SC It Hearrenfean: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 144: Rigel 144:
Yn de KNVB-beker wurdt de klup al ier útskeakele, yn de achtste finales is PSV yn it Abe Lenstra stadion te sterk.
Yn de KNVB-beker wurdt de klup al ier útskeakele, yn de achtste finales is PSV yn it Abe Lenstra stadion te sterk.


=== Reorganisaasje (2010 - no) ===
=== Reorganisaasje (2010 - 2013) ===
Op [[12 maart]] 2010 makke [[Bart van der Meer]] as foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen bekend dat der yn de simmer nei in nije foarsitter socht wurde sil. It wie de bedoeling dat de direksjeleden Yme Kuiper, Henk Hoekstra en Jan van Erve ûnder dizze nije foarsitter wurke soene.<ref>[http://www.voetbalzone.nl/doc.asp?uid=99927 Heerenveen zoekt nieuwe voorzitter; Van der Velde stopt als commissaris], Voetbalzone.nl (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> De organisaasje fan de klup waard foar in grut part feroare. Foar it earst sûnt it fuort gean fan foarsitter Koos Formsma kaam der wer ien foarsitter, ynstee fan trije ferskate einferantwurdliken. Dêrnjonken waard der yn de namme fan [[Johan Hansma]] foar it earst yn de klupskiednis in technysk direkteur oansteld. Op 26 maaie 2010 waard bekendmakke dat de nije foarsitter de skoalbestjoerder [[Robert Veenstra]] wurdt, op 1 augustus 2010 is hy begûn.<ref>[http://www1.omropfryslan.nl/69827/Geskikt-om-klup-te-lieden.aspx 'Geskikt om klup te lieden'] Omrop Fryslân (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Oars as de bedoeling wie bleaun fan de eardere bestjoersleden allinnich Jan van Erve oan. Earder al wie bekend makke dat [[Ron Jans]] fan it seizoen 2010/2011 ôf de nije trener fan de klup waard.
It getonger yn it seizoen 2009/2010 liet in swiere perioade foar de klup yn. Op [[12 maart]] 2010 makke [[Bart van der Meer]] as foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen bekend dat der in nije direksjestruktuer komme sil. <ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/nieuws/sc-heerenveen-zoekt-nieuwe-voorzitter/10 sc Heerenveen zoekt nieuwe voorzitter], sc-Heerenveen.nl (sjoen op 7 septimber 2013)</ref><ref>[http://www.voetbalzone.nl/doc.asp?uid=99927 Heerenveen zoekt nieuwe voorzitter; Van der Velde stopt als commissaris], Voetbalzone.nl (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Yn de simmer soe der nei in nije foarsitter socht wurde dy't leiding jaan moat oan de direksjeleden Yme Kuiper, Henk Hoekstra en Jan van Erve. De organisaasje fan de klup waard foar in grut part feroare. Foar it earst sûnt it fuort gean fan foarsitter Koos Formsma kaam der wer ien foarsitter, ynstee fan trije ferskate einferantwurdliken. Dêrnjonken waard der yn de namme fan [[Johan Hansma]] foar it earst yn de klupskiednis in technysk direkteur oansteld. Ek de Rie fan Kommissarissen sels gie oer de kop. It wie de bedoeling dat tusken 2010 en 2012 fiif fan de seis kommissarissen ferfongen waarden, allinnich Theun van der Meulen koe sitten bliuwe. Riemer van der Velde, ien fan de kommissarissen, stapte fuortendaliks op.


Op 26 maaie 2010 waard bekend makke dat de nije foarsitter de skoalbestjoerder [[Robert Veenstra]] wurdt, op [[1 augustus]] [[2010]] begûn hy mei syn wurksumheden.<ref>[http://www1.omropfryslan.nl/69827/Geskikt-om-klup-te-lieden.aspx 'Geskikt om klup te lieden'] Omrop Fryslân (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Oars as de bedoeling wie bleaun fan de eardere bestjoersleden allinnich Jan van Erve oan. Earder al wie bekend makke dat [[Ron Jans]] fan it seizoen 2010/2011 ôf de nije trener fan de klup waard.
Yn oktober makket Robert Veenstra bekend dat SK It Hearrenfean oer it boekingsjier 2009/2010 in ferlies fan 14,9 miljoen euro makke. Mei troch dizze rissultaten is ôfsjoen fan ferbou fan it Abe Lenstra Stadion.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=52303 Heerenveen breidt stadion nog niet uit], Friesch Dagblad.nl (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Ek it tal kontraktspilers moat werom brocht wurde om de sitewaasje te kearen. Hjir wie oan de ein fan it seizoen 2009/2010 al in begjin mei makke troch ofskied te nimmen fan tolve spilers, wêrûnder [[Gerald Sibon]], [[Paule Henrique]] en [[Michael Dingsdag]]. It tal kontraktspilers sil yn de takomst noch fierder werombrocht wurde.

Yn oktober 2010 waard by de presentaazje fan de jiersifers bekend dat SK It Hearrenfean oer it boekingsjier 2009/2010 in ferlies fan 14,9 miljoen euro lieden hat. Mei troch dizze rissultaten is ôfsjoen fan ferbou fan it Abe Lenstra Stadion.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=52303 Heerenveen breidt stadion nog niet uit], Friesch Dagblad.nl (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Ek it tal kontraktspilers moast om dizze reden werom brocht wurde om de sitewaasje te kearen. Hjir wie oan de ein fan it seizoen 2009/2010 al in begjin mei makke troch ofskied te nimmen fan tolve spilers, wêrûnder [[Gerald Sibon]], [[Paulo Henrique]] en [[Michael Dingsdag]]. It tal kontraktspilers moast yn de takomst noch fierder werombrocht wurde.

Lykas it seizoen derfoar wie ek it fuotbalseizoen 2010/2011 teloarstellend foar It Hearrenfean. Under lieding fan de nije trener Ron Jans, dy't Jan Everse opfolge hat, waard it seizoen ôfsletten mei in 12e plak. Ek yn de KNVB Beker waard min presteart, al yn de earste wedstriid yn it toernoai wurdt thús mei 0-2 fan [[NAC Breda]] ferlearn.

It twadde seizoen ûnder lieding fan Ron Jans, 2011/2012, ferrûn in stik better mei in fiifde plak yn de kompetysje en it beheljen fan de heale finale fan de KNVB Beker. Benammen it spel fan de oanfallers, [[Luciano Narsingh]], [[Bas Dost]] en [[Oussama Assaidi]], foelen op. Alle trije spilers ferlieten nei it seizoen de klup foar in stap hegerop (Narsingh nei PSV, Dost nei VFL Wolfsburg en Assaidi nei FC Liverpool). Rjochtsfoar Narsingh wurdt troch bûnscoach [[Bert van Marwijk]] sels selekteart foar it Nederlânsk alvetal en is ien fan de spilers dy't mei gie nei it Europeesk Kampioenskip fuotbal yn [[Poalen]] en [[Oekraïne]].

Nettsjinsteande de resultaten waard al op [[5 jannewaris]] [[2012]] bekend makke dat it kontrakt fan trener Ron Jans, dat nei it seizoen ôfrûn, net ferlingd waard.<ref>[http://nos.nl/artikel/328088-jans-en-heerenveen-verlengen-niet.html Jans en Heerenveen verlengen niet] NOS.nl (sjoen op 7 septimber 2013)</ref> Ynstee dêrfan waard in moanne letter bekend dat [[Marco van Basten]] de nije trener fan de klup waard.<ref>[http://www.nrc.nl/nieuws/2012/02/13/van-basten-trainer-heerenveen/ Van Basten nieuwe trainer Heerenveen], NRC.nl (sjoen op 7 septimber 2013)</ref>


==Earste âlvetal==
==Earste âlvetal==

De ferzje fan 7 sep 2013 om 04.06

Sportklub It Hearrenfean
Sportclub Heerenveen
It Abe Lenstra Stadion
It Abe Lenstra Stadion
Oprjochte 20 july 1920
Plak It Hearrenfean
Stadion Abe Lenstra Stadion
Kapasiteit 26.100
Foarsitter Gaston Sporre (interim)
Trener Marco van Basten
Kompetysje Earedivyzje
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

Sportklup It Hearrenfean (Sportclub Heerenveen, faak ôfkoarte ta sc Heerenveen) is in Fryske profesjonele fuotbalklup fêstige op It Hearrenfean, útkommend yn de earedivyzje. Ek hat de klup in profesjoneel frouljusalvetal dat aktyf is yn de Earedivyzje foar froulju.

