A Civil Campaign: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2759020
→‎Plot: typfout
Rigel 32: Rigel 32:
Nei dy jûn ferbiede har âldelju Kareen om noch gedoente te hawwen mei wa ek út 'e Vorkosigan-húshâlding, wat sawol Kareen as Mark slim yn 'e wei is. Wol wit Kareen noch te beävensearjen dat har suster Martya har plak as assistinte fan dr. Borgos oernimt (yn ruil foar oandielen yn 'e bûterbistke-ûndernimming). En se skeakelet Ekaterin yn (ek yn ruil foar oandielen) om in ûntwerp te meitsjen foar in wat better eagjende uterlike foarm fan 'e bûterbiskes. Datlêste smyt, nei't dr. Borgos it ûntwerp mei genetyske manipulaasje yn 'e praktyk brocht hat, de saneamde "glorieuze bistkes" op.
Nei dy jûn ferbiede har âldelju Kareen om noch gedoente te hawwen mei wa ek út 'e Vorkosigan-húshâlding, wat sawol Kareen as Mark slim yn 'e wei is. Wol wit Kareen noch te beävensearjen dat har suster Martya har plak as assistinte fan dr. Borgos oernimt (yn ruil foar oandielen yn 'e bûterbistke-ûndernimming). En se skeakelet Ekaterin yn (ek yn ruil foar oandielen) om in ûntwerp te meitsjen foar in wat better eagjende uterlike foarm fan 'e bûterbiskes. Datlêste smyt, nei't dr. Borgos it ûntwerp mei genetyske manipulaasje yn 'e praktyk brocht hat, de saneamde "glorieuze bistkes" op.


Dan docht By Vorrutyer oan Ivan in ferslach troch fan in diner dêr't al Miles syn politike tsjinstanners oanwêzich wiene, mei dêrûnder Alexi Vormoncrief, Sigur Vorbretten en Richars Vorrutyer. It skynt dat de mannen geandewei de jûn, op grûn fan in út syn ferbân skuorde ferzje fan Miles syn eigen diner, in belastering fan Miles optocht hawwe, as soed hy Ekaterin har man, Tien Vorsoisson, deadien hawwe om dêrnei mei dy syn widdo trouwe te kinnen. Dat is fansels net wier, mar Miles kin nimmen fertelle hoe't Tien syn dea dan wol gien is, om't ''ImpSec'' de hiele saak ta uterst geheim klassifisearre hat (sjoch: ''[[Komarr]]''). Om't Miles Ivan syn besykjen om mei him yn kontakt te kommen negearret, merkt hy pas wat fan dizze lasterpraatsjes as Richars Vorrutyer by him op besite komt en him dermei besiket te sjantearjen. Dat is in nuvere flater, want oant dy tiid ta hie Miles him op 'e flakte holden wat de striid om it Vorrutyer-greefskip oanbelange, mar no smyt er syn hiele politike gewicht efter Dono Vorrutyer, dy't er te sines útnoeget om tegearre mei René Vorbretten in mienskiplike strategy út te wurkjen.
Dan docht By Vorrutyer oan Ivan in ferslach troch fan in diner dêr't al Miles syn politike tsjinstanners oanwêzich wiene, mei dêrûnder Alexi Vormoncrief, Sigur Vorbretten en Richars Vorrutyer. It skynt dat de mannen geandewei de jûn, op grûn fan in út syn ferbân skuorde ferzje fan Miles syn eigen diner, in belastering fan Miles optocht hawwe, as soe hy Ekaterin har man, Tien Vorsoisson, deadien hawwe om dêrnei mei dy syn widdo trouwe te kinnen. Dat is fansels net wier, mar Miles kin nimmen fertelle hoe't Tien syn dea dan wol gien is, om't ''ImpSec'' de hiele saak ta uterst geheim klassifisearre hat (sjoch: ''[[Komarr]]''). Om't Miles Ivan syn besykjen om mei him yn kontakt te kommen negearret, merkt hy pas wat fan dizze lasterpraatsjes as Richars Vorrutyer by him op besite komt en him dermei besiket te sjantearjen. Dat is in nuvere flater, want oant dy tiid ta hie Miles him op 'e flakte holden wat de striid om it Vorrutyer-greefskip oanbelange, mar no smyt er syn hiele politike gewicht efter Dono Vorrutyer, dy't er te sines útnoeget om tegearre mei René Vorbretten in mienskiplike strategy út te wurkjen.


