Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 32 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q82972 (translate me)
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q82972 (translate me)
Rigel 69: Rigel 69:
[[be:Гісторыя Кітая]]
[[be:Гісторыя Кітая]]
[[eo:Historio de Ĉinio]]
[[eo:Historio de Ĉinio]]
[[es:Historia de China]]
[[et:Hiina ajalugu]]
[[et:Hiina ajalugu]]
[[nl:geschiedenis van China]]
[[nl:geschiedenis van China]]

De ferzje fan 5 mai 2013 om 11.48

De territoriale ûntwikkeling fan Sina ûnder de ferskate dynastyën.

De skiednis fan Sina is hiel bot beynfloede troch de geografyske lizzing fan it lân. As in grutte oaze is it lân fan alle kanten omsletten troch natuerlike grinzen. Ten easten en ten suden leit de Grutte Oseaan, oan de westkant it Tibetaanske heechberchtme, en yn it noarden oer in lingte fan 1600 km de Gobywoastyn. Der binne wol tagongswegen, mar relatyf sjoen leit Sina frij isolearre fan ynfloeden fan bûten ôf. Lykwols is it ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette.

Prehistoarje

De earste neolityske beskaving fan Sina wurdt troch argeologen de Jang-sjau-kultuer neamd. Sy wienen de earste lânbouwers en wennen yn in goardel fan east nei west, ferspraat oer it meast súdlik lizzende diel fan de fruchtbere "hege löss-flakten" yn de tsjintwurdige provinsjes Sjansy, Sjensy en Kansoe. Sy beskikten al oer klean fan jute of syde, as ek oer alderlei soarten ierdewurken potten, beskildere of bewurke mei flechtwurk en hienen de barch en hûn domestisearre.

De folgjende fase yn de Sineeske skiednis is neamd nei Loen-sjan, it plak dêr't as earste fynsten dyn binne fan dizze typyske kultuer. It skiep en rûnderen waard domestisearre en de ferbou fan rys dy syn yntree. Troch de fynsten fan ferskate soarten grêven docht bliken dat harren kultuer al sosjaal differentisearre wie. De Ljoe-sjan kultuer wurdt derom ek wol sjoen as de basis fan de earste histoaryske beskaving fan de Sina, dy fan de Sjang.

De earste hearskers

De Sjang

De Sjang-beskaving bestie neffens de tradisjonele tiidsberekkening tusken 1766 f.Kr oant 1046 f.Kr.. De ierste stedssintra dy't typearjend foar it Sjangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de Löss-flakten dat troch sydrivieren fan de Giele Rivier fan wetter foarsjen wurdt. Efterienfoljend hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't Jin de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Sjang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere Sineeske skrift.

It keninklik hof foarme it sintrum fan de Sjang-beskaving en troch de keningen waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Sjang-kultuer oer it Noardsineeske leech troch waard ferspried. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Sjang-foarsten effektyf politike macht waard útoefene nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Sjang kearde.

De Tsjow

Yn de 11e ieu f.Kr. foelen de Tsjow fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in ieu doarre foardat sy al it gebiet fan de Sjang-hearskers foarfêst yn hannen hienen. It sintrum fan har macht kaam te lizzen by de stêd Lo-jang dy't troch har stiften waard. Yn polityk en kultureel opsicht wienen sy de erfgenamten fan de Sjing. Harren grutste fernijing wie de yntroduksje fan it lienstelsel. Troch in systeem fan machtsdelegearing hienen de keningen fan de Tsjow in better grip op de grutte befolking as harren foargongers. Ferwanten en eallju krigen stikken lân bûten it keninklik domein tabediele sadat mear as 40 mei de Tsjow ferbûne fasaalsteaten ûntstienen.