De klup is de fêste bespiler fan it Abe Lenstra stadion. Thúswedstriden fan SK It Hearrenfean begjinne tradisjoneel altyd mei it Frysk folksliet. SK It Hearrenfean hat har ûnder it bewâld fan Riemer van der Velde, dy't yn 1983 foarsitter fan de klip waard, en Foppe de Haan ûntwikkele as in stabile subtopper yn it Nederlânske proffuotbal. Sûnt 1994 hat de klup elts jier yn de Earedivyzje spile.

De fuotbalklup waard stifte yn 1920 en krige yn 1970 in ôfsplitsing tusken de profs en de amateurs. De amateurferiening is fierder gien ûnder de namme FF It Hearrenfean. Inkele hichtepunten yn de skiednis fan de klup binne de njoggen noardlike kampioenskippen tusken 1941 en 1951 yn de tiid fan it alvetal mei Abe Lenstra, it beheljen fan de Champions League yn 2000 en it winnen fan de KNFB beker yn 2009.

Skiednis

Stifting

De fuotbalklup SK It Hearrenfean, sa't dy't no bestiet, is ûntstien út de gymnastykferiening Athleta. Dy feriening waard op 22 juny 1919 stifte as protest tsjin de fúzje fan de gymnastykferienings Friso en Tyr nei FTC (Friso en Tyr Combinatie). Inkele leden wienen it net mei de fúzje iens en besletten ta it stiften fan in nije gymnastykferiening. Dy gymnastykferiening feroare al gau yn in fuotbalklup.

De stiftingsdatum fan It Hearrenfean, 20 july 1920, komt fan it stuit dat ek de skoaljonges fan de HBS yn de fuotbalklup opnaam waarden. Yn 1921 waard de namme Athleta feroare ta Spartaan. Ek dizze namme hat de klup net lang hân. Yn 1922 is de namme troch it Nederlânske Fuotbalbûn (NFB) wizige nei v.v. Heerenveen. Sûnt 1977, doe't de klup him opsplitste yn in amateur- en in profôfdieling is de namme sc Heerenveen.

De begjinjierren (1920 - 1937)

De klup spile foar it earst yn kompetysjeferbân yn 1922; dat wie yn de 1e klasse fan it Fryske Fuotbalbûn (FFB). Dat seizoen waard de ploech fuort kampioen en promovearre nei de 3e klasse fan it Nederlânske Fuotbalbûn. Ek in jier letter waard de ploech kampioen en waard der promovearre nei de 2e klasse NFB.

It earste jier yn de twadde klasse wie net best. Der waarden mar twa punten helle. Ek yn de degradaasjewedstriden einige SK It Hearrenfean ûnderoan, mar it bestjoer wist it bûn der fan te wjerhâlden de klup tebek te sette nei de tredde klasse troch te stellen dat de prestaasjes fan de twadde en tredde ploech tige goed wienen. De bûn joech ta en liet It Hearrenfean yn de twadde klasse spylje. Twa jier letter, yn it seizoen 1927/1928 helle de klup sels mar ien punt. Mar trochdat it bûn de neikompetysje te grut makke hie en it dizze kompetysje heal juny stop sette moast degradearre de klup net.

Yn 1931 fûn de klup it paad omheech. Yn it seizoen 1931/1932 waard de ploech twadde. In prestaasje dy't de klup ek de twa jier derop behelle. Yn 1934/1935 waard de klup tredde, mar in seizoen letter wie it dan sa fier, it kampioenskip yn de 2e klasse fan de NFB waard helle, wêrtroch der yn de neikompetysje stride wurden mocht om promoasje nei de 1e klasse. De promoasje waard net helle, mar dúdlik wie al wol dat it wolris wat wurde koe fan de ploech út It Hearrenfean.

In jier letter, yn it seizoen 1936/1937 kaam de klup wol yn de 1e klasse NFB terjochte, dy't op dat stuit it heechste fuotbalnivo yn Nederlân wie. Mei spilers as Abe Lenstra, Jan Lenstra en Henny Jonkman al yn de seleksje, waard de ploech op 'e nij earste yn de 2e klasse. Wer waard der fuotballe om promoasje yn de neikompetysje. Dizze kear waard de klup wol earste yn de promoasjekompetysje troch WVV en Friesland efter harren te hâlden. Foar it earst yn de skiednis mocht de klup op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân útkomme; efternei lette de promoasje in gloarjeperioade fan de klup yn.

Gloarjetiid (1938 - 1953)

Byld fan Abe Lenstra foar de yngong fan it nei him ferneamde Abe Lenstra Stadion.

It earste jier fan de Feansters op it heechste nivo fan Nederlân wie lêstich; It Hearrenfean waard njoggende yn in klasse fan alve klups. Dat wie lykwols al genôch om op it heechste nivo te bliuwen. De klup helle ûnder oare in kreaze oerwinning op de topklup Be Quick, út Grins. It jier derop wie al in stik better, It Fean waard tredde, trije punten efter de kampioen fan dat jier, Achilles.

Yn it nije jier, it seizoen 1939/1940 kaam der in nije trener foar de ploech te stean, Anton Dalhuysen. Dalhuysen spile in wichtige rol yn de neikommende jierren fan SK It Hearrenfean. Troch it begjin fan de Twadde Wrâldkriich koenen de klups yn de kompetysje net fan de hiele seleksje gebrûk meitsje. It bûn besleat om in need-kompetysje te begjinnen, dêr't net by promovearre of degradearre wurde koe. Yn de maitiid fan 1940 waard de kompetysje stillein. Letter waard der wol wer úteinset mei de kompetysje, mar net alle klups hawwe de kompetysje ôfmakke. It seizoen 1940/1941 waard der wol wer in offisjele kompetysje spile; It Fean eindige yn de middenmoat, as fiifde.

Yn fuotbaljiergong 1941/1942 kamen de kwaliteiten fan de jonge ploech nei boppen. Al trije wedstriden foar de ein fan de kompetysje wie dúdlik dat it Hearrenfean kampioen wie; yn hiel de kompetysje waard der mar ien wedstriid ferlern. Kampioen yn de 1e klasse betsjutte dat der spile wurde mocht om it kampioenskip fan Nederlân. Yn dy kampioenskipskompetysje koe de ploech net dwaan wat yn de kompetysje al woe, It Fean waard lêste yn de poel fan fiif.

Ek yn de jierren dêrnei waard It Fean kampioen. Doe't yn 1945 Anton Dalhuysen fuort rekke waard hy koart opfolge troch Otto Bonsema, mar dat wie net in súkses. Noch dat selde seizoen, 1945/1946 kaam Abe Lenstra foar de groep te stean. Under Lenstra slagge de ploech der dochs wer yn kampioen te wurden. Lenstra waard yn 1947 opfolge troch Piet van der Munnik.

It kampioenskip yn de earste klasse waard yn totaal njoggen kear behelle, allegear efter elkoar, tusken 1941 en 1951 (it seizoen 1944/1945 is om de oarloch nea spile).

Kampioen fan Nederlân is de klup nea wurden. Wol wie de ploech der twa kear tichtby. By it kampioenskip fan 1947 waard It Hearrenfean twadde, trije punten efter kampioen Ajax. In jier letter wie it noch spannender: Mei noch twa wedstriden te gean stie It Fean twa punten foar op BVV, út De Bosk, mei de útwedstriid tsjin BVV noch op it program. Uteinlik waard dy wedstriid ferlern mei 3-1. Dochs koe de ploech noch kampioen wurde, as de lêste wedstriid út wûn waard fan Go Ahead út Dimter. Safier kaam it lykwols net; Go Ahead wie mei 2-0 te sterk en It Fean waard wer gjin kampioen.

Yn de jierren nei 1947, oant 1951 ta, waard It Fean noch wol sljocht kampioen yn de 1e klasse, mar yn de úteinlike kampioenskipskompetysje kaam de ploech alle kearen wer te koart om in wichtige tsjinstanner te wêzen.

Yn 1952 wie it dien mei it oerwicht fan de Feansters. Troch in nije yndieling fan de kompetysje waard it allegear swierder. Spilers as Sietse van der Laan en Jan Bosscha stoppen en fan oare spilers rûn de fuotbalkarriêre op it ein.

