Aldingelsk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 14: Rigel 14:
Foarbylden fan oerlevere Aldingelske teksten binne:
Foarbylden fan oerlevere Aldingelske teksten binne:
* ''[[Beowulf]]''
* ''[[Beowulf]]''
* ''[[The Dream of the Rood]]''
* ''[[The Seafarer]]''
* ''[[The Seafarer]]''
* ''[[The Wanderer]]''


== Sjoch ek ==
== Sjoch ek ==

De ferzje fan 18 aug 2013 om 17.24

It Aldingelsk of Angelsaksysk (ek: Angel-Saksysk) is de histoaryske foarm fan it Ingelsk sa't dat (yn parten fan wat tsjintwurdich Ingelân en Súd-Skotlân is) sprutsen waard tusken likernôch 500 en 1066. Yn dat tiidrek ûntstie it Ingelsk út 'e Germaanske stamtalen fan 'e mannemacht nei de Britske Eilannen ferfearne Angelen, Saksen, Jutten en guon Friezen, dy't har dêr mei de lânseigen Keltyske befolking fermongen. Yn 't earstoan wiene der trije dialekten te ûnderskieden, Anglysk, Westsaksysk en Kentsk, oerlevere fan 'e achtste ieu ôf. It Westsaksysk wie de dominante fariant en dêryn is dan ek it measte fan 'e Aldingelske literatuer oerlevere. Letter naam it Anglysk dy posysje oer. De ferienfâldiging fan it Ingellsk troch it ferlies of de ôfswakking fan namfallen en oare ferbûgings wie al úteinset, doe't de Normandyske Ynfaazje fan 1066 in abrupte ein makke oan 'e lykmjittige ûntjouwing fan it Ingelsk.

Germaanske taal

Aldingelsk is in Westgermaanske taal dy't nau besibbe is oan it Aldfrysk en Aldsaksysk en dy't yn 'e Iere Midsieuwen in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk ûndergien hie. Hiel oars as it moderne Ingelsk is Aldingelsk in taal mei in grut morfologysk ferskaat en wurdt krekt sa stavere as it útsprutsen wurdt, dat wol sizze, de ortografy wie relatyf konsekwint, alhoewol net fêstlein. Fonologysk hie it Aldingelsk in oantal fonemen dy't letter ferlern gien binne, lykas de /y:/ en de /ç/.

Untwikkeling

It Aldingelsk hie fiif nammefallen; it feit dat tsjintwurdich Ingelsk lykwols mar oer twa beskikt, wiist op in sterk morfologysk ferfal, dat in gefolch wie fan grut fermingen mei Normandysk (in Frânsk dialekt) nei de Slach by Hastings yn 1066 — foar it gemak wurdt dat jier wol sjoen as de skieding tusken Ald- en Midingelsk. Troch de Normandyske ynvaazje wie de fiergeande romanisearring fan it Ingelsk. Oant dizze tiid wie Ingelân meast oriïntearre op Noardwest-Jeropa. Nei de ynvaazje waard it hiel bot belutsen by de kontinintale Jeropeeske kultuer. As gefolch dêrfan soe it Ingelsk ûnder grutte ynfloed komme te stean fan it Frânsk. It modern Ingelsk hat in wurdskat dy't foar goed de helte út romaanske wurden bestiet. Yn it Aldingelsk wie dêrfan gjin sprake; it is in folslein Germaanske taal, mei Aldnoarske ynfloeden troch kontakt mei de Wytsingen.

Yn feite bestie it Aldingelsk út in grut tal dialekten; dy't it bêste bewarre bleaun binne yn it Northumbrysk en it dialekt fan Wesseks. Yn bygelyks it Kentsk is net folle bewarre.

Aldingelske Literatuer

Wichtige wurken yn it Aldingelsk binne de skriften fan kening Ælfric en in oantal heldedichten, dêr't de Beowulf it ferneamdst fan is. In oansjenlik tal manuskripten fan Angelsaksyske literatuer is bewarre bleaun yn it Exeter Book, it Vercelli Book en it Junius-manuskript.

Foarbylden fan oerlevere Aldingelske teksten binne:

Sjoch ek

Keppeling om utens