De iere oarde fan de Tsjow hat oant 771 f.Kr. doarre, dat jier waard de Tsjow kening yn it westen ferslaggen troch nomadyske stammen en rekken har âlde wengebieten yn it Kung-chung-gebiet kwyt. It keninklik domein ferlear in grut part fan har gebiet en de haadstêd Lo-jang har politike gewicht. Stadichoan foel de politike en militêre macht yn hannen fan wichtige regionale foarsten dy't it meastepart fan de fasaalsteaten fan de Tsjow ferneatigen en har lân ynnommen. Grutte politike en kulturele feroarings hâlden plak en de kaart fan Sina feroare yngripend. Ut oerbleaune dokuminten docht bliken dat in protte nije stêden boud waarden en oanhâlden kriich fiere waard tusken de steaten ûnderinoar, dêr't massaal slachtoffers by foelen. Lykwols wie der yn dizze ûnrêstige tiden in eksplosive technologyske foarútgong, in grutte befolkingsoanwaaks en ferskine de earste echte Sineeske filosofen as Konfusius en Tao.

De Tsjow-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina. De lêste kening regearre oant en mei 256 f.Kr..

It tiidrek fan de keizerriken

Ofbylding fan Hwangty, de earste keizer

Yn 221 f.Kr. ûnderwurp Kwin Sy Hwangty, de kening fan de Tjin alle doedestiids steaten yn Sina en naam de titel fan hwangty, ferhevene foarst of keizer oan. Hy wie in wrede hearsker. Yn de krigen dy't troch him fierd waarden, binne nei alle gedachten wol oardel miljoen deaden fallen. Oan dizze keizer hat Sina har namme te tankjen. Hy kreëarre in steatsysteem dat mei tuskenskoften mear as twa tûzen jierren lang stân hâlde soe. Maten en gewichten waarden standerdisearre, wetten kodifisearre en yn hiel it ryk kamen mar der ien munt en ien skrift.

Neidat in oantal jierren nei it ferstoarn fan Kwin Sy Hwangty oeral opstannen útbrutsen, brocht Lioe Tji yn 208 f.Kr. as earste keizer fan de nije Han-dynasty frede. Ut dizze tiid datearret de grutste útwreiding fan Sina: nei it westen tsjin de ynfallende nomadenstammen út Sintraal-Aazje, nei it suden yn it tsjintwurdige Sina besuden de rivier de Jang-tse oant en mei it tsjinwurdige Fietnam. De Hantiid stiet bekend as ien fan de bloeiperioaden út de Sineeske skiednis en is opdield yn in westlik tiidrek (oant 9 n.Kr. en in westlik tiidrek (9-220 n.Kr. troch it ferplakken fan de haadstêd fan it westen nei easten. It Konfusianisme waard yn dy tiid de offisjele godstsjinst, de Sineense Muorre kaam ôf. Nei it westen ûntstie de siderûte en yn 105 die Kai Lun syn wichtige ûntdekking fan papier.

Yn de rin fan de 2e ieu rekke de hearskippij fan de Han lykwols yn ferfal en nei in grutte boereopstân fan de saneamde Gielmutsen en inkele paleisrevolúsjes foel de ienheidssteat yn trije riken útinoar. Pas yn 589 waard Sina opnij werienige ûnder de Swei-dynasty dy't yn 618 ferfongen waard troch de Tang-dynasty (oant 907, dêr't wer in tiidrek fan grutte útwreiding en bloei mei útein sette.

It boedisme hie Sina yn de twadde helte fan de 1e ieu berikt, mar fûn pas gruttere útwreiding yn de ieuwen fan politike ferdieldheid. Under keizer Taizu (386-409) waard it ta steatsgodstsjinst fan Sina