Ferneamde spilers út dizze perioade wienen: Abe Lenstra, Jan Lenstra, Wim Molenaar, Henny Jonkman, Jan Bosscha, Sietse Bosscha, Sietze de Jong, Sietze van der Laan, Tieme Veenstra, Jaap (Mollo) de Jong, Gerben Hofma en Marten Brandsma.

Ynfier fan it betelle fuotbal (1954 - 1963)

Mei de komst fan it betelle fuotbal begûn in ûnrêstige perioade foar It Hearrenfean. Binnen de klup wienen der grutte ferskillen yn de miening oer betelle fuotbal; benammen it bestjoer wie fûl tsjin it betelle fuotbal. Op in gearkomst op 25 augustus 1954 waard troch de stimrjochtigen dochs foar it fuotbaljen yn de betelle-fuotbalklasse stimd. Hjirop stapte ûnder oare foarsitter Floor Feléus op as bestjoerder fan de klup.

Dochs bleau de wjerstân bestean yn de klup. It bestjoer wie net tarekkene op de nije foarm fan fuotbal en doarre gjin sinten út te jaan om goeie spilers foar de kompetysje te heljen. Hjirop teach Abe Lenstra nei Sportklup Ynskedee en sakke It Hearrenfean fuort. Yn it earste jier fan it betelle fuotbal waard de Earedivyzje krek net helle en yn it twadde jier, yn 1955 wie de ploech net goed genôch om him te kwalifisearjen foar de Earste Divyzje.

Yn it seizoen 1959/1960 wie der wer ris wat te belibjen foar It Hearrenfean. De klup waard tredde yn de Twadde Divyzje B, wat betsjutte dat It Fean neikompetysje spylje mocht foar promoasje nei de Earste Divyzje. Op 8 maaie waard yn Kerkrade tsjin Roda mei 0-0 lyk spile, wat genôch wie foar promoasje omdat de klup thús al mei 4-0 wûn hie. Yn de seizoenen 1961/1962 en 1962/1963 spile It Fean yn de Earste Divyzje.

Finansjele problemen (1964 - 1975)

Finansjeel waard it yn de jierren '60 hieltyd minder mei de klup. Yn 1967 wie it sels sa min mei de finânsjes dat de gemeente net mear helpe woe. Dêrop sprong de mienskip fan It Hearrenfean by, yn de foarm fan Aktie’67. Der waard 70.000 gûne (omrekkene: sa'n 32.000 euro) waard der ynsammele en de klup koe der stadichoan wer boppe-op komme. Ek nei 1967 wienen der sa no en dan finansjele problemen. Hjoed de dei bestiet Aktie’67 noch en is it ferantwurdlik foar in wichtich part fan de ynkomsten fan de fuotbalklup.

Yn 1970 waard It Hearrenfean ûnder de nije trener Bas Paauwe kampioen fan de Twadde Divyzje. Op de lêste fuotbaldei fan it seizoen 1969/1970 spile It Fean lyk, wylst de konkurrinten Velox en FK Wageningen ferlearen. It Hearrenfean promovearre nei de Earste Divyzje, en oan 1990 ta bleau it dêryn spyljen.

Nettsjinsteande de promoasje nei de Earste Divyzje gie it dochs wer mis mei de finânsjes fan de klup. Yn novimber 1973 waard bekend dat It Hearrenfean oer it seizoen 1972/1973 110.000 gûne, sa'n 50.000 euro, ferlern hie omdat de ynkomsten te min wienen. De klup oerlibbe ek dizze krisis, mar wol liet it barren djippe spoaren nei yn de takomst fan de klup. Jild om spilers te keapjen wie der net, wêrtroch it lêstich waard om goede spilers op it fjild te krijen. De prestaasjes fan It Hearrenfean yn de Earste divyzje wienen dan ek net bjusterbaarlik; in grize middenmoater wie de ploech yn de kompetysje.

Ofsplitsing (1975 - 1979)

Noch hieltiid wienen de minsken fan SK It Hearrenfean der net oer útpraat as it betelle fuotbal no wol of net wat wie foar de fuotbalklup. Yn 1977 kaam it dan ek safier dat de fuotbalklup opsplitst waard yn in betellefuotbalorginaasje en in amateurfuotbalklup. Offisjeel waard de klup skieden op 1 juny 1977. De betellefuotbalklup waard in stifting en de amateurs makken, ûnder de namme Fuotbalferiening It Hearrenfean, in werstart yn de fjirde klasse fan de KNFB.

De professionalisearring (1980 - 1993)

Foppe de Haan wurke tusken 1985 en 2004 foar SK It Hearrenfean.

Yn de jierren '80 barde der in protte by it Hearrenfean. Sa waard yn 1980 Henk van Brussel oanstelt as trener fan de earste seleksje. Mei de komst fan Henk van Brussel helle SK It Hearrenfean in trener binnen mei in skat oan ûnderfining yn it betelle fuotbal. Under syn lieding waard der goed en oanfallend fuotbal spile; yn 1981 en 1982 waard der sels neikompetysje berikke. Omdat it fuotbal yn 'It Friese Haagje' altyd oanfallend wie mei in protte ynset fan de spilers waard dizze perioade ferneamd as de Brusselske Kermis.

Trije jier nei de komst fan Van Brussel as trener waard dúdlik dat de klup wer yn de skulden siet. De skulden wienen sa heech, 1,5 miljoen gûne (sa'n 680.000 euro), dat de gemeente net mear byspringe woe. Manager Henk Schulten koe it net mear oansjen en teach nei de autoferkeaper Klaas Oenema foar help. Neffens Schulten moasten der mear sakelju by SK It Hearrenfean belutsen wurde. Oenema rekommandearre Riemer van der Velde oan, dy't doe in gruthannel yn Bakkefean hie. Dêrop gie de foarsitter fan de klup, Jan Steenhuizen, dy't de barre situaasje fan SK It Hearrenfean ek ûnderkent hie, nei Van der Velde ta. Frege waard of Van der Velde foarsitter fan de Feansters wurde woe; dat woe der wol.

Yn rap tempo wurke Van der Velde, tegearre mei oare ûndernimmers as de bruorren Klaas en Jan Oenema, de bruorren Durk en Jan Hubert Raadsma en Lippe Lap, de skulden fuort. De skulden waarden sanearre. Ien fan de skuldeaskers wie de Rabobank. Dizze waard yn 'natuera' werom betelle troch de sponser fan it skoareboerd te wurden. Fierders waarden der 1.000 lotten fan elk 100 gûne oan de man brocht; haadpriis fan de ferlotting wie in auto. Nei twa jier wienen hast alle skulden fuort wurke en makke de gemeente in gebaar troch de lêste 120.000 gûne (sa'n 50.000 euro) foar har rekken te nimmen.

Mei Van der Velde as foarsitter waard der hurd profesjonalisearre by SK It Hearrenfean. Yn 1985 gie Van Brussel fuort en waard Foppe de Haan, dy't doe noch trener fan de Fuotbalferiening Stienwyk wie, haadtrener fan de klup. Mar de prestaasjes mei De Haan wienen net bêst. Yn 1988 waard er, tydlik, oan de kant set en waard Ted Immers de nije trener fan de ploech. De Haan krige de baan fan technysk direkteur. Yn it seizoen 1988/1989 waard goed prestearre en waard op 'e nij de neikompetysje helle. It Hearrenfean begûn sterk oan de promoasjestriid, mar nei de SLM-unk yn juny 1989, dêr't ek famylje en freonen fan de Surinaamske spilers by SK It Hearrenfean by wienen, gie it mis. De ploech eindige as twadde, net genôch foar promoasje nei de Earedivyzje.

In jier letter waard Ab Gritter de opfolger fan Immers, dêr't it kontrakt net fan ferlingd wie. It gie net bêst mei de ploech en yn jannewaris waard in trener mei ûnderfining, Fritz Korbach, foar de groep set. SK It Hearrenfean eindige as 16e yn de kompetysje, mar de perioadetitel dy't yn it begjin fan it seizoen helle wie, joech tagong ta de neikompetysje. Yn dy neikompetysje eindige de ploech boppe-oan yn de poel. Foar promoasje moast der doe noch spile wurde tsjin Emmen. Ut waard mei 1-0 ferlern, mar thús waard dat ferlies goedmakke. It Hearrenfean wûn mei 2-0 en promovearre nei de Earedivyzje.