Om dyselde tiid hinne trappearret Ekaterin Alexi Vormoncrief derop dat er temûk it hûs fan har omke, perfester Vorthys, by wa't sy tydlik ynwennet, ynkrongen is en mei hurde hân ynformaasje út har njoggenjierrige soan Nikki besiket los te krijen oer de jûn fan syn heite dea. Ekaterin rekket mei de man sels suver slaande deilis en allinne de oanwêzigens fan Simon Illyan, dy't har krekt doe besocht om syn ûntskuldigings oan te bieden foar syn útspraak ûnder Miles syn diner, komt foar dat de saak alhiel út 'e klauwen rint. Dit foarfal makket lykwols kommunikaasje mei Miles, dy't der sûnt dy needlottige jûn net mear west hat, wol wer needsaaklik. Om't Nikki no tefolle fragen hat om him noch yn loksillige ûnwittendheid te hâlden, stelt Miles út om him mei in goekunde fan him prate te litten, waans heit ek al weirekke doe't er noch hiel jong wie. Dy goekunde blykt nimmen oars as keizer Gregor sels te wêzen en dy fertelt Nikki mear oer Tien Vorsoisson en de saken op Komarr dêr't dy yn behelle wie, as dat Ekaterin en Miles wol wollen hiene. Mar hy jout de jonge ek tastimming om yn needgefallen streekrjocht kontakt mei himsels op te nimmen.
Om dyselde tiid hinne trappearret Ekaterin Alexi Vormoncrief derop dat er temûk it hûs fan har omke, perfester Vorthys, by wa't sy tydlik ynwennet, ynkrongen is en mei hurde hân ynformaasje út har njoggenjierrige soan Nikki besiket los te krijen oer de jûn fan syn heite dea. Ekaterin rekket mei de man sels suver slaande deilis en allinne de oanwêzigens fan Simon Illyan, dy't har krekt doe besocht om syn ûntskuldigings oan te bieden foar syn útspraak ûnder Miles syn diner, komt foar dat de saak alhiel út 'e klauwen rint. Dit foarfal makket lykwols kommunikaasje mei Miles, dy't der sûnt dy needlottige jûn net mear west hat, wol wer needsaaklik. Om't Nikki no tefolle fragen hat om him noch yn loksillige ûnwittendheid te hâlden, stelt Miles út om him mei in goekunde fan him prate te litten, waans heit ek al weirekke doe't er noch hiel jong wie. Dy goekunde blykt nimmen oars as keizer Gregor sels te wêzen en dy fertelt Nikki mear oer Tien Vorsoisson en de saken op Komarr dêr't dy yn behelle wie, as dat Ekaterin en Miles wol wollen hiene. Mar hy jout de jonge ek tastimming om yn needgefallen streekrjocht kontakt mei himsels op te nimmen.

De ferzje fan 6 jul 2013 om 14.24

Lois McMaster Bujold yn 1996.

A Civil Campaign is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan 'e Vorkosigan-kroniken, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. A Civil Campaign waard foar it earst útjûn yn 1999 en is ûnderwilens oerset yn njoggen talen.

Eftergrûn

A Civil Campaign is eins it twadde part fan in twalûk wêrfan't Komarr it earste diel is (hoewol't beide boeken sûnder in protte beswier los faninoar lêzen wurde kinne). Bujold woe it hiele ferhaal fan 'e earste serieuze românse fan har populêre personaazje Miles Vorkosigan, dy't yn it grutste part fan 'e Vorkosigan-kroniken de haadrol spilet, oarspronklik yn ien boek behannelje, mar seach dêr fanôf fanwegen de toansetting. Komarr is nammentlik in romantysk drama, wylst A Civil Campaign krekt in romantyske komeedzje is. Yn it neiwurd fan 'e omnibus Miles in Love hâldt Bujold út dat sels sy net skizofrenernôch is om sokke ferskillende subsjenres yn ien en deselde roman gear te tropjen.[1]

Mei't yn A Civil Campaign de langferwachte brulloft fan keizer Gregor fan Barrayar plakfynt, wie de wurktitel lange tiid ImpWed (in ôfkoarting fan Imperial Wedding, "Keizerlike Brulloft"), wat in wurdspiling foar insiders is op 'e Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec (in ôfkoarting fan Imperial Security, "Keizerlike Feilichheidstsjinst", sis mar "KeizFeil"; dus ImpWed kin oerset wurde as "KeizBrul"). Mar sa'n titel wie fansels oan it grutte publyk net bestege. Op it langelêst rette Bujold har freon Mike Ford har de titel Rules of Engagement oan, mar doe die bliken dat de skriuwster Elizabeth Moon al in roman mei dyseldichste titel by Baen Books yn 'e piiplieding hie. Uteinlik betocht Bujold sels de titel A Civil Campaign, dat sawol "In Boargerlike Fjildtocht" as "In Hoflike Fjildtocht" betsjutte kin.[2]

