Houston: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Robot: Verplaatsing van 1 interwikilinks. Deze staan nu op Wikidata onder d:q16555
L oanf
Rigel 1: Rigel 1:
{{Stêd mei flagge|
[[Ofbyld:Houston montage.jpg|thumb|250px|Wolkekliuwers yn it sintrum]]
Ofbyld= [[File:Houston montage.jpg|300px]] |
'''Houston''' is de grutste stêd fan [[Texas]] en de fjirdgrutste stêd fan de [[Feriene Steaten]] oan de [[Golf fan Meksiko]]. Der wenje sa'n 2 miljoen minsken (2008).
Flagge= [[File:Flag of Houston, Texas.svg|125px]] |
Wapen= [[File:Seal of Houston, Texas.png|60px]] |
Ynwennertal= 2.160.821 <small>(2012)</small>|
Oerflak= 1.625,2 km² <small>(ynkl. wetter)</small><br> 1.552,9 km² <small>(allinnich lân)</small>|
Befolkingstichtens= 1.505 / km² |
Stêdekloft= 6.177.035 <small>(2012)</small> |
Hichte= 13 m |
Lân= [[Ofbyld:flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten]] |
Bestj. ienh. 1= Steat |
Namme bestj. ienh. 1= [[Teksas]] |
Bestj. ienh. 2= County |
Namme bestj. ienh. 2= [[Harris County (Teksas)|Harris County]], <br>[[Fort Bend County (Teksas)|Fort Bend County]], <br>[[Montgomery County (Teksas)|Montgomery County]] |
Stifting= 1836 |
Tiidsône= [[UTC]]-6 |
Simmertiid= UTC-5 |
Koördinaten= 29°45′46″N 95°22′59″W|
Webside= [http://www.houstontx.gov/ www.houstontx.gov]|
}}
[[File:Harris County Houston.svg|left|thumb|250px|De lizzing fan Houston yn 'e steat [[Teksas]].]]
[[File:Houston Ship Channel.jpg|left|thumb|250px|De haven fan Houston, oan it ''[[Houston Ship Channel]]''.]]
[[File:JPMorgan Chase Tower, Houston, Texas.jpg|left|thumb|200px|De ''[[J.P. Morgan Chase Tower]]'' is it heechste gebou fan [[Teksas]].]]
'''Houston''' (útspr.: /ˈhju:stən/) is de grutste stêd yn 'e [[Amerikaanske steaten|Amerikaanske steat]] [[Teksas]] en de op trije nei grutste stêd fan 'e hiele [[Feriene Steaten]], nei [[New York (stêd)|New York]], [[Los Angeles]] en [[Chicago]]. Neffens in offisjele skatting út [[2012]] hie Houston doe rom 2,1 miljoen ynwenners, wylst de stêdekloft mei Houston as sintrum mei-inoar op in befolking fan krapoan 6,2 miljoen minsken útkaam. De stêd, dy't it haadplak fan [[Harris County (Teksas)|Harris County]] is, en ek dielen fan [[Fort Bend County (Teksas)|Fort Bend County]] en [[Montgomery County (Teksas)|Montgomery County]] beslacht, leit in eintsje fan 'e kust ôf, mar wurdt mei de [[Golf fan Meksiko]] ferbûn troch it 80 km lange ''[[Houston Ship Channel]]''. Houston is it sintrum fan 'e Teksaanske [[ierdoalje|oalje]]yndustry, mar is ek bekend om't it ''Mission Control Center'' fan 'e Amerikaanske [[romtefeart]]organisaasje [[NASA]] der fêstige is.


== Skiednis ==
==Skiednis==
Yn augustus 1836 waard de stêd stifte troch twa makelders út [[New York City|New York]]. Yn 1901 waard der yn de omkriten fan Housten oalje fûn. Presidint [[Theodore Roosevelt]] jout ien miljoen [[dollar]] foar de bou fan it ''Houston Ship Channel'', om sa de Amerikaanske oaljeyndustry better syn gerak te jaan. [[Woodrow Wilson]] iepene yn 1914 de nije haven fan Houston.
Yn it neijier fan [[1836]] waard Houston stifte troch twa makelders út [[New York (steat)|New York]], de bruorren [[Augustus Chapman Allen]] en [[John Kirby Allen]], dy't it nije plak ferneamden nei de doetiidske Teksaanske presidint [[Sam Houston]], deselde dy't yn augustus fan dat jier de [[Meksiko|Meksikanen]] ferslein hie yn 'e [[Slach oan de San Jacinto]], wêrmei't er de [[Teksaanske Unôfhinklikensoarloch]] wûn hie. In jier letter, yn [[1837]], krige Houston de status fan [[stêd]].