Yn 1990 mocht de klup foar it earst op it heechste proffuotbalnivo fan Nederlân spylje. Tsjin FK Folendam waard der debutearre, mar ek fuort ferlern mei 1-3. Nei 16 wedstriden hie de ploech net mear as 6 punten. Dêrom waard der yn de winter ynvestearre yn de seleksje. Sa waarden René van der Gijp en de letter tige populêre Roemeen Rodion Cămătaru oanhelle. De twadde helte fan it seizoen wie dan ek in stik better. SK It Hearrenfean behelle punten en de efterstân op de oare klups waard hieltyd lytser en op 16 april waard MVV yn de stân byhelle. Op snein 5 maaie waard der in belangrike útwedstriid tsjin SVV út Rotterdam spile. Mei in konfoai fan 2,5 kilometer lang en ûnder it sicht fan 5.000 Hearrenfean-supporters wûn SK It Hearrenfean de wedstriid mei 1-2. Mar de goeie searje fan nei de winter wie net mear genôch wêze om degradaasje te foarkomme. It Hearrenfean eindige op doelsaldo op it 17e plak, krekt net genôch om degradaasje tsjin te gean.

In jier letter yn de Earste divyzje slagge it SK It Hearrenfean der net yn om wer yn de Earedivyzje te komme. Mar it jier dêrop, it fuotbalseizoen 1992/1993, wie in tige wichtich seizoen yn de opkomst fan de klup. It begjin wie ien en al mineur: de prestaasjes wienen min en trener Fritz Korbach waard dien jûn. Syn opfolger wie Foppe de Haan, dy't tusken 1985 en 1988 ek al haadtrener fan de klup wie. Mei De Haan as trener waard SK It Hearrenfean twadde yn de kompetysje, genôch om foar de twadde kear yn de skiednis fan de klup te promovearjen nei de Earedivyzje. In oar wichtich resultaat, en miskien noch wol wichtiger as de promoasje, wie it heljen fan de finale fan de KNFB-beker. Tsjin Ajax waard de finale dan wol mei 6-2 ferlern, mar it grutte Fryske 'folkeferfarren' nei de Kuip yn Rotterdam wie ien fan de grutste hichtepunten yn de skiednis fan de klup.

Gong nei de subtop (1994 - 2010)

SK It Hearrenfean en Roda JC harkje nei it Frysk folksliet.
Opwaarming foar de wedstriid tusken SK It Hearrenfean en VVV Venlo op 4 oktober 2009.

Yn 1993/1994 kaam de klup foar de twadde kear yn de skiednis yn de Earedivyzje te spyljen, de klasse dêr't de klup ek hjoed de dei noch yn spilet. It seizoen fan de weromkear yn de Earedivyzje waard op in knap 13e plak ôfsletten. It wie it lêste seizoen yn it âlde Abe Lenstra Stadion, it eardere Sportpark Noard. Fan it fuotbalseizoen 1994/1995 spile de klup yn it nije Abe Lenstra Stadion, oan de Rykswei 32.

It earste seizoen yn it nije stadion waard in goed jier. De heale finale fan de KNFB-beker waard helle en yn de kompetysje eindige de ploech op it 9e plak. Dit seizoen begûn ek in oare kwaliteit fan de klup nei boppe te kommen: it skoutingsapparaat. Yn desimber 1994 waard it grutte Deenske talint Jon Dahl Tomasson oanlutsen. Hy wie de earste fan in hiele rige Skandinavyske fuotballers dy't by SK It Hearrenfean te spyljen kamen.

De jierren dêrnei gie it hieltyd better mei de klup. Yn 1996 waard it sânde plak helle, krek as in jier letter yn 1997. De klup prestearre goed yn sawol de kompetysje fan 1996/1997 as de striid om de KNFB-beker. Foar de twadde kear helle de klup de finale fan de beker. Dizze kear wie Roda JC út Kerkrade de tsjinstanner. SK It Hearrenfean gie as grutte kanshawwer de finale yn, mar úteinlik waard der mei 4-2 ferlern.

Seizoen 1997/1998 wie foar de Feansters it earste jier dat der Jeropeesk fuotbal helle waard. Omdat de finalisten fan de KNFB-beker beide al Jeropeesk fuotbal helle hienen, waard der in wedstriid tusken de ferliezend healfinalisten spile, SK It Hearrenfean en FK Twinte. It Hearrenfean wûn de wedstriid, op neutraal terrein yn it stadion fan FK Swol, mei 3-1, wêrtroch it in plak yn it lêste jier fan it Jeropa Kup II-toernoai krige. Ien fan de útblinkers by dy wedstriid wie Ruud van Nistelrooy, dy't koart dêrnei nei PSV gie. Yn de kompetysje eindige de klup op it 6e plak.

It debút fan It Hearrenfean yn it Jeropeeske fuotbal wie tsjin it Poalske Amica Wronki; der waard mei 3-1 en 1-0 wûn en dat de ploech gie troch nei de twadde omgong. Tsjin de nije tsjinstanner, Varteks Varazdin út Kroaasje, waard thús noch wol wûn, mar út gie it lykop oant de ploech yn de ferlinging mei 4-2 ferlear.

Yn 1999/2000 sette SK It Hearrenfean de grutste prestaasje út harren skiednis oan doe ta del. Troch it twadde plak, efter kampioen PSV, mocht de klup yn de Champions League-edysje fan 2000/2001 útkomme. Hjiryn spile de ploech tsjin it Frânske Olympique Lyon, it Spaanske Valencia en it Grykske Olympiakos Pireaus. Thús waard der wûn fan Olympiakos en út spile SK It Hearrenfean lyk tsjin Valencia: in knappe prestaasje want Valencia kaam letter dat jier yn de finale fan it toernoai, mar net genôch om fierder te kommen. Yn de kompetysje wienen de prestaasjes dat jier net bêst, It Fean waard 10e, mar hie mei it aventoer fan de Champions League dochs in goed jier hân.

Yn 2002 hie It Fean de minste seizoenstart ea. Earst yn de njoggende spylronde wûn de klup in wedstriid. De posysje fan Foppe de Haan waard yn de krante, op televyzje en op de radio ta diskusje steld, mar it bestjoer stjoerde De Haan net fuort en hy makke it seizoen ôf. Uteinlik waard It Fean 7e.

Oan it begjin fan it nije seizoen, 2003/2004 waard bekend makke dat De Haan oan de ein fan it seizoen ophâlde soe as trener fan It Hearrenfean. Nei njoggentjin jier soe er net mear wurksam wêze foar de klup. By it ôfskie fan De Haan, by de ien-nei-lêste wedstriid fan it jier, waard yn it Abe Lenstra Stadion it fjirde plak feilichsteld.

De opfolger fan De Haan waard Gertjan Verbeek, dy't ek as spiler en assistint-trener by de klup wurksum west hie. Mei Verbeek as trener groeide SK It Hearrenfean út ta in fêste subtopper yn it Nederlânske fuotbal. Under Verbeek brutsen spilers as Klaas Jan Huntelaar, Georgios Samaras en Miralem Sulejmani troch; spilers dy't letter foar miljoenen oan oare klups ferkocht waarden.

Yn desimber 2007 krige Verbeek te hearren dat syn ôfrinnende kontrakt net ferlingd wurde soe. Sadwaande moast de trener oan de ein fan it seizoen 2007/2008 op 'e syk nei in nije klup. Yn dit lêste seizoen fan Verbeek as trener fan de klup einiget It Hearrenfean op it fiifde plak, mei meastentiids goed fuotbal en in soad doelpunten, 88, it grutste tal doelpunten dat de klup ea yn ien seizoen makke hat.

Seizoen 2008/09

Op 25 maart 2008 makke de kluplieding op de hiemside fan de klup bekend dat de Noar Trond Sollied de nije haadtrener fan de ploech wurde soe. Tegearre mei syn assistint Chris van Puyvelde tekene hy in kontrakt foar twa jier.

Ofbyld:SK It Hearrenfean - FC Twente (KNVB Beker finale).jpg
Foto fan de KNVB Beker finale fan 17 maaie 2009 tusken SK It Hearrenfean en FK Twinte.