Yn 907 foel Sina wer yn lytse steatsjes útein oant it yn 975 wer feriene waard troch de earste keizer fan de Soeng-dynasty. Under dizze dynasty gong it de Sinezen wer in skoft lang foar de wyn. De ekonomy bloeide en de befolking ferdûbele oant sa'n 100 miljoen ynwenners. Mar ek oan dat tiidrek kaam wer in ein, want yn de rin fan de 12e ieu kaam it noardlike part fan Sina yn hannen fan de Jin-dynasty ôfkomstich út Mantsjoerije dy't Beijing ta haadstêd makken. It suden bleau ûnder bewâld fan de Song oant yn 1276 hiel Sina oerweldige waard troch in folk fan nomaden, de Mongoalen dy't Sina feriene en de Juan-dynasty (1279-1368) festige. De grûnlizzer fan dizze dynasty wie de freesde foarst Djenghiz Kaan. Yn betreklik koarte tiid wist dizze in enoarm grut gebiet ûnder syn bewâld te krijen. It omfieme it tsjintwurdige Mongoalje, Noard-Sina, Sintraal-Aazje en Súd-Ruslân oant en mei de grinzen fan it Arabyske Abassidenryk. Syn opfolgers foegen letter noch parten fan it Midden-Easten en fan East-Jeropa der oan ta. De wichtichste keizer fan dizze dynasty wie Kubilai Kaan (1215-1294). Hy brocht soarge foar frede yn it hiele ryk en de ekonomy bloeide wer op. Keunst en kultuer krigen wer kâns ta ûntwikkeling te kommen. Skilderkeunst, de keramyk en de literatuer berikten nije hichten. Under syn bewâld besocht de Italjaanske ûntdekkingsreizger Marko Polo Sina.

De lêste Juan-keizer waard yn 1368 ferdreaun troch Hongwu dy't de Ming-dynasty stifte. Under dizze dynasty die Sina begjin 15e ieu in goai nei wrâldhearskippij. Tusken 1405 en 1433 fear Admiraal Zheng He sânris nei lannen om de Yndyske Oseaan, wêrfan trije kear nei de eastkust fan Afrika, mear as 100 jier foardat de Jeropeanen útein setten mei de kolonisaasje fan it kontinint. Mar dizze besiking bruts ôf wêrnei in tiidrek fan isolemint folge.

Krekt doe't der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Aziatyske kultueren, stûke de kultuergroei yn Sina. It Ming-ryk wie oer har hichtepunt hinne. De lêste Mingkeizers wienen meastentiids swak en net tsjinsteande de Sineeske Muorre hie it lijen fan Mongoalske strooptochten en fanút see makken Japanske en Sineeske piraten de lange kuststripe ûnfeilich. Jeropa waard stadichoan konkurrint fan Aazje op it mêd fan wittenskip en technology. Yn 1631 brocht in grutte folksopstân in ein oan de Ming en de heal nomadyske Mantsjoes soenen mei har stamlieder Nurhachy de lêste dynasty fan Sina stiften.

Under de earste trije keizers fan de Mantsjoe-dynasty (1644-1912) hearske trochgongs frede, rust en wolfeart yn Sina. Neffens skattingen wie de befolking ein 18e ieu waakse oant 330 miljoen. It kristendom berikte Sina, mar krige gjin fêste fuot. Om 1700 wienen der lykwols al 300.000 bekearlingen, mar omdat de ferskate kristlike oarden ûnder inoar hieltyd spul hienen, waard it leauwen yn 1721 troch de keizer ferbean en moasten alle misjonarissen it lân ferlitte. Noch wat letter woenen de Sinezen alle Jeropeanen bûten de doar hâlde en yn 1757 waard allyksa bepale dat Jeropeeske hannelslju allinnich mar de súdlike havenstêd Kanton oandwaan mochten. Lang om let moast Sina romte jaan oan it ymperialistyske Jeropa doe't it yn de 19e ieu yntern tige ferskuorre rekke troch opienfolgjende opstannen en de ekonomy ynstoarte.

