Ofslútdyk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 15: Rigel 15:


Oer de hiele wrâld is der noch altiten folle bewûndering foar it fakmanskap wêrmei de Ofslútdyk boud is. De dyk waard boud sûnder [[kompjûter|kompjûters]] en oare avenseare apparaten. De bou fan dizze dyk befêstige de posysje fan [[Nederlân]] yn de wetterboukunde.
Oer de hiele wrâld is der noch altiten folle bewûndering foar it fakmanskap wêrmei de Ofslútdyk boud is. De dyk waard boud sûnder [[kompjûter|kompjûters]] en oare avenseare apparaten. De bou fan dizze dyk befêstige de posysje fan [[Nederlân]] yn de wetterboukunde.

[[Kategory:Fryslân]]


[[af:Afsluitdyk]]
[[af:Afsluitdyk]]

De ferzje fan 10 feb 2007 om 12.58

In satellytfoto fan de Ofslútdyk

De Ofslútdyk is in dyk tusken it Noard-Hollânske Den Oever en it Fryske Surch. De dyk slút sûnt 1932 de Waadsee my de Sudersee. Fan dat momint ôf jerd de Sudersee ‘Iselmar’. De wetterkering is 32 kilometer lang en san 90 meter breed. De Ofslútdyk is in part fan de Suderseewerken, ûntwikkele troch Cornelis Lely. Yn prinsipe is de Ofslútdyk in daam omdat it gjin lân en wetter skyt, mar wetter tsjinhâld.

Yn earste ynstânsje soe der ek in treinspoar komme op de Ofslútdyk. Hjir wie ek rekkenskip mei holden, mar úteinlik is der gjin treinspoar op kaam, mar in ekstra brede sneldyk. An de noardside, de kant fan de Waadsee, leit ek in fytspaad.

Skiednis

Al yn 1886 wurden de earste plannen makke foar in ôfslútdyk. Yn dat jier waard de Suderseeferieniging oprjochte dy’t ûndersykje moest of de Súdersee ek ynpoldere wurde koe. Yngenieur Cornelis Lely wie hjir ek lid fan. Yn 1913, doe’t Lely al minister fan Wetterstaat wie waard ynpoldering yn it regearingsprogram set. Yn die tiid wiene der noch folle protesten, mar nei de wettersnoadramp fan 1916 wie de tiid klear foar it projekt en twa jier letter gie it parlemint ek akkoard.

Yn juny 1920 gie it projekt fan start. Der waard begong mei de anlis fan de Amsteldiepdyk fan Noard-Hollân nei Wieringen, wat yn die tiid noch in eilân wie. Sân jier letter begong de bou fan de Ofslútdyk echt. Der waard besletten om fan fjouwer plakken ôf te bouwen. Fan de beide kanten ôf, yn Fryslân en Noard-Hollân. En fan de wurkeilannen Breesân en Koarnwertersân.

Op 28 maaie 1932, om twa minuten oer ienen yn de middei, fiif jier nei it begjin fan de bou, waard it letste gat yn de Ofslútdyk sletten. Fjouwer maand letter, op 20 septimber 1932, waard de namme fan de Sudersee offisjeel wizige yn it Iselmar. Noch is en jier letter waard op 25 septimber 1933 de dyk iepene foar it ferkear.

Yn de Ofslútdyk sit krekt foar de Fryske kust in knik yn de dyk. Dizze knik is ynboud om sa de útstroom fan it Iselmar te fergemaklikjen. It slûzenkompleks fan Koarnwertersân wettert ôf op de skeane geul fan de Middelgrûnen. It like de yngenieurs better om it slûzenkompleks rjocht op de geul te pleatsen, omdat dan it wetter rjocht yn de liene fuort stroomt.

Oer de hiele wrâld is der noch altiten folle bewûndering foar it fakmanskap wêrmei de Ofslútdyk boud is. De dyk waard boud sûnder kompjûters en oare avenseare apparaten. De bou fan dizze dyk befêstige de posysje fan Nederlân yn de wetterboukunde.