Yn it earste jier mei Sollied as trener hie de klup daalks súkses. Yn de kompetysje eindige de klup op it fiifde plak. It seizoen gong lykwols de klupskiednis yn as it seizoen dêr't It Hearrenfean foar it earst yn syn skiednis in nasjonale earste priis wûn: de KNVB Beker. Trochdat It Hearrenfean yn de rin fan it toernoai MVV, de amateurklup Haaglandia, Feyenoord, NEC en FC Volendam útskeakele, kaam de klup yn de finale terjocht; de tsjinstander waard FK Twinte. Sa'n 25.000 Hearrenfean-supporters tôgen nei De Kuip yn Rotterdam, dêr't de finale spile wurde soe. Uteinlik waard It Hearrenfean, nei strafskoppen, de winner.

Seizoen 2009/10

Nei fjouwer wedstriden yn it seizoen 2009/2010 waard trener Trond Sollied al ûntslein, ek fan syn assistint Chris van Puyvelde waard ôfskied naam. Neffens it bestjoer lei de manear fan arbeidzjen fan Sollied te fier út de rjochting fan wat de klup woe. Yn de tiid foar it stuit fan it ûntslach hie Sollied al in pear kear wurden hân mei it bestjoer oer de ynfolling fan de seleksje. Ek soe de medyske staf harren wurk net goed dwaan. Foarsitter Yme Kuiper neamt de dei fan it ûntslach fan Sollied in 'swarte bledside yn de skiednis fan It Hearrenfean'.[1] As ferfanger fan Sollied waard Jan de Jonge oansteld, dy't oant dat stuit by SK It Hearrenfean as haad jeugdopliedingen oan de slach wie. Ek De Jonge krijt de ploech net oan it fuotbaljen en tsjinnet op 3 febrewaris 2010 syn ûntslach as haadtrener yn.[2] Op 5 febrewaris makke de kluplieding bekend dat Jan Everse it seizoen ôfmeitsje soe by It Hearrenfean.[3] Under Everse syn lieding slút SK It Hearrenfean it seizoen ôf mei it 11e plak yn de kompetysje.

Yn de KNVB-beker wurdt de klup al ier útskeakele, yn de achtste finales is PSV yn it Abe Lenstra stadion te sterk.

Reorganisaasje (2010 - 2013)

It getonger yn it seizoen 2009/2010 liet in swiere perioade foar de klup yn. Op 12 maart 2010 makke Bart van der Meer as foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen bekend dat der in nije direksjestruktuer komme sil. [4][5] Yn de simmer soe der nei in nije foarsitter socht wurde dy't leiding jaan moat oan de direksjeleden Yme Kuiper, Henk Hoekstra en Jan van Erve. De organisaasje fan de klup waard foar in grut part feroare. Foar it earst sûnt it fuort gean fan foarsitter Koos Formsma kaam der wer ien foarsitter, ynstee fan trije ferskate einferantwurdliken. Dêrnjonken waard der yn de namme fan Johan Hansma foar it earst yn de klupskiednis in technysk direkteur oansteld. Ek de Rie fan Kommissarissen sels gie oer de kop. It wie de bedoeling dat tusken 2010 en 2012 fiif fan de seis kommissarissen ferfongen waarden, allinnich Theun van der Meulen koe sitten bliuwe. Riemer van der Velde, ien fan de kommissarissen, stapte fuortendaliks op.

Op 26 maaie 2010 waard bekend makke dat de nije foarsitter de skoalbestjoerder Robert Veenstra wurdt, op 1 augustus 2010 begûn hy mei syn wurksumheden.[6] Oars as de bedoeling wie bleaun fan de eardere bestjoersleden allinnich Jan van Erve oan. Earder al wie bekend makke dat Ron Jans fan it seizoen 2010/2011 ôf de nije trener fan de klup waard.

Yn oktober 2010 waard by de presentaazje fan de jiersifers bekend dat SK It Hearrenfean oer it boekingsjier 2009/2010 in ferlies fan 14,9 miljoen euro lieden hat. Mei troch dizze rissultaten is ôfsjoen fan ferbou fan it Abe Lenstra Stadion.[7] Ek it tal kontraktspilers moast om dizze reden werom brocht wurde om de sitewaasje te kearen. Hjir wie oan de ein fan it seizoen 2009/2010 al in begjin mei makke troch ofskied te nimmen fan tolve spilers, wêrûnder Gerald Sibon, Paulo Henrique en Michael Dingsdag. It tal kontraktspilers moast yn de takomst noch fierder werombrocht wurde.

Lykas it seizoen derfoar wie ek it fuotbalseizoen 2010/2011 teloarstellend foar It Hearrenfean. Under lieding fan de nije trener Ron Jans, dy't Jan Everse opfolge hat, waard it seizoen ôfsletten mei in 12e plak. Ek yn de KNVB Beker waard min presteart, al yn de earste wedstriid yn it toernoai wurdt thús mei 0-2 fan NAC Breda ferlearn.

It twadde seizoen ûnder lieding fan Ron Jans, 2011/2012, ferrûn in stik better mei in fiifde plak yn de kompetysje en it beheljen fan de heale finale fan de KNVB Beker. Benammen it spel fan de oanfallers, Luciano Narsingh, Bas Dost en Oussama Assaidi, foelen op. Alle trije spilers ferlieten nei it seizoen de klup foar in stap hegerop (Narsingh nei PSV, Dost nei VFL Wolfsburg en Assaidi nei FC Liverpool). Rjochtsfoar Narsingh wurdt troch bûnscoach Bert van Marwijk sels selekteart foar it Nederlânsk alvetal en is ien fan de spilers dy't mei gie nei it Europeesk Kampioenskip fuotbal yn Poalen en Oekraïne.

Nettsjinsteande de resultaten waard al op 5 jannewaris 2012 bekend makke dat it kontrakt fan trener Ron Jans, dat nei it seizoen ôfrûn, net ferlingd waard.[8] Ynstee dêrfan waard in moanne letter bekend dat Marco van Basten de nije trener fan de klup waard.[9]

Earste âlvetal

Seleksje 2012/2013

Nûmer Spiler Nationaliteit

Doelmannen

1 Kristoffer Nordfeldt Flagge fan Sweden
25 Brian Vandenbussche flagge fan Belgje
26 Kenny Steppe flagge fan Belgje
28 Jurjan Wouda flagge fan Nederlân

Ferdigeners

2 Gianni Zuiverloon flagge fan Nederlân
3 Jeffrey Gouweleeuw flagge fan Nederlân
4 Christian Kum flagge fan Nederlânflagge fan Dútslân
5 Youssef El-Akchaoui flagge fan Marokkoflagge fan Nederlân
8 Arnold Kruiswijk flagge fan Nederlân
17 Doke Schmidt flagge fan Nederlân
20 Jukka Raitala flagge fan Finlân
23 Ramon Zomer flagge fan Nederlân
32 Jens Jurn Streutker flagge fan Nederlân
34 Kenny Otigba flagge fan Hongarije
35 Fahd Aktaou flagge fan Nederlân

Middenfjilders

9 Filip Đuričić flagge fan Servje
10 Sven Kums flagge fan Belgje
15 Marten de Roon flagge fan Nederlân
33 Hakim Ziyech flagge fan Nederlânflagge fan Marokko
36 Menno Heerkes flagge fan Nederlân
38 Youssef Fennich flagge fan Marokkoflagge fan Nederlân
46 Pelé van Anholt flagge fan Nederlân

Oanfallers

6 Daniël de Ridder flagge fan Nederlânflagge fan Israel
7 Rajiv Van La Parra flagge fan Nederlân
11 Alfred Finnbogason flagge fan Yslân
14 Matthew Amoah flagge fan Ganaflagge fan Nederlân
16 Marco Pappa flagge fan Gûatemala
19 Samir Fazli flagge fan Massedoanje
29 Arsenio Valpoort flagge fan Nederlân
30 Oussama Tannane flagge fan Marokkoflagge fan Nederlân
31 Mark Uth flagge fan Dútslân
37 Luciano Slagveer flagge fan Nederlân

Technyske staf

Haadtrener
Marco van Basten
Assistint treners
Henk Herder, Jan de Jonge
Krêfttrener
Kondysjetrener
Doelmannetrener
Albert van der Sleen
Ploechbegelieder
Herman van Dijk

Prestaasjes

Kompetysje

Amateurfuotbal

SK It Hearrenfean spile tusken 1922 en 1954 yn it amateurfuotbal. Yn dy tiid wie der yn Nederlân noch gjin profkompetysje; dy gie pas fan start yn 1954. De klup hat harren yn de jierren fan it amateurfuotbal yn Nederlân opwurke fan de Earste Klasse FVB nei de Earste Klasse Noard, wat yn dy tiid it heechst te beheljen nivo foar It Hearrenfean wie.