De (úteinlike) titel fan A Civil Campaign is in ferwizing nei it boek A Civil Contract fan 'e njoggentjinde-ieuske Ingelske skriuwster Georgette Heyer, fan wa't Bujold in grutte fan is. Bujold neamt Heyer ek yn 'e mande mei Charlotte Brontë, Dorothy L. Sayers en Jane Austen as har grutste ynfloeden by it skriuwen fan A Civil Campaign, al is hàr boek net inkeld romantysk mar dêrnjonken ek komysk mei hjir en dêr in úthaal nei klearebare hilariteit ta. Bujold seit dêroer: "Wat bart der mei twa sjenres wêrfan't beweard wurdt dat se net te mingen binne, as je se tegearre yn in flesse stopje en dy ris goed skodzje?"[3]

A Civil Campaign is skreaun yn it personele perspektyf fanút it gesichtspunt fan twa en in heal pearke (fiif persoanen), te witten Miles Vorkosigan; Ekaterin Vorsoisson, dy't Miles syn begearen is; Miles syn kloan-broer Mark Vorkosigan; Mark syn freondinne Kareen Koudelka; en Miles syn loaibûse fan in neef Ivan Vorpatril. A Civil Campaign waard foar it earst útjûn troch útjouwerij Baen Books yn 1999. It makke yn 2008 diel út fan 'e omnibus Miles in Love (in titel dy't de skriuwster oernaam fan 'e Hollywood-spylfilm Shakespeare in Love), yn 'e mande mei syn oarehelte Komarr en de nau besibbe novelle Winterfair Gifts.

Plot

Yn Komarr wie Miles Vorkosigan, de lichaamlik beheinde mar oerenerzjike haadpersoan fan it grutste diel fan 'e Vorkosigan-kroniken, by in ûndersyk nei it romteûngemak dat er útfierde yn syn hoedanichheid fan ryksauditeur, yn 'e kunde kommen mei Ekaterin Vorsoisson, op wa't er smoarfereale waard. Yn A Civil Campaign set Miles dêrom, tsjin 'e eftergrûn fan 'e neieroan kommende brulloft fan 'e Barrayareeske keizer Gregor en dy syn Komarraanske ferloofde Laisa Toscane, útein mei in útprakkesearre kampanje om Ekaterin it hof te meitsjen, dy't er plent as wie it militêre fjildtocht. Om't se pas koartby widdo wurden is (sij it nei in ûngelokkich houlik), liket it him net foechsum ta en kom daliks al mei syn bedoelings foar 't ljocht. Mar oan 'e oare kant kin er ek net te lang wachtsje, want trochdat op Barrayar likernôch tritich jier lyn de technology foar it earst beskikber kaam om it geslacht fan in poppe yn 't foar te bepalen, en âldelju yn 'e militaristyske Barrayareeske kultuer leaver soannen as dochters hiene, is de man-frouferhâlding yn Miles syn generaasje 5:3. Dat foar in kreaze jonge widdo as Ekaterin binne der grif oare kapers op 'e kust.

Ien dêrfan is bygelyks Miles syn kreaze, atletysk boude neef Ivan, en al is dat in resolute frijgesel dy't net serieus op 'e sneup is nei in houlikspartner, dochs sjocht Miles him as in bedriging mei't Ivan tige súksesfol yn 'e leafde is en de iene freondinne nei de oare ferslyt. Dêrom ûntfytmannet er him syn earewurd dat er Ekaterin gewurde litte sil. Fierders makket er Ekaterin, wa har grutte leafde túnarsjitektuer is, wiis dat er in liddich stik grûn hat dêr't er eins al jierren in tún hawwe wol en soe sy dy net foar him ûntwerpe kinne? It liket Miles in masterset ta: sa helpt er har op 'e gleed mei de karriêre fan har dreamen, wylst er har ûnderwilens wat jildlike stipe tastopje kin sûnder dat it leafdiedichheid liket en boppedat jout it him in ferlechje om har eltse dei te moetsjen en op dy manear de konkurrinsje foar te bliuwen.

Dy konkurrinsje komt trouwens al rillegau opsetten, want Ivan, dy't lulk is oer de wize wêrop't Miles him syn earewurd ôfhandich makke hat, lit op it haadkertier Operaasjes fan 'e Barrayareeske Striidkrêften, dêr't er wurket, hjir en dêr Ekaterin har namme falle yn it gehoar fan ofsieren dy't om in frou ferlegen sitte. Fral luitenant Alexi Vormoncrief, in droechbrea sûnder ienich ynlibbingsfermogen yn froulju, grypt dy kâns mei beide hannen oan en stjoert al gaueftich in baba, in tradysjonele Barrayareeske keppelster, op Ekaterin ôf om harren houlik te beävensearjen — in útstel dat Ekaterin rislút fan 'e hân wiist.

