Michael Jackson: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Michael Jackson in Vegas cropped-2.jpg|thumb|right|Michael Jackson yn 2003]]
[[Ofbyld:Michael Jackson in Vegas cropped-2.jpg|thumb|Jackson yn [[2003]]]]
[[Ofbyld:Michael Jackson 2006.jpg|thumb|right|Michael Jackson mei syn soan Blanket yn [[Disneylân Parys]] yn 2006]]
'''Michael Joseph Jackson''' ([[Gary (Indiana)]], [[29 augustus]] [[1958]]) is in Amerikaanske [[popmuzyk|popsjonger]]. Hy wurdt ta de populêrste sjongers fan de 20e ieu rekkene. Jackson ûnderskate him mei troch syn hege werkenbere [[Kastraat]]eftige sjongstim, syn dûnsen (bygelyks syn 'Moonwalk') en syn grutte muzikaal ferskaat.
'''Michael Joseph Jackson''' ([[Gary (Indiana)]], [[29 augustus]] [[1958]]) is in Amerikaanske [[popmuzyk|popsjonger]]. Hy wurdt ta de populêrste sjongers fan de 20e ieu rekkene. Jackson ûnderskate him mei troch syn hege werkenbere [[Kastraat]]eftige sjongstim, syn dûnsen (bygelyks syn 'Moonwalk') en syn grutte muzikaal ferskaat.



De ferzje fan 10 okt 2013 om 06.13

Jackson yn 2003

Michael Joseph Jackson (Gary (Indiana), 29 augustus 1958) is in Amerikaanske popsjonger. Hy wurdt ta de populêrste sjongers fan de 20e ieu rekkene. Jackson ûnderskate him mei troch syn hege werkenbere Kastraateftige sjongstim, syn dûnsen (bygelyks syn 'Moonwalk') en syn grutte muzikaal ferskaat.

Jackson hat yn syn karriêre 13 Grammy Awards wûn, en hy hie 13 nûmer-1 hits yn syn solo-karriêre. Hy hat 750 miljoen cd's oer de hiele wrâld ferkocht. Jackson stiet yn it Guinness World Records boek as "meast súksesfolle artyst ea".

Libben

Jackson is hikke en tein in de stêd Gary yn de steat Indiana, it is in yndustriëel gebiet en in foarstêd fan Chicago. By him thús wienen se mei njoggen bern, dêr't Jackson de sânde fan wie. Syn mem wie by de Jehova's Tsjûgen. Syn heit hat him geastlik en lichaamlik tramtearre, hy twong syn bern om te sjongen sûnder skoft. De tramtaasjes dy't er as bern krigen hat hawwe him foar de rest fan syn libben skeind.

Jackson stie al as lytse jonge op it poadium mei syn bruorren, as The Jackson 5, mei in kontrakt by Motown. As tsiener, begûn er yn 1971 in solokarriêre. De tachtiger jierren wiene syn toptiid. Hy hie it measte súkses mei it album Thriller, dêr't hast 108 miljoen eksimplaren fan ferkocht binne en dat al mear as 25 jier it bêst ferkochte album ea is. Ek it album 'Bad' wie oeral op de wrâld in súkses.

Letter, doe't syn populêrens ôfnaam, waard hoe lang hoe mear omtinken jûn oan syn aparte hâlden en dragen, bygelyks mei syn kosmetyske operaasjes. It levere him de bynamme 'Wacko Jacko' (nuvere Jack) op. Fan 1993 ôf kaam Jackson hieltyd mear yn it nijs yn ferbân mei ûndersteld ûnseedlik gedrach foar lytse jonges oer. Hy is lykwols nea skuldich achte en nea feroardiele.

Sûnt 2006 wie er yn 'e slach mei in comebackalbum. Dêrfoar soe er gearwurkje mei û.o. Akon, Chris Brown en 50 Cent. Fan dat album wienen der al ferskate nûmers klear foar syn dea, mar de cd hat Jackson net mear sjoen.

Diskografy

Jacksons stjer op de Hollywood Walk of Fame
Albums
  • Got to Be There (1972)
  • Ben (1972)
  • Music and Me (1973)
  • Forever, Michael (1975)
  • Off the Wall (1979)
  • Thriller (1982)
  • Bad (1987)
  • Dangerous (1991)
  • HIStory: Past, Present and Future, Book I (1995)
  • Invincible (2001)

Autobiografyen

  • 1988: Moonwalk
  • 1992: Dancing The Dream
  • 2004: Biography of Michael Jackson

Keppelings om utens