Hjirûnder steane alle einresultaten fan SK It Hearrenfean yn de perioade 1922-1954. It giet om alle resultaten fan de klup yn it amateurfuotbal sûnt de stifting fan de feriening.

Jier Divyzje Posysje Nasjonaal
1922/23 Earste Klasse FVB 1
1923/24 Tredde klasse NVB 1
1924/25 Twadde klasse NVB 3
1925/26 Twadde klasse NVB 6
1926/27 Twadde klasse NVB 5
1927/28 Twadde klasse NVB 7
1928/29 Twadde klasse NVB 7
1929/30 Twadde klasse NVB 5
1930/31 Twadde klasse NVB 5
1931/32 Twadde klasse NVB 2
1932/33 Twadde klasse NVB 2
1933/34 Twadde klasse NVB 2
1934/35 Twadde klasse NVB 3
1935/36 Twadde klasse NVB 1
1936/37 Twadde klasse NVB 1
1937/38 Earste Klasse Noard 9
Jier Divyzje Posysje Nasjonaal
1938/39 Earste Klasse Noard 3
1939/40 Earste Klasse Noard 5
1940/41 Earste Klasse Noard 5
1941/42 Earste Klasse Noard 1 5
1942/43 Earste Klasse Noard 1 5
1943/44 Earste Klasse Noard 1 4
1944/45 (Gjin kompetysje)
1945/46 Earste Klasse Noard 1 3
1946/47 Earste Klasse Noard 1 2
1947/48 Earste Klasse Noard 1 2
1948/49 Earste Klasse Noard 1 4
1949/50 Earste Klasse Noard 1 5
1950/51 Earste Klasse A 1 5
1951/52 Earste Klasse A 5
1952/53 Earste Klasse B 3
1953/54 Earste Klasse B 11

Profesjoniel fuotbal

Yn de Earedivyzje is it heechste plak dat de klup behelle hat it twadde plak. Dat barde yn it seizoen 1999/2000. Mei dat twadde plak waard Champions League-fuotbal helle.

Ek yn de Earste divyzje is it twadde plak it heechst behelle resultaat. Hjir is dat twa kear bard, yn 1981 en yn 1993. Yn 1993 late dat ta de twadde promoasje fan SK It Hearrenfean nei de Earedivyzje. De earste promoasje wie yn 1990. It Fean waard doe 16e yn de kompetysje, mar omdat der in perioadetitel helle wie koe de klup yn de neikompetysje útkomme, dy waard úteinlik wûn wêrtroch der promovearre waard.

Yn 1970 waard It Hearrenfean kampioen yn de Twadde Divyzje. Oant no ta is dat it ienichste kampioenskip dat SK It Hearrenfean wûn hat yn it betelle fuotbal.

Yn de tabellen hjirûnder steane alle resultaten fan SK It Hearrenfean tusken 1955, it earste seizoen fan it proffuotbal yn Nederlân en 1970, it jier dat de klup kampioen waard en definityf promovearre nei de Earste Divyzje.

Jier Divyzje Posysje
1954/55 Earste Divyzje B 11
1955/56 Earste Divyzje A 13
1956/57 Twadde Divyzje B 8
1957/58 Twadde Divyzje B 10
1958/59 Twadde Divyzje B 9
1959/60 Twadde Divyzje B 3
1960/61 Earste Divyzje B 7
1961/62 Earste Divyzje B 11
Jier Divyzje Posysje
1962/63 Twadde Divyzje A 12
1963/64 Twadde Divyzje A 4
1964/65 Twadde Divyzje A 9
1965/66 Twadde Divyzje A 9
1966/67 Twadde Divyzje 19
1967/68 Twadde Divyzje 15
1968/69 Twadde Divyzje 9
1969/70 Twadde Divyzje 1

Yn ûndersteand printsje steane alle resultaten fan SK It Hearrenfean sûnt 1971 (De play-offs binne net meirekkene yn dit printsje. It giet dus om de stân nei 34 wedstriden.).

Beker

It Hearrenfean hat trije kear yn de finale fan de KNFB-beker stien. De earste kear barde dat as Earstedivyzjeklup, yn 1993. Sûnt dat jier hat der nea wer in Earstedivyzjeklup yn de finale fan de beker stien. De finale waard mei 6-2 fan AFC Ajax ferlern.

De twadde finale wie fjouwer jier letter, yn 1997. Ek dizze finale waard ferlern, no tsjin Roda JC, mei 4-2.

De tredde finale wûn It Hearrenfean fan FK Twinte nei strafskoppen mei 5-4 (einstân 2-2). De beslissende strafskop waard nommen troch Gerald Sibon. Earder al setten Goran Popov (27) en Bonaventure Kalou (112) in doelpunt.

Neist de trije kear dat It Hearrenfean de finale berikte, hat de klup ek noch trije kear de heale finale helle. Dat barde yn 1995, 1998 en 2001.

Yn Jeropa

SK It Hearrenfean spile foar it earst fuotbal yn Jeropeesk ferbân yn 1995, yn de Yntertoto Kup, in kompetysje wêrfoar klups harren ynskriuwe koenen at se meidwaan woenen. Yn totaal hat de klup seis kear oan dit toernoai meidien, wêryn yn it ferline in plak yn in oar Jeropeeske fuotbalkompetysje fertsjinne wurde koe. Yn de seis kear is de klup dêr nea yn slagge. Op it stuit bestiet dit toernoai net mear.

De earste kear dat It Hearrenfean oan in wier Jeropeesk toernoai meidied wie yn it seizoen 1998/1999, yn de net mear besteande Jeropa Kup II. Dat jier einige it Jeropeeske fuotbal foar It Hearrenfean yn de twadde omgong.

Yn it seizoen 2000/2001 folge ien fan de hichtepunten út de skiednis fan de Feansters, dat jier waard der yn de Champions League spile, it heechste Jeropeeske klupfuotbaltoernoai. Tsjinstanners wienen Falencia, Olympique Lyon en Olympiakos Piraeus. In súkses op sportyf gebiet wie it net, der waard mar ien kear wûn en ien kear lykspile.

Sûnt it seizoen 2004/2005 hat It Hearrenfean alle jierren Jeropeesk fuotbal helle. Fan 2004 oant 2008 waard der spile yn de UEFA Kup, dy't tsjintwurdich werneamd is nei Europa League. De Europa League is ek de kompetysje dêr't SK It Hearrenfean yn it seizoen 2009/2010 warber is.

Op de koëffysjintelist fan de UEFA, in list dêr't de skores fan de klups yn it Jeropeeske fuotbal op byhâlden wurde, stiet It Hearrenfean 59e.[10]

Earelist

KNFB-beker
Winner - 2009.
Earedivyzje
Twadde - 2000.
Neikompetysje
Winner - 1990, 1993.
Earste Divyzje
*Twadde - 1981, 1993.
Twadde Divyzje
Winner - 1970.
Earste klasse, distrikt V (Noard; it Noardlik kampioenskip)
Winner - 1942, 1943, 1944, 1946, 1947, 1948, 1949, 1950, 1951

Rekords

Foar in grutter oersjoch fan rekords en statistiken sjogge jo op List fan rekords en statistiken fan SK It Hearrenfean

Oer alles

- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Heracles Almelo 9-0; Earedivyzje (7 oktober 2007)
- Romste útoerwinning: Ton Pentre AFC - SK It Hearrenfean 0-7; Yntertoto (2 july 1995)
- Grutste dûbele uitslach: Helsingborg IF - SK It Hearrenfean 8-6 (3-5 en 5-1); UEFA Kup 1e Omgong (2007)
- Measte doelpunten yn ien seizoen: 88 doelpunten, 2007/08

Earedivyzje

- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Heracles Almelo 9-0 (7 oktober 2007)
- Romste útoerwinning: Willem II - SK It Hearrenfean 1-6 (23 febrewaris 2001)