Underwilens komme Miles syn kloan-broer Mark en dy syn freondinne Kareen Koudelka thús nei in jier studearre te hawwen op 'e progressive planeet Bêta Koloanje. Mark hat dêr njonken syn stúdzje teffens psychoterapy ûndergien (dy't op Barrayar net beskikber is) foar de mishannelings út syn jonkheid troch de Komarraanske terroristen dy't him grutbrocht hawwe (sjoch: Brothers in Arms). Boppedat binne hy en Kareen dêr minners wurden. Mar hoewol't frije leafde op Bêta Koloanje hiel gewoan is, leit it op it konservative Barrayar, dêr't Kareen wer by har âldelju ynlûkt, noch hiel gefoelich. Kareen ûndekt fierders dat har heit en mem, better bekend as Kou en Drou, finansjeel oan 'e grûn sitte en net, sa't sy hope hie, bydrage kinne oan in folgjend stúdzjejier op Bêta Koloanje.

Mark hat ûnderweis nei Barrayar in sawol saaklike as medyske tuskenstop makke op Escobar, dêr't er de geniale mar betize wittenskipper dr. Enrique Borgos mette. Borgos stie doe op it punt om it tichthús yn te draaien fanwegen frauduleuze praktiken (hy hie foar 580% fan syn bedriuw oandielen útjûn), mar Mark, dy't in noas hat foar winstjaande saken, hat him fan 'e planeet smokkele en meinommen nei Barrayar. Borgos, in genetikus, is nammentlik de skepper fan 'e saneamde "bûterbistkes", ûnsjogge ynsekten dy't alderhanne biomatearje frette en dêrfan in diel wer opkoarje yn 'e foarm fan "bistkebûter" (of "toarrekoarre", sa't Miles it neamt), dat as basis tsjinje kin foar de meast útinoarrinnende gerjochten. Mark freget Kareen, dy't om in baantsje ferlegen sit wêrmei't se jild fertsjinje kin foar har kommende stúdzjejier, om 'e assistinte fan dr. Borgos te wurden, mei't de man net los fertroud is. Al syn jild sit lykwols fêst yn syn sakeûndernimmings, dat dêrom makket er Kareen in partner yn 'e bûterbistke-business.

Underwilens binne der yn 'e Barrayareeske haadstêd Vorbarr Sultana ferskate politike yntriizjes geande. Sa is koartby ûntdutsen dat greve René Vorbretten, in freon en politike bûnsgenoat fan 'e Vorkosigans, foar in achtste part Cêtagandysk bloed hat; syn oerbeppe hat blykber ûnder de Cêtagandyske besetting, tachtich jier lyn, in groebeltsje makke. Dat betsjut dat de 7de greve Vorbretten, René syn pake, net de soan wie fan 'e 6de greve Vorbretten, en op Barrayar, dêr't alle erfopfolging troch de manlike line rint, is dat in probleem. René Vorbretten wurdt no it greefskip bekreaud troch Sigur Vorbretten, in direkte ôfstammeling fan 'e jongere broer fan 'e 6de greve.

In twadde greefskip wêrfan't de opfolging yn 'e kiif stiet, is dat fan 'e Vorrutyers. Greve Pierre Vorrutyer kaam in fearnsjier lyn hommels te ferstjerren, en mei't dyselde gjin bern hie, waard it greefskip opeaske troch Richars Vorrutyer, de âldste soan fan Pierre syn âldste omke, in groubloedige rotsak dy't nimmen lije mei. Lykwols, Pierre syn suster Donna, in al trijeris skieden femme fatale dy't de lêste fiif jier it deistich bestjoer fan it Vorrutyer-distrikt foar har broer regele hat, frege daliks nei Pierre syn dea in moasje fan beletsel tsjin Richars oan en sette dêrop halje-trawalje en mei in ûnbekend doel ôf nei Bêta Koloanje. No komt se werom en har neef Byerly "By" Vorrutyer, dy't bekend stiet as in folsleine liddichgonger mar dat net is, freget Ivan mei om har ôf te heljen op 'e shuttlehaven. Dat hoecht Ivan, dy't tsien jier lyn in amûrette mei Donna belibbe hat en der no nei útsjocht om dy relaasje te ferfetsjen, net twaris sein te wurden. Mar op 'e shuttlehaven docht bliken dat Donna nei Bêta Koloanje gien is om in geslachtsferoaringsoperaasje te ûndergean en ta Ivan syn ôfgriis is it net de wielderige Donna dy't weromkomt, mar in burdige keardel dy't himsels Dono neame lit en dy't wisberet is om greve Vorrutyer te wurden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Miles hat ûnderwilens noch altyd Ekaterin net oer syn bedoelings ferteld, al wit sa stadichoan fierders eltsenien yn syn om-en-by dat er úteinlik mei har trouwe wol. Mar hy wachtet oant de timing persiis goed wêze sil om der tsjin harsels oer te begjinnen. Ekaterin, oan 'e oare kant, fielt har wol oanlutsen ta Miles, mar hat harsels derfan oertsjûge dat er it net echt miende doe't er (oan 'e ein fan Komarr) syn gefoelens foar har blike liet, om't er der sûnt neat mear oer sein hat.

