatikus". Dêrmei wienen de problemen lykwols net oplost. Nije ynfallen fan de Goaten moasten tsjinhâlden wurden en fierders wie der in soad ûnrêst yn it easten, dêr't Keningin [[Senobia]] fan [[Palmyra]] yn [[269]] de Romeinske gebieten ynfallen wie. Har troepen hiene de seehaven fan Egypte, [[Aleksandrje]], oermastere en dêrmei wie de foar Rome sa wichtige [[nôt]]-oanfier ôfsnien. Dêrnei stjoerde sy har legers nei it noarden ta en oermastere grutte stikken Romeinsk grûngebiet yn [[Asia Minor]] (Turkije). Klaudius, dy't op 'e Balkan genôch te stellen hie mei de Goaten, koe in oarloch yn it easten net tastean. Hy wie twongen om mei har frede te sluten.

Hy krige mei noch mear oarloggen te krijen; der kamen ek ynfallen yn [[Brittanje]], [[Raetia]] en yn [[Pannoanje]]. Om al dizze problemen oan te kinnen, liet Klaudius de striid tsjin de Goaten oer oan Aurelianus en sels gong er nei Sirmium. De pest, dy't de Goaten grutte ferliezen tabrocht hie, briek dêr út yn syn eigen leger. Klaudius rekke sels besmet en ferstoar yn jannewaris fan [[270]]. Alhoewol't hy mar twa jier keizer west hie, waard syn dea tige betreure troch de Romeinske [[senaat (Rome)|senaat]] en it leger. Dêrom waard er fuortendaliks godlik ferklearre.


==Keppeling om utens==
==Keppeling om utens==

De ferzje fan 19 okt 2013 om 21.11

Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Klaudius II, ôfbyld út 268/269

Klaudius Goatikus of Klaudius II (Latyn: Marcus Aurelius Valerius Claudius; 10 maaie 214 - jannewaris 270) wie keizer fan Rome fan 268 oant 270.

Libben

Klaudius syn komôf is ûndúdlik. Nei gedachten waard er berne yn Syrmia (Sirmium; yn Neder-Pannoanje). Hy tsjinne as tribún ûnder Desius en Falerianus I, en waard troch de lêste beneamd as oerbefelhawwer yn Illyricum. Klaudius waard keizer doe't hy tegearre mei Aurelianus yn septimber 268 in koup belei tsjin keizer Gallienus.

It keizerskip fan Klaudius hat foar in grut part út oarlochfiere bestean. Syn regear set útein mei in opstân fan it leger yn Mediolanum (Milaan) dy't hy allinnich delslaan koe troch de soldaten jild ta te sizzen fan 20 aurei de man. Wylst de Romeinen yn Mediolanum mei-inoar fochten, kamen yn it noarden de Allemannen, in Germaansk folk, oer de Brennerpas it ryk ynfallen. Yn de lette hjerst fan 268 kaam it ta in fjildslach by it Gardamar tsjin de Alemannen. Dêr brocht it leger fan Klaudius harren sa'n ferpletterjende nederlaach ta dat de helte mar fan de tsjinstanner it slachfjild libbend ferlitte koe. Fuort dêrnei moast Klaudius weromkeare nei Rome om't nije swierrichheden yn Galje syn omtinken fregen.

Klaudius stjoerde syn freon Aurelianus mei troepen nei it suden fan Galje ta. Aurlianus slagge it om de kontreien eastlik fan de Rhône wer oan it Romeinske Ryk ta te foegjen. Klaudius berrikke yn Spanje itselde resultaat mei ûnderhandelings. It ferfal fan it ryk koe dêrtroch tydlik opkeard wurde.

Wilens soargen de Goaten foar grutte problemen op de Balkan. Klaudius gie mei syn troepen dêrhinne en helle flakby Marsianopolis in skitterjende oerwinning. Dy oerwinning besoarge him de taheaksel "Goatikus". Lykwols wienen de problemen dêrmei noch net oplost. Nije ynfallen fan de Goaten moasten tsjinhâlden wurden en fierders wie der in soad ûnrêst yn it easten, dêr't Keningin Senobia fan Palmyra yn 269 de Romeinske gebieten ynfallen wie. Har troepen hiene de seehaven fan Egypte, Aleksandrje, oermastere en dêrmei wie de foar Rome sa wichtige nôt-oanfier ôfsnien. Dêrnei stjoerde sy har legers nei it noarden ta en oermastere grutte stikken Romeinsk grûngebiet yn Asia Minor (Turkije). Klaudius, dy't op 'e Balkan genôch te stellen hie mei de Goaten, koe in oarloch yn it easten dernet by hawwe. Hy wie twongen om frede mei har te sluten.

Klaudius hat mei noch mear oarloggen te krijen hawn; der kamen noch ynfallen yn Brittanje, Raetia en yn Pannoanje by. Om al dy problemen yn it ryk oan te kinnen, liet Klaudius de striid tsjin de Goaten oer oan Aurelianus en sels gong er nei Sirmium. De pest, dy't de Goaten grutte ferliezen tabrocht hie, briek dêr út yn syn eigen leger. Klaudius rekke sels besmet en ferstoar yn jannewaris 270. Alhoewol't hy mar twa jier keizer west hie, waard syn dea tige betreure troch de Romeinske senaat en it leger. Dêrom waard er fuortendaliks godlik ferklearre nei syn dea.

Keppeling om utens