Champions League

- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Olympiakos Piraeus 1-0 (17 oktober 2000)
- Romste útoerwinning: gjin
- Heechste lykspul: Valencia CF - SK It Hearrenfean 1-1 (7 novimber 2000)
- Grutste dûbele útslach: sc Heerenveen - Valencia CF en SK It Hearrenfean - Olympiakos Piraeus 1-2 (2000)

Europakup II

- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - KS Amica Wronki 3-1 (17 septimber 1998)
- Romste útoerwinning: KS Amica Wronki - SK It Hearrenfean 0-1 (1 oktober 1998)
- Grutste dûbele útslach: SK It Hearrenfean - KS Amica Wronki 4-1 (1998)

UEFA Kup

- Romste thúsoerwinning: sc Heerenveen - Maccabi Petach Tikwa 5-0 (30 septimber 2004) en SK It Hearrenfean - FC Baník Ostrava 5-0 (29 septimber 2005)
- Romste útoerwinning: Vitória Setúbal - SK It Hearrenfean 0-3 (14 septimber 2006)
- Grutste dûbele útslach: Helsingsborg IF - SK It Hearrenfean 8-6 (2007)

Yntertoto Kup

- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Aalborg BK 8-2 (19 july 1997)
- Romste útoerwinning: Ton Pentre AFC - SK It Hearrenfean 0-7 (2 july 1995)
- Grutste dûbele útslach: : FHK Liepajas Metalurgs - SK It Hearrenfean 4-8 (2001)

Akkommodaasje

Yn it begjin, nei de stifting fan de klup, waarden de westriden fan Athleta, sa't de klup doe noch hjitte, spile by de Thialf-baan, op de hoek fan de Fan Maasdykstrjitte en de Rôzenstrjitte. Hjir waard in stikje lân hierd dêr't de wedstriden op spile waarden. Al fjouwer jier letter, yn 1924, moast der in nije akkommodaasje socht wurde, omdat de klup nei de tredde klas fan de NFB promovearre wie, wêrtroch hegere easken stelt waarden oan de fjilden. It nije fjild lei oan de Ljouwerterstrjitwei, efter it âlde tolhûske dêr.

Sûnt 1994 spilet SK It Hearrenfean yn it Abe Lenstra Stadion.

Yn 1928 ferhúze de klup wer, diskear nei de lettere J.H. Kruisstrjitte. Der kamen klaaiboksen en sels in houtentribune te stean dy't goed fjirtich jier stean bleaune. Yn de rin fan de jierren is der in protte ferboud oan it stadion, dat de namme Sportpark Noard hie; dat begûn al yn 1937. Yn de tiid fan de njoggen kampioenskippen op 'e rige wie it stadion fierstente lyts. Mei heabalen waarden mei de wedstriden tribunes boud, wêrtroch der wol 20.000 minsken yn it stadion koenen.

Begjin jierren njoggentich foldie Sportpark Noard net mear oan de easken dy't de klup stelde. De ambysjes wienen grut en it stadion te lyts. Sadwaande waard der besletten om in nij stadion, oan de eastkante fan de Rykswei 32 te bouwen. Dit stadion, it Abe Lenstra Stadion, koe yn it begjin oan goed 14.000 minsken pleats biede, mar dat wie al gau net mear genôch. Nei tal fan ferbouwings waard it stadion úteinlik útwreide nei sa'n 26.000 sitplakken. Tsjintwurdich makket it stadion diel út fan Sportstêd It Hearrenfean.

De treningsfjilden fan SK It Hearrenfean lizze sûnt 1996 oan de oare kant fan de Rykswei 32. Mei de amateurs fan Fuotbalferiening It Hearrenfean hat de sportklup hjir Sportpark Skoatterwâld yn gebrûk. Dit kompleks hat tsien fuotbalfjilden en by it haadfjild stiet in tribune dêr't 500 minsken op sitte kinne.

Skaaimerk en klaaiïng

It shirt fan SK It Hearrenfean yn 2007, hjir mei Gonzalo Garcia Garcia.

Skaaimerk

It skaaimerk fan SK It Hearrenfean bestiet út in Fryske flagge yn de foarm fan in t-sjirt. Fan links nei rjochts stiet yn in blauwe baan sc Heerenveen te lêzen.

Klean

It tenu fan SK It Hearrenfean bestiet út in shirt yn de kleuren fan de Fryske flagge. Yn omheechgeande banen fan blau en wyt steane de pompeblêden. Fjirders wurdt der spile yn in wite broek en swarte sokken.

De kleuren fan it úttenu ferskille fan jier ta jier. Sa hat yn it ferline de kleur fan dit tenu ek wol blau west. Yn it seizoen 2008/2009 bestiet it tenu foar útwedstriden út in folslein read tenu.

Oanhing

Ofbyld:Supporters fan SK It Hearrenfean by de útwedstrid tsjin Wolfsburg.jpg
Oanhing fan SK It Hearrenfean by de útwedstrid tsjin it Dútske Wolfsburg op 6 novimber 2008.

It Hearrenfean hat har oanhing sûnt de begjin fan de jierren ’80 mear dan ferdûbele. Dat hat alles te krijen mei it belied en de prestaasjes fan de klup, mar ek mei it (fer)bouwen fan it nije Abe Lenstra Stadion. Dêr’t der yn it seizoen 1987/1988 trochstring noch mar 3.278 minsken nei de wedstriden fan de klup kamen, woeks dat tal hurd. Yn it earste jier dat de klup yn de Earedivyzje spile, 1990/1991, kamen der trochstrings 8.888 minsken nei de westriden, ek nei de degradaasje fan dat jier bleau it besikerstal op like hichte stekken. Mei de bou fan it nije Abe Lenstra Stadion koe de klup mear supporters yn harren stadion berchje: yn it jier 1994/1995 lei it taskôgerstal trochstrings op 12.682.[11] It ‘nije’ Abe Lenstra Stadion wie alwer gau te lyts en troch de jierren hinne hawwe der ferskate ferbouwings oan it stadion west om mear romte te jaan oan de oanhing. Yn 2004 waard begûn mei de grutte ferbouwing yn it ramt fan Sportstêd It Hearrenfean. Yn stappen waard it stadion útwreide, en alle wedstriden siite der no sa’n 26.000 minsken.

Yn it ferline is der ûndersyk dien nei it merkegebiet fan de fuotbalklups yn Nederlân. Ut dizze ûndersiken komt nei foaren dat SK It Hearrenfean har oanhing troch hast heul Fryslân sitten hat.[12] Oare boarnen fermelde ek de Noardeastpolder, Stienwikerlân, Westerveld, Meppel en De Wolden as gemeenten dêr't mear as de helte fan de minsken dy’t nei betelle fuotbalwedstriden geane by SK It Hearrenfean komme.[13]

Supportersferienings

SK It Hearrenfean hat twa offisjele supportersferienings, de Feanfan Supportersklup, stifte yn 1981 en Nij Noard (Nieuw Noord), dat stifte waard yn 2001.

Sûnt it seizoen 2005/2006 beskikket Nij Noard oer in eigen sfearfak oan de noardkante fan it stadion, dêr’t 1.000 minsken yn kinne. De supportersferiening Feanfan hat ek in eigen fak, dat oan de súdkante fan it stadion is. Tegearre mei Aksje ‘67 publisearret de feriening it supportersblêd Feanfan, dat ferspraat wurdt yn in oplage fan 5.500 eksimplaren.

Foar de jongerein binne de Junior Heroes en de Feanatics troch de klup stifte.

Listen

Topskutters

Yn dizze list steane alle topskutters sûnt 1990. It giet hjir allinnich om de doelpunten dy't makke binne yn de kompetysje.


Treners

Ron Jans is op it stuit trener fan SK It Hearrenfean.