De hiele brot komt ta in klimaks as Miles in diner organisearret wêrfoar't er njonken Ekaterin ek útnoeget: Ivan; Ivan syn mem, frouwe Alys Vorpatril, en har freon Simon Illyan (it eardere haad fan 'e Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec); Mark en Kareen; Kou en Drou; Kareen har âldere susters Martya, Olivia en Delia; Delia har ferloofde Duv Galeni; René en Tatya Vorbretten; Dono Vorrutyer; Ekaterin har omke, ryksauditeur Georg Vorthys en de frou; en dr. Borgos. Miles hat oangeande dat diner yn 't foar alles oant yn it lytste detail plend, mar syn plannen wurde daliks al yn it hûndert jage troch Mark en Ivan, dy't op eigen manneboet de sitplaktawizing yn har foardiel oanpasse. Dêrnei blykt dat Miles syn mei soarch opstelde menu ek wol fuortmiterje kin, om't Kareen Miles syn geniale kokkinne, ma Kosti, bepraat hat om alderhanne gerjochten en sauzen op basis fan bistkebûter ta te rieden. Dan nimt dr. Borgos samar it wurd om in ferbettere ferzje fan 'e bûterbistkes te presintearjen, dy't er genetysk sa oanpast hat dat se no de livreikleuren fan it hûs Vorkosigan hawwe, mei it Vorkosigan-wapen op 'e rêch — wat Miles en syn kriichlju anneks tsjinners as in ultime mislediging opfetsje. As oft dat noch net genôch is, lit Borgos dan ek noch slûpe dat Mark en Kareen op Bêta Koloanje tegearre in wiidferneamd bordeel besocht hawwe, wat de stimming oan 'e tafel mar frijwat bedjert, en alhielendal in izige sfear opropt tusken Kareen har heit en Mark (dy't lokkigernôch, troch Mark en Ivan har ferskowing fan sitplakken, in moai ein útinoar sitte). Dr. Borgos moat it diner dêrnei trouwens hastich ferlitte, mei't der in útbraak fan twahûndert bûterbistkes plakfûn hat, dy't har al oer it hiele hearehûs ferspraat hawwe. Ekaterin kriget koart dêrnei har earste twifels oer Miles as se him trappearret wylst er al in moai ein hinne is mei it smoaren dr. Borgos. Nei't se weromkeard binne oan it miel, freget Simon Illyan, dy't ferjiteftich is sûnt er in jier earder syn ûnthâld-chip kwytrekke is (sjoch: Memory), oan Ekaterin oft se Miles al antwurd jûn hat op syn houliksoansyk. Miles, tsjin dy tiid healdronken, rekket yn panyk en besiket der in grapke fan te meitsjen troch har dan daliks mar om tawurd te freegjen. Dêrop nimt Ekaterin ûntslach as syn túnûntwerpster en giet se fuortynienen nei hûs. Dat is de sitewaasje dy't Miles syn âldelju, de ûnderkening en -keninginne fan Sergyar, begroetet as dy krekt op dat stuit thúskomme foar it oansteande keizerlik houlik.

Nei dy jûn ferbiede har âldelju Kareen om noch gedoente te hawwen mei wa ek út 'e Vorkosigan-húshâlding, wat sawol Kareen as Mark slim yn 'e wei is. Wol wit Kareen noch te beävensearjen dat har suster Martya har plak as assistinte fan dr. Borgos oernimt (yn ruil foar oandielen yn 'e bûterbistke-ûndernimming). En se skeakelet Ekaterin yn (ek yn ruil foar oandielen) om in ûntwerp te meitsjen foar in wat better eagjende uterlike foarm fan 'e bûterbiskes. Datlêste smyt, nei't dr. Borgos it ûntwerp mei genetyske manipulaasje yn 'e praktyk brocht hat, de saneamde "glorieuze bistkes" op.

