Gerrit van Houten: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
dien
L + kou
Rigel 16: Rigel 16:
* {{aut|Oosterhoff, T.}} (2002), ''Het dikke hart. Roman.'' Amsterdam: De Bezige Bij
* {{aut|Oosterhoff, T.}} (2002), ''Het dikke hart. Roman.'' Amsterdam: De Bezige Bij


==Keppeling om utens ==
* [http://www.gerritvanhouten.nl/ Gerrit van Houten Stichting]
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{Boarnen|boarnefernijing=
<references/>
<references/>

De ferzje fan 11 okt 2013 om 19.39

Gerrit van Houten
Binnen-Damsterdjip yn Grins (1886)

Gerrit van Houten (Grins, 29 augustus 1866 - Santpoort, 18 jannewaris 1934) wie in Nederlânsk keunstskilder en tekener.

Van Houten kaam út in ferneamde Grinzer houthannelersfamylje. Mear as ien famyljeled wiene ek dwaande mei keunst: heit Hindrik van Houten (1833-1883) wie amateurtekener, muoike Sientje Mesdag-van Houten, suster Alida en nicht Barbara wiene skideressen.
Van Houten krige tekenlessen fan Egenberger oan de Akademy Minerva (1882) en studearre in skoft oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach (1884-1885). Al yn 1882, hy wie doe 15 jier, eksposearre Van Houten in akwarel by it Kunstlievend Genootschap Pictura yn Grins.

Van Houten skildere stillibbens, portretten, stedsgesichten en lânskippen[1] yn in naturalistyske styl mei in ympresjonistyske ynslach. Lânskippen skildere er fral yn de omkriten fan Grins en Almelo, dêr't syn memme famylje wei kaam.
depresjes makken dat syn sûnens hurd efterút gie. Hy waard om 1892 hinne opnaam yn sikehûs 'Oud Meerenberg' yn Santpoort en mocht net mear tekenje en skilderje. Hy rekke wei yn Santpoort en waard beïerdige op it Suderbegraafplak yn Grins.

Gerrit van Houten Stichting

Yn 1945 waard in stichting[2] oprjochte dy't de skilderijen, tekeningen en akwarellen fan Gerrit van Houten beheart. Alle fiif jier jout de stichting de Gerrit van Houten Priis oan jonge keunstners. Sûnt 1972 is de stichting eigner fan de Fraeylemaboarch yn Slochteren, dêr't geregeldwei útstallings organisearre wurde.

Literatuer

  • Houten, Alida van (1940), Gerrit van Houten, zijn levensbeschrijving met reproducties zijner werken. De Haach: Martinus Nijhoff
  • Oosterhoff, T. (2002), Het dikke hart. Roman. Amsterdam: De Bezige Bij

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Het verhaal van Groningen - Gerrit van Houten
  2. Gerrit van Houten Stichting