It Hearrenfean hat yn harren skiednis 34 treners hân. Hjirûnder in list fan dizze treners:


Foarsitters

De foarsitters fan de profseksje fan SK It Hearrenfean:


Ynternasjonals

It Hearrenfean hat sûnt harren oprjochting seis spilers oan it Nederlânske alvetal levere. Abe Lenstra wie op 31 maart 1940 de earste fan de klup dy't yn Oranje spile; Lenstra debutearre doe tsjin Lúksemboarch. Hy is mei 47 ynterlâns ek noch hieltyd rekôrdhalder by SK It Hearrenfean. Nei Abe Lenstra hat ek Gerben Hofma yn dy tiid twa kear foar it Nederlânsk alvetal op it fjild stien. Nei Hofma en Lenstra hat it lang duorre foart der wer in spiler fan It Hearrenfean yn Oranje spile. Jeffrey Talan wie op 10 oktober 1998 wer de earste dy't foar Oranje útkaam. Talan kaam ta 8 ynterlâns en foarmet tegearre mei Lenstra die ienige spiler fan it Fean dy't yn doelpunt foar Oranje setten hat. Ugur Yildirim hat ek as spiler fan SK It Hearrenfean in it Nederlânsk alvetal spile; dat die hy op 9 febrewaris 2005 yn de wedstriid tsjin Ingelân. Op 11 augustus 2010 waard Roy Beerens de fiifde spiler dy't foar SK It Hearrenfean yn Oranje spile. Beerens makke syn debút yn de útwedstriid tsjin de Oekraïne. De lêste spiler fan SK It Hearrenfean dy't oant no ta yn it Nederlânsk alvetal spile hat is Luciano Narsingh. Hy debutearre op 30 maaie 2012. Narsingh is de earste spiler fan it Fean dy't selektearre is foar in eintoernoai (in Wrâldkampioenskip fuotbal of Europeesk kampioenskip fuotbal).

Ynternasjonals fan SK It Hearrenfean (mei tusken skrapkes it tal ynterlâns yn harren Hearrenfean-tiid):[14]

  • Abe Lenstra (47)
  • Gerben Hofma (2)
  • Jeffrey Talan (8)
  • Ugur Yildirim (1)
  • Roy Beerens (1)
  • Luciano Narsingh (1)

Troch de jierren hinne hawwe der ek spilers by It Hearrenfean spile dy't wol foar Oranje spile hienen, mar dizze spilers kamen net foar it Nederlânske alvetal út yn harren Hearrenfean-perioade.

Yn 2000 waard Anthony Lurling oprôpen foar de ynterlân tsjin Ierlân op 2 septimber, mar Lurling kaam net oan spyljen ta yn dy wedstriid. It hat foar him de ienichste kear west dat hy by de seleksje fan it Nederlânske alvetal wie.

Yn 2008 die it Nederlânske fuotbalalvetal ûnder 21 mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Peking. Yn de seleksje fan dizze ploech sieten trije spilers dy’t op dat stuit warber wienen foar It Hearrenfean. It gie om Calvin Jong-A-Pin, Roy Beerens en Gerald Sibon. Dy leste makke ek twa doelpunten op it toernoai. De ploech waard yn de kwartfinale útskeakele troch Argentynje. Njonken dizze spilers wie ek Foppe de Haan âld-haadtrener fan It Fean derby, De Haan wie de bûnstrener fan de ploech.

Klubliet

It klupliet fan SK It Hearrenfean hjit 'Heerenveen, ús Heerenveen. Dit is de tekst:

Kearsang:

Aan de kant ik moet naar 't stadion, Heerenveen ús Heerenveen,
Naar 't Abe Lenstra stadion, Heerenveen ús Heerenveen.
Pompeblêden Fryslân boppe, gooi de rest mar yn de groppe,
Daarom roept en zingt nu iedereen, Heerenveen ús Heerenveen,

Twadde part kearsang: (Dit wie earder it deuntsje by in doelpunt fan It Hearrenfean)

Olé, olé, olé, olé, olé, olé,
Ja, ze zingen met ons mee,
Olé, olé, olé, olé, olé, olé,
Overal hoor je nu dit olé.
We gaan alleen maar voor de winst,
Dus knal 'm erin dat is er een.
Er kan maar een de beste zijn,
Toevallig is dat ús Heerenveen.

Kearsang:

We hebben een doel, naar de top,
Dus knal 'm erin dat zijn er twee.
Als 't eindsignaal straks klinkt,
Dan pakken we weer drie puntjes mee.

Kearsang (sûnder it twadde part) oanfult mei:

Heerenveen ús Heerenveen, Heerenveen ús Heerenveen.

Sponsers

Haadsponsers

Sûnt 1985 hat SK It Hearrenfean in haadsponser, dy't ûnder oare op it shirt te sjen is. Yn totaal hat de klup fiif haadsponsers hân. Yn 1985 wie AA drink de earste sponser, sûnt 2001 is dat Univé

  • 1985 - 1988 AA drink
  • 1988 - 1993 Unibind
  • 1993 - 1999 Batavus
  • 1999 - 2001 Telekabel/UPC
  • 2001 - no: Univé

Kleansponsers

De kleansponser is de sponser dy't de klean fan de fuotbalklup fersoarget. Yn de njoggentiger jierren wie it Dútske adidas de kleansponser. Dit waard letter oernaam troch it eigen merk fan de klup, dat Abe hjitte. Omdat it eigen kleanmerk net genôch jild opsmiet waard Umbro de nije kleansponser. Sûnt it seizoen 2008/2009 is Jako, foar 1,1 miljoen euro it seizoen, de kleansponser.

Ferskaat

  • SK It Hearrenfean waard yn 1992, 1997 en 2004 útroppen ta Klup fan it Jier.
  • De namme fan de klup is offisjeel sc Heerenveen, 'sc' mei lytse letters.
  • De begrutting fan SK It Hearrenfean is 28,5 miljoen euro (2008-2009).
  • De earste foltiidsk profesjoneel fuotballer fan SK It Hearrenfean wie Paja Dolezar, ek wie hy de earste bûtenlânske spiler fan de klup.
  • SK It Hearrenfean hat in gearwurkingsferbân mei Sparta Rotterdam en Fuotbalferiening Snits.

Ferneamde (ald-)spilers, treners en bestjoerders

Sjoch ek

Literatuer

  • Albert van Keimpema (septimber 1995) - Een pompeblêd als voetbalhart; 75 jaar Heerenveen 1920-1995
  • Wio Joustra en Yme Kuiper (2001) - SC Heerenveen, spelen met traditie
  • Kees 't Hart (juny 2001) - Hard Gras; Het mooiste leven... - Het seizoen 2000/2001 van SC Heerenveen. Utjouwerij L.J. Veen.
  • SK It Hearrenfean (septimber 2008) - SC Heerenveen in Europa - 1995/2007
  • Harry Walstra - Feanster Passie - 25 interviews over heden en verleden van SC Heerenveen. Utjouwerij Tammo , Snits

Oare besibbe literatuer:

  • Eppie Dam (2001) - Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske. Utjouwerij Fryslân Ljouwert en Utjouwerij Eisma Ljouwert
  • Johann Mast (2007) - Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. FC Update, Heerenveen: "Zwarte dag door ontslag Sollied" (sjoen op 16 augustus 2010)
  2. Jan de Jonge weg bij Heerenveen, SpitsNieuws.nl (sjoen op 15 novimber 2010)
  3. Everse nieuwe trainer Heerenveen, NOS.nl (sjoen op 15 novimber 2010)
  4. sc Heerenveen zoekt nieuwe voorzitter, sc-Heerenveen.nl (sjoen op 7 septimber 2013)
  5. Heerenveen zoekt nieuwe voorzitter; Van der Velde stopt als commissaris, Voetbalzone.nl (sjoen op 15 novimber 2010)
  6. 'Geskikt om klup te lieden' Omrop Fryslân (sjoen op 15 novimber 2010)
  7. Heerenveen breidt stadion nog niet uit, Friesch Dagblad.nl (sjoen op 15 novimber 2010)
  8. Jans en Heerenveen verlengen niet NOS.nl (sjoen op 7 septimber 2013)
  9. Van Basten nieuwe trainer Heerenveen, NRC.nl (sjoen op 7 septimber 2013)
  10. UEFA Team Ranking 2009, Bert Kassies (sjoen op 8 desimber 2009)
  11. Voetbal International Seizoengids 2009/2010. ISSN 00427977
  12. DeJonghe, Trudo; Hoof, Sjef van (2006) Over slapende reuzen en wakkere dwergen – De geografie fan het Nederlandse betaalde voetbal (sjoen op 10 desimber 2009)
  13. Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 202.
  14. Voetbalstats.nl (sjoen op 16 augustus 2010)
  • Keimpema, A. (1995) - Een Pompeblêd als voetbalhart, 75 jier It Hearrenfean 1920 - 1995. Utjouwerij Banda.