Neostilen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q7498583 (translate me)
Addbot (oerlis | bydragen)
L Robot: Verplaatsing van interwikilinks. Deze staan nu op Wikidata onder d:q7498583
Rigel 30: Rigel 30:
[[Kategory:Boustyl]]
[[Kategory:Boustyl]]


[[en:Revivalism (architecture)]]
[[es:Arquitectura historicista]]
[[es:Arquitectura historicista]]
[[it:Revivalismo (architettura)]]
[[it:Revivalismo (architettura)]]

De ferzje fan 15 aug 2013 om 15.51

Fronton teater Carré

Neostilen binne boustilen dêr't yn weromsjoen wurdt op de de arsjitektuer fan de gotyk, de renêssânse en de barok.

Het tiidrek fan de neostilen makket opgong nei ± 1815. Eleminten út de âlde arsjitektuer wurde willekeurich tapast, somtiids sels kombinearre yn ien gebou (dat wie foaral it gefal by it saneamde eklektisisme).

Amsterdam, bygelyks, kent nei ±1880 in grutte ekonomyske bloei, wêrtroch wer in protte boud en ferboud wurdt. Dat betsjutte ek in nije ympuls foar de arsjitektuer. Fral de neorenêssânse is dan tige populêr, in neostyl dêr't de "Oud-Hollandse stijl" fan begjin 17e ieu opnij yn libbet. Tafallich is dat net: men fielde de perioade as in "twadde Gouden Ieu". Der binne fral in protte iepenbiere gebouwen set yn dizze perioade.

Yn it earstoan wie der in soad krityk op it bouwen yn dizze tiid, mar dat is feroare: de 19e ieuske arsjitektuer wurdt wer folop wurdearre. Faaks sil nostalgysk fielen harres dêr ta dwaan.

Neo-Grec (1815-1845)

De Neo-Grec is in foarm fan neoklassisisme, in typyske oergongsstyl fan it lette klassisisme fan de 18e ieu nei de neostilen fan de 19e ieu. Skaaimerken binne de klassike foarmen, mei pylders, argitraven en frontons. Ek de wytpleistere ynterieurs binne typysk foar dizze styl.

Willem II-gotyk (1830-1860)

De fan kening Willem II propagearre gotyk hat as wichtich skaaimerk de wize wêrop konstruksjes dy't oarspronklik yn bakstien en natuerstien útfierd wiene, neimakke wurde yn gips en plasterwurk. In wichtich ferskil mei de lettere neogotyk is dat goatyske foarmen dekoratyf tapast wurde en dat de goatyske bouprinsipes nocch net begrepen waarden. Yn Willem II-gotyk waarden ek Ingelske romantyske ynfloeden ferwurke.

Neogotyk (1850-1920)

Boustyl dy't benammen yn de tsjerkebou faak en lange tiid tapast is. Ynspiraasje kaam fan de midsieuske foarbylden mei harren spitsbôgen, bôgefriezen, pinakels en trije- en fjouwerpasfoarmen. Nei om-en-de-by 1875 waard de gearhing tusken arsjitektuer en oanklaaiing fan tsjerken mear ta ien konsept.

Eklektisisme (1850-1880)

Yn it eklektisisme wurde ferskillende histoaryske stilen gearfoege ta in nij gehiel. De basis is hjirfoar leit meast by it neoklassisisme.

Neorenêssânse (1870-1915)

In faak foarkommende en lang tapaste boustyl dy't in soad farianten hat. De styl grypt werom op motiven fan de renêssânseboukeunst. By de Hollânske ferzje dêrfan binne trepgevels, speklagen, de horizontale linen dy't de gevel in 'flakken' ferdiele, blokken en krúskezinen binne wichtige skaaimerken. Fierders fynt men der ynfloeden út de Frânske boustyl fan de François I Loirekastielen mei rike, natuerstiennen gevels en ymposant dakpartijen, of Italjaanske foarbylden sa as pylders en rûnbôgen, yn de Neorenêssânse werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De tekst op dizze side is foar in part fan de webside fan it Buro Monumintesoarch Amsterdam helle, http://www.bmz.amsterdam.nl