Dan docht By Vorrutyer oan Ivan in ferslach troch fan in diner dêr't al Miles syn politike tsjinstanners oanwêzich wiene, mei dêrûnder Alexi Vormoncrief, Sigur Vorbretten en Richars Vorrutyer. It skynt dat de mannen geandewei de jûn, op grûn fan in út syn ferbân skuorde ferzje fan Miles syn eigen diner, in belastering fan Miles optocht hawwe, as soe hy Ekaterin har man, Tien Vorsoisson, deadien hawwe om dêrnei mei dy syn widdo trouwe te kinnen. Dat is fansels net wier, mar Miles kin nimmen fertelle hoe't Tien syn dea dan wol gien is, om't ImpSec de hiele saak ta uterst geheim klassifisearre hat (sjoch: Komarr). Om't Miles Ivan syn besykjen om mei him yn kontakt te kommen negearret, merkt hy pas wat fan dizze lasterpraatsjes as Richars Vorrutyer by him op besite komt en him dermei besiket te sjantearjen. Dat is in nuvere flater, want oant dy tiid ta hie Miles him op 'e flakte holden wat de striid om it Vorrutyer-greefskip oanbelange, mar no smyt er syn hiele politike gewicht efter Dono Vorrutyer, dy't er te sines útnoeget om tegearre mei René Vorbretten in mienskiplike strategy út te wurkjen.

Om dyselde tiid hinne trappearret Ekaterin Alexi Vormoncrief derop dat er temûk it hûs fan har omke, perfester Vorthys, by wa't sy tydlik ynwennet, ynkrongen is en mei hurde hân ynformaasje út har njoggenjierrige soan Nikki besiket los te krijen oer de jûn fan syn heite dea. Ekaterin rekket mei de man sels suver slaande deilis en allinne de oanwêzigens fan Simon Illyan, dy't har krekt doe besocht om syn ûntskuldigings oan te bieden foar syn útspraak ûnder Miles syn diner, komt foar dat de saak alhiel út 'e klauwen rint. Dit foarfal makket lykwols kommunikaasje mei Miles, dy't der sûnt dy needlottige jûn net mear west hat, wol wer needsaaklik. Om't Nikki no tefolle fragen hat om him noch yn loksillige ûnwittendheid te hâlden, stelt Miles út om him mei in goekunde fan him prate te litten, waans heit ek al weirekke doe't er noch hiel jong wie. Dy goekunde blykt nimmen oars as keizer Gregor sels te wêzen en dy fertelt Nikki mear oer Tien Vorsoisson en de saken op Komarr dêr't dy yn behelle wie, as dat Ekaterin en Miles wol wollen hiene. Mar hy jout de jonge ek tastimming om yn needgefallen streekrjocht kontakt mei himsels op te nimmen.

In folgjende set fan Alexi Vormoncrief is dat er in brief skriuwt oan Vassily Vorsoisson, Tien syn fiere neef en neiste manlike famyljelid. Neffens de Barrayareeske wet krige dy nammentlik nei Tien syn dea de âlderlike fâdij oer Nikki tawiisd, en al hat er dy oerdroegen oan Ekaterin, hy kin him ek sa wer weromnimme. Vormoncrief praat him alle laster oer Miles oan en hoe't dy Tien fermoarde hat. De kjel wurden Vassily reizget dêrop, tegearre mei Ekaterin har âldere broer Hugo Vorvayne, nei Vorbarr Sultana om Ekaterin in ultimatum te stellen: se wolle net dat Ekaterin noch gedoente hat mei Miles, oars nimt Vassily de fâdij oer Nikki wer werom en sil er de jonge grutbringe litte troch in oar froulik famyljelid.

Underwilens hat Mark syn mem, grevinne Cordelia Vorkosigan, om help frege om Kou en Drou, Kareen har âldelju, safier te krijen dat se ynstimme mei syn relaasje mei Kareen. Cordelia noeget Kou en Drou út yn 'e bibleteek fan Vorkosiganstate, dêr't se harren plaknimme lit op in âld bank dy't spesjaal foar dat doel fan 'e rommelsouder helle is. It is nammentlik de bank wêrop't Kou en Drou goed tritich jier lyn foar it earst de leafde bedreaune. Mei dat psychologyske oerwicht oan har kant wit se Kareen har âldelju al rillegau safier te krijen dat se wol om lyk wolle.

Tsjin syn wil rekket Ivan hieltyd djipper behelle yn Dono Vorrutyer syn kampanje foar it greefskip. De jûns foar't de stimming dêroer en oer de saak Vorbretten plakfine sil yn 'e Rie fan 'e Greven, is er mei Dono en Kareen har suster Olivia Koudelka, dy't allegeduerigen mei Dono oplûkt, op 'en paad. Se wurde eins earne oars ferwachte, mar Dono beslút ympulsyf nochris te besykjen om greve Vorfolse oan syn kant te krijen. Vorfolse is in eksintrikeling dy't syn hearehûs ferhierd en sels in appartemint yn in fletgebou bewennet. Yn 'e parkeargaraazje fan 'e flet wurde Ivan-en-dy oerfallen troch in groepke ynhierde kriminelen dy't Dono syn liifwachten flotwei útskeakelje en dan himsels besykje te kastrearjen en op dy manear de geslachtsferoaringsoperaasje werom te draaien. Se hawwe lykwols bûten Ivan en Olivia (wa har mem oft foarhinne de persoanlike liifwacht fan 'e keizer wie) rekkene. Tegearre witte dy de oerfallers te oermasterjen. Ivan is sa lulk oer dizze mislike oanslach, dat er suver foar it earst yn syn libben it inisjatyf nimt en Dono-en-dy èn de ferdôve oerfallers meinimt nei de greve fan syn eigen hûs, de konservative Falco Vorpatril.