Tsjin [[1860]] hie Houston him ûntjûn ta in hannelssintrum en spoarknooppunt foar de [[útfier]] fan [[katoen]]. Under de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] wie de stêd it haadkertier fan ien fan 'e westlikste legers fan 'e [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Súdliken]], ûnder generaal [[John B. Magruder]], dy't syn troepen der reemakke foar de [[Slach om Galveston]]. Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard der besocht om 'e ''[[bayou|bayou's]]'' dy't Houston mei de see ferbûnen, út te baggerjen, mar pas yn [[1902]] waard yn opdracht fan presidint [[Theodore Roosevelt]] foar ien miljoen [[dollar]] it ''[[Houston Ship Channel]]'', in [[kanaal]] foar seeskippen, nei de stêd ta oanlein. Dat wie nei't yn [[1900]] de konkurrearjende haven fan [[Galveston (Teksas)|Galveston]] troch in [[orkaan]] ferwuostge wie, en nei't der yn [[1901]] [[ierdoalje|oalje]] yn 'e omkriten fan Housten fûn wie.
{{Koördinaten|29_40_0_N_95_18_0_W_type:city(2012626)_region:US-TX|29°&nbsp;40'&nbsp;NB, 95°&nbsp;18'&nbsp;WL}}

Houston ûntjoech him dêrnei ta it sintrum fan 'e Teksaanske oaljeyndustry. Tsjin [[1910]] wie de befolking suver ferdûbele ta krapoan 79.000 minsken. Yn [[1914]] iepene presidint [[Woodrow Wilson]] de nije haven fan Houston, dêr't sân jier oan wurke wie, en dy't bedoeld wie om 'e oaljeyndustry better syn gerak te jaan. Tsjin [[1930]] wie Houston de grutste stêd fan Teksas wurden, mei rom 290.000 ynwenners, wêrfan't hast in fearn bestie út [[Afro-Amerikanen]]. Yn [[1948]] anneksearre de stêd ferskate omlizzende kriten om fierder útwreidzje te kinnen.

Nei't der yn 'e fyftiger jierren betelbere ''[[air conditioning]]'' beskikber kaam, wie dat foar in protte bedriuwen in triuwke yn 'e rêch om har yn Houston te fêstigjen, wat foar nije [[ekonomy]]ske groei soarge. Yn [[1961]] iepene de [[NASA]] syn ''[[Christopher C. Kraft Jr. Mission Control Center|Mission Control Center]]'' yn 'e stêd, en dat makke dat in protte taleveringsbedriuwen fan [[romtefeart]]technology har ek yn Houston fêstigen. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren santich fûn der in ynfluks fan migranten plak út 'e saneamde [[Roastgurdle]], de âlde stielyndustrystêden fan it noarden, dêr't troch meganisearring en automatisearring fan fabrikaazje, en troch konkurrinsje fan benammen [[Japan]]ske bedriuwen grutte wurkleazens ûntstien wie.

Yn 'e jierren tachtich rekke it mei de Houstonske ekonomy yn it neigean doe't de oaljeprizen sterk omleech giene, wylst it nei de [[Challenger-ramp|ramp mei de ''space shuttle'' ''Challenger'']], yn [[1986]] (wêrby't dy koart nei it opstigen útinoar spatte), ek minder gie mei de romtefeartsektor. Sûnt de iere jierren njoggentich die it stedsbestjoer der sadwaande alles oan om 'e ôfhinklikheid fan 'e pleatslike ekonomy fan dy beide sektoaren te ferminderjen. Yn [[1997]] waard [[Lee P. Brown]] as earste Afro-Amerikaan ta boargemaster fan 'e stêd keazen.