Yn 1894 rekke it yn kriich mei Japan en omdat de Japanske striidkreften folle better útrêsten wienen as de Sineeske late it in ferpletterjende nederlaach. Sina moast Korea en Taiwan oan Japan ôfstean. Even krige foarstanners fan herfoarmingen it foar it sizzen. De anty-Westerske, mar misleare Bokseropstân (1899-1901) betsjutte in earnstich gesichtsferlies foar it keizerryk. Fergees besocht it har oan de tiid oan te passen, in militêre kûp soe lykwols in ein makke oan in tiidrek.

De moderne tiid

Republyk Sina

Mei it ôfsetten fan de lêst Sineeske keizer yn 1911 kaam in ein oan in keizerryk, de republyk Sina waard útroppen. Fuort dêrnei ferklearren Mongoalje en Tibet harren ûnôfhinklik fan Sina en Tuva waard beset troch Ruslân. Sun Yat-Sen, dejinge dy't de revolúsje oanfiere hie waard de earste presidint.

Yn de Earste Wrâldkriich keas Sina de kant fan alliearden. Japan, dat offisjeel ek de kant fan de alliearden keazen hiel, besette lykwols de Dútske konsesje Shantung yn Sina, en besocht ûnderwilens mei "21 easken" in grut part fan harren soevereiniteit ôf te nimmen. Nei de kriich kamen dizze gebieten oan Japan ta. Yn Sina bruts in ûnrêstige tiid oan mei in protte anargy en ferskate minsken besochten tagelyk de macht nei harren ta te lutsen. Dizze minsken wurde de Kriichshearen neamd. Der woede in boargeroarloch dêr't yn 1925 in ein oan kaam, doe't de leider fan de Nasjonalistyske Kwo Min Tang partij, Tsjiang Kay-tsjek alle oerbleaune Kriichshearen ferslaggen hie.

Foar Sina begûn de Twadde Wrâldkriich al yn 1937 troch de besetting fan Japan fan grutte gebietsdielen yn it easten mei û.o. de haadstêd. Dat part fan it lân waard liede troch in Pro-Japanske Sineeske Regering. Doe't Japan yn 1945 de kriich ferlear waard kaam oan dizze regearing in ein en waard it hiele lân wer ferienige ûnder de Kwo Min Tang ynklusyf Matsjoerije.

Folksrepubyk Sina

Ofbyld:Mao Zedong portrait.jpg
Mao Tse-toeng

De ein fan de Twadde Wrâldkriich brocht lykwols gjin frede yn Sina. It lân foel wer te proai oan in boargeroarloch, no tusken de kommunisten fan Mao Tse-toeng en it republikeinske leger fan de Kwo Min Tang. Oan dizze oarloch kaam in ein yn 1949 troch de oerwinning fan de kommunisten. Mao Tse-toeng kaam oan de macht en de Kwo Min Tang regearing mei har oanhingers flechten nei Taiwan. Troch Mao waard in diktatoriaal bewâld festige mei in strike kontrôle oer it deistich libben yn Sina dat it libben kostsje soe oan miljoenen minsken.

Under Mao besette yn 1959 Sina Tibet en makke it lân de desastreuze kulturele revolúsje (1966-1970) mei en wilens de Koreaanske Kriich reagen Sineeske militêren de NAFO út Noard-Korea. Mao krige help fan de Sowjetuny foar de ûntjouwing fan grutte yndustry yn Sina.

Tsjintwurdich

Nei de dea fan Mao yn 1976 bleau Sina foar it each kommunistysk, mar stadichoan waard it hieltyd frijer op it persoanlik en ekonomysk flak, wylst it lân dochs eleminten behâlde fan totalitarisme tsjinoer politike, religjeuske en etnyske minderheden. Oant en mei distiid wurdt it ienpartijstelsel yn Sina hanthavene en bliuwt it skeinen fan minskerjochten en korrupsje in probleem, benammen ten opsichte fan Falun Gong en Tibet.

Yn 1997 kaam Hongkong wer by Sina dat sûnt 1897 ferhierd wie oan de Britten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oudheusden, J. van - De geschiedenis van China, in een notedop, Amsterdam-2008.