Op 'e dei fan 'e stimming yn 'e Rie fan 'e Greven, as der suver nimmen mear yn it hearehûs fan 'e Vorkosigans oanwêzich is, ferskaffe in pear Escobareeske plysjes har tagong ta it hûs om dr. Borgos op te pakken, dy't op Escobar noch altiten socht wurdt. Kareen en Martya Koudelka wegerje lykwols om harren by de arrestaasje del te lizzen en der ûntstiet in fjochtpartij wêrby't de fammen de beide Escobarezen mei kûpkes bistkebûter bekûgelje. Tsjin 'e tiid dat de gong en alle oanwêzigen ûnder in tsjûke laach bistkebûter sitte, ferskynt kriichsman Roic, de nachtwacht en it iennichste oanwêzige lid fan 'e befeiliging, op it toaniel, mar ek hy wurdt al gaueftich yn it gefjocht behelle. Uteinlik komt Mark thús en besiket de Escobarezen mei beriddenearre arguminten fan har arrestaasje ôf te bringen, mar dêr liket it dan al te let foar te wêzen.

Dyselde moarns komme Vassily Vorsoisson en har broer Hugo wer by Ekaterin. Se hawwe fannijs mei Alexi Vormoncrief praat en mei't Richars Vorrutyer wisberet is om nei syn ferkiezing ta greve daliks in oanklacht foar de moard op Tien tsjin Miles yn stimming te bringen, liket it har de baas om Nikki daliks foar syn eigen feiligens út 'e haadstêd te evakuëarjen. Ekaterin wegeret har meiwurking en Nikki slút himsels op yn 'e wurkkeamer fan perfester Vorthys. Mei't er fynt dat dit in needgefal is, nimt er dêrwei kontakt op mei de keizer sels. Dy stjoert in pear ImpSec-mannen om alle oanwêzigen by him te bringen. Vassily mei dan útlizze wêr't er syn ynformaasje wei hat en Gregor is net bliid om al foar de trêde kears dy moanne de namme fan Alexi Vormoncrief te hearren. Hy set Vassily en Hugo teplak en dêrnei mei it hiele selskip de stimming yn 'e Rie fan 'e Greven fan 'e publike tribune ôf folgje.

Mei't Ivan de konservative greven Vorpatril, Vorhalas, Vorfolse en Vorkalloner yn Dono syn kamp brocht hat troch harren dielgenoat te meitsjen fan 'e gemiene oanfal op Dono yn 'e parkeargaraazje, rekket Richars Vorrutyer der hielendal ôf. Hy besiket mei syn taspraak foar de Rie fan 'e Greven om it inisjatyf wer yn 'e hannen te krijen troch op 'e nij de laster oer Miles syn saneamde moard op Tien Vorsoisson nei bûten te bringen. Dêrop rekket er yn diskusje mei in spinnidige Ekaterin, op 'e publike tribune, dy't, om foar iens en foar altyd de praatsjes út 'e wrâld te helpen dat Miles har ûnder druk set om syn frou te wurden, Miles dêr en dan sèls freget om mei har te trouwen. Dat is wat dêr't Miles fansels daliks yn tastimt. Dêrnei giet de stimming foar Miles syn partij dat it slydjaget: sawol Dono Vorrutyer as René Vorbretten wurde ta greve fan harren respektivelike distrikten keazen. Richars Vorrutyer wurdt út 'e riedskeamer set en fuortynienen oerdroegen oan 'e wachtsjende plysje, om oanklage te wurden foar it beävensearjen fan 'e oanfal op Dono.

Neitiid keart Miles mei syn oansteande breid en har famyljeleden werom nei Vorkosiganstate, dêr't se yn 'e hal Mark en de mei bistkebûter oerdutsen Kareen, Martya, dr. Borgos, Roic en de beide Escobareeske plysjes oantreffe. Miles lost it trelit flotwei op troch oan te tsjutten dat Vorkosiganstate as residinsje fan 'e greve fan it Vorkosigan-distrikt it grûngebiet fan dat distrikt is, en hoewol't fierders alle papierren fan 'e Escobarezen fierders ynoarder binne, beskikke se net oer in útleveringsbefel fan it Vorkosigan-distrikt. As se him dêr dan daliks om freegje, wegeret er dat harren en moatte se har poerlulk en glysterich fan 'e bistkebûter ôfjaan.