Yn juny [[2001]] waarden de slimste oerstreamings yn 'e skiednis fan Houston feroarsake troch de [[tropyske stoarm Allison]], dy't wol 1.000 mm rein oer de stêd útstoarte. De skea rûn yn 'e miljarden en der wiene 20 deaden te betreurjen. Yn augustus [[2005]] waarden mear as 150.000 minsken út [[New Orleans]], dy't evakuëarre wiene út it paad fan 'e [[orkaan Katrina]], opfongen yn Houston, benammen yn it oerdutsen sportstadium de ''[[Astrodome]]''. Ien moanne letter, doe't de [[orkaan Rita]] neieroan kaam, moasten út Houston sels (en omlizzende kriten) 2½ miljoen minsken evakuëarre wurde (wat de grutste evakuaasje wie út 'e Amerikaanske skiednis), mar aldergeloks rjochte Rita net in protte skea oan.

==Klimaat==
Houston hat in fochtich subtropysk [[klimaat]], mei [[simmer]]deis in [[temperatuer]] dy't yn trochsneed 99 dagen boppe de 32° C útkomt, en dy't teminsten 3 dagen boppe de 38° C leit. Troch de hege luchtfochtichheidsgraad fielt it lykwols noch in stik waarmer oan as dat it eins is. De [[winter]]s binne yn Houston myld. De kâldste temperatuer dy't ea yn 'e stêd fêstlein is, wie -15° C, mar yn 'e regel komt it kwik net ûnder 6° C (boppe it friespunt).

{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Houston ''References'' en ''Further Reading'', op dizze side].
}}


{{commons|Houston}}
{{commons|Houston}}

{{Koördinaten|29_45_46_N_95_22_59_W_type:city(2012626)_region:US-TX|29°&nbsp;45'&nbsp;46″NB, 95°&nbsp;22'&nbsp;59″WL}}


[[Kategory:Plak yn Teksas]]
[[Kategory:Plak yn Teksas]]

De ferzje fan 8 okt 2013 om 23.10

Houston
Flagge Wapen
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
County Harris County,
Fort Bend County,
Montgomery County
Sifers
Ynwennertal 2.160.821 (2012)
Oerflak 1.625,2 km² (ynkl. wetter)
1.552,9 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 1.505 / km²
Stêdekloft 6.177.035 (2012)
Hichte 13 m
Oar
Stifting 1836
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 29°45′46″N 95°22′59″W
Webside www.houstontx.gov
De lizzing fan Houston yn 'e steat Teksas.
De haven fan Houston, oan it Houston Ship Channel.
De J.P. Morgan Chase Tower is it heechste gebou fan Teksas.

Houston (útspr.: /ˈhju:stən/) is de grutste stêd yn 'e Amerikaanske steat Teksas en de op trije nei grutste stêd fan 'e hiele Feriene Steaten, nei New York, Los Angeles en Chicago. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Houston doe rom 2,1 miljoen ynwenners, wylst de stêdekloft mei Houston as sintrum mei-inoar op in befolking fan krapoan 6,2 miljoen minsken útkaam. De stêd, dy't it haadplak fan Harris County is, en ek dielen fan Fort Bend County en Montgomery County beslacht, leit in eintsje fan 'e kust ôf, mar wurdt mei de Golf fan Meksiko ferbûn troch it 80 km lange Houston Ship Channel. Houston is it sintrum fan 'e Teksaanske oaljeyndustry, mar is ek bekend om't it Mission Control Center fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA der fêstige is.

Skiednis

Yn it neijier fan 1836 waard Houston stifte troch twa makelders út New York, de bruorren Augustus Chapman Allen en John Kirby Allen, dy't it nije plak ferneamden nei de doetiidske Teksaanske presidint Sam Houston, deselde dy't yn augustus fan dat jier de Meksikanen ferslein hie yn 'e Slach oan de San Jacinto, wêrmei't er de Teksaanske Unôfhinklikensoarloch wûn hie. In jier letter, yn 1837, krige Houston de status fan stêd.

Tsjin 1860 hie Houston him ûntjûn ta in hannelssintrum en spoarknooppunt foar de útfier fan katoen. Under de Amerikaanske Boargeroarloch wie de stêd it haadkertier fan ien fan 'e westlikste legers fan 'e Súdliken, ûnder generaal John B. Magruder, dy't syn troepen der reemakke foar de Slach om Galveston. Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard der besocht om 'e bayou's dy't Houston mei de see ferbûnen, út te baggerjen, mar pas yn 1902 waard yn opdracht fan presidint Theodore Roosevelt foar ien miljoen dollar it Houston Ship Channel, in kanaal foar seeskippen, nei de stêd ta oanlein. Dat wie nei't yn 1900 de konkurrearjende haven fan Galveston troch in orkaan ferwuostge wie, en nei't der yn 1901 oalje yn 'e omkriten fan Housten fûn wie.

Houston ûntjoech him dêrnei ta it sintrum fan 'e Teksaanske oaljeyndustry. Tsjin 1910 wie de befolking suver ferdûbele ta krapoan 79.000 minsken. Yn 1914 iepene presidint Woodrow Wilson de nije haven fan Houston, dêr't sân jier oan wurke wie, en dy't bedoeld wie om 'e oaljeyndustry better syn gerak te jaan. Tsjin 1930 wie Houston de grutste stêd fan Teksas wurden, mei rom 290.000 ynwenners, wêrfan't hast in fearn bestie út Afro-Amerikanen. Yn 1948 anneksearre de stêd ferskate omlizzende kriten om fierder útwreidzje te kinnen.

Nei't der yn 'e fyftiger jierren betelbere air conditioning beskikber kaam, wie dat foar in protte bedriuwen in triuwke yn 'e rêch om har yn Houston te fêstigjen, wat foar nije ekonomyske groei soarge. Yn 1961 iepene de NASA syn Mission Control Center yn 'e stêd, en dat makke dat in protte taleveringsbedriuwen fan romtefearttechnology har ek yn Houston fêstigen. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren santich fûn der in ynfluks fan migranten plak út 'e saneamde Roastgurdle, de âlde stielyndustrystêden fan it noarden, dêr't troch meganisearring en automatisearring fan fabrikaazje, en troch konkurrinsje fan benammen Japanske bedriuwen grutte wurkleazens ûntstien wie.

Yn 'e jierren tachtich rekke it mei de Houstonske ekonomy yn it neigean doe't de oaljeprizen sterk omleech giene, wylst it nei de ramp mei de space shuttle Challenger, yn 1986 (wêrby't dy koart nei it opstigen útinoar spatte), ek minder gie mei de romtefeartsektor. Sûnt de iere jierren njoggentich die it stedsbestjoer der sadwaande alles oan om 'e ôfhinklikheid fan 'e pleatslike ekonomy fan dy beide sektoaren te ferminderjen. Yn 1997 waard Lee P. Brown as earste Afro-Amerikaan ta boargemaster fan 'e stêd keazen.

Yn juny 2001 waarden de slimste oerstreamings yn 'e skiednis fan Houston feroarsake troch de tropyske stoarm Allison, dy't wol 1.000 mm rein oer de stêd útstoarte. De skea rûn yn 'e miljarden en der wiene 20 deaden te betreurjen. Yn augustus 2005 waarden mear as 150.000 minsken út New Orleans, dy't evakuëarre wiene út it paad fan 'e orkaan Katrina, opfongen yn Houston, benammen yn it oerdutsen sportstadium de Astrodome. Ien moanne letter, doe't de orkaan Rita neieroan kaam, moasten út Houston sels (en omlizzende kriten) 2½ miljoen minsken evakuëarre wurde (wat de grutste evakuaasje wie út 'e Amerikaanske skiednis), mar aldergeloks rjochte Rita net in protte skea oan.

Klimaat

Houston hat in fochtich subtropysk klimaat, mei simmerdeis in temperatuer dy't yn trochsneed 99 dagen boppe de 32° C útkomt, en dy't teminsten 3 dagen boppe de 38° C leit. Troch de hege luchtfochtichheidsgraad fielt it lykwols noch in stik waarmer oan as dat it eins is. De winters binne yn Houston myld. De kâldste temperatuer dy't ea yn 'e stêd fêstlein is, wie -15° C, mar yn 'e regel komt it kwik net ûnder 6° C (boppe it friespunt).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Houston