A Civil Campaign einiget mei de keizerlike brulloft, dy't Mark-en-dy oangripe om har earste bistkebûterprodukt oan 'e man te bringen: eskdoarnambrozyn. Dat is bistkebûter fermongen mei eskdoarnmiede, de pleatslike drank fan it Vorkosigan-distrikt. Ek de tentoanstelde glorieuze bistkes binne in grut súkses. Troch de woltier fan 'e bûterbistke-ûndernimming hat Kareen no genôch jild om har folgjende stúdzjejier op Bêta Koloanje fan te beteljen. Mei har suster Martya, dy't it wol hiel goed fine kin mei dr. Borgos, hawwe sy en Mark ôfpraat dat dy de ûndernimming op Barrayar liede sil as hja beiden weromgeane nei Bêta Koloanje. Op 'e brulloft makket Kareen har oare suster Olivia boppedat har ferloving mei greve Dono Vorrutyer bekend. En Miles is tige optein as er fernimt dat Alexi Vormoncrief oerpleatst wurdt nei de ôfhandige legerbasis Lazkowski, yn it poalgebiet, better bekend ûnder de ûnoffisjele namme Kamp Permafrost, dêr't Miles sels ek ris in blaumoandei stasjonearre west hat (sjoch: The Vor Game).

Underwilens ûnderstiet Ivan By Vorrutyer oer dy syn rol oangeande de oerfal yn 'e parkeargaraazje. Dan komt út dat Richars, dy't miende dat By foar him spionearre yn it kamp fan Dono, By dy oerfal regelje litten hie; By hie lykwols in espel plysjeminsken klear stean om yn te gripen sadree't Richars syn bedoelings bewiisd wiene. Mar troch Dono syn ferrassingsbesyk oan Vorfolse, seagen de oerfallers harren kâns skoan yn dy parkeargaraazje ynstee fan op it plak dêr't de oanslach eins plakfine moatten hie. Ek jout By ta dat er al jierren in Imp-Sec-agint is dy't de malkontinten ûnder de Barrayareeske hegerein yn 'e rekken hâlde moat. Troch syn op eigen manneboet útfierde aksjes yn it foardiel fan syn neef Dono is er no yn rang weromsetten, mar hy ferwachtet dat dat mar tydlik is. Ta Ivan syn skrik blike By syn kontakten mei ImpSec te ferrinnen fia syn eigen mem, frouwe Alys Vorpatril.

Oersettings

  • Russysk (Graždanskaja Kampanija), fert. O. Kosova, 2000;
  • Frânsk (Ekaterin), fert. Jean-Pierre Roblain, 2001;
  • Spaansk (Una Campaña Civil), fert. Rafael Marín Trechera, 2001;
  • Bulgaarsk (Civilna Kampanija), fert. Milena Ilieva, 2002;
  • Kroätysk (Građanska Dužnost), fert. Martina Aničić, 2002;
  • Italjaansk (Guerra di Strategie), fert. Anna Feruglio Dal Dan, 2003;
  • Sineesk (?), fert. ?, 2005;
  • Dútsk (Botschafter des Imperiums), fert. Michael Morgental, 2006;
  • Tsjechysk (Civilni Služba), fert. Michael Střelec Pešťák, 2006.[4]

Prizen en Nominaasjes

  • Wûn de Sapphire Award (útrikt troch de Science Fiction Romance Newsletter) foar de bêste miks fan science fiction en romantyk fan 1999;
  • wûn de PEARL (Paranormal Excellence Award in Romantic Literature) Award foar bêste roman yn 'e science fiction-kategory foar 1999;
  • wûn de Russyske Strannik-priis fan 2000 (foar A Civil Campaign as fertsjintwurdiger fan 'e hiele Vorkosigan-kroniken) yn 'e kategory "de fiere gast";
  • nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 2000;
  • nominearre foar de Nebula Award foar de bêste roman fan 2000;
  • nominearre foar de HOMer Award foar bêste science fiction-roman fan 1999;
  • nominearre foar de Minnesota Book Award fan 2000 yn 'e kategory populêre fiksje.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Afterword, yn 'e omnibus Miles in Love, s. 859.
  2. Bujold, Lois McMaster, Afterword, yn 'e omnibus Miles in Love, s. 860-861.
  3. Bujold, Lois McMaster, Afterword, yn 'e omnibus Miles in Love, s. 860.
  4. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  5. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen