Nulmeridiaan: ferskil tusken ferzjes
L robot Erbij: fa:نصفالنهار مبدأ, zh:本初子午線 |
L robot Erbij: ast:Meridianu de Greenwich, lv:Griničas meridiāns |
||
Rigel 17: | Rigel 17: | ||
Presys tsjin de nulmeridiaan oer leit de teoretyske [[Ynternasjonale datumline]]. Tegearre diele se de wrâld yn twa helten, it [[Eastlik healrûn]] en it [[Westlik healrûn]]. De hoeke dy't in flak troch de ierdas en de nulmeridiaan makket mei in flak troch de ierdas en in oare meridiaan, hjit de ''lingte'' fan dy meridiaan. Op it eastlik healrûn is dat [[easterlingte]], op it westlik healrûn is dat [[westerlingte]]. |
Presys tsjin de nulmeridiaan oer leit de teoretyske [[Ynternasjonale datumline]]. Tegearre diele se de wrâld yn twa helten, it [[Eastlik healrûn]] en it [[Westlik healrûn]]. De hoeke dy't in flak troch de ierdas en de nulmeridiaan makket mei in flak troch de ierdas en in oare meridiaan, hjit de ''lingte'' fan dy meridiaan. Op it eastlik healrûn is dat [[easterlingte]], op it westlik healrûn is dat [[westerlingte]]. |
||
[[ast:Meridianu de Greenwich]] |
|||
[[ca:Meridià de Greenwich]] |
[[ca:Meridià de Greenwich]] |
||
[[cs:Základní poledník]] |
[[cs:Základní poledník]] |
||
Rigel 31: | Rigel 32: | ||
[[it:Meridiano di Greenwich]] |
[[it:Meridiano di Greenwich]] |
||
[[ja:グリニッジ子午線]] |
[[ja:グリニッジ子午線]] |
||
[[lv:Griničas meridiāns]] |
|||
[[nl:Meridiaan van Greenwich]] |
[[nl:Meridiaan van Greenwich]] |
||
[[pl:Południk zerowy]] |
[[pl:Południk zerowy]] |
De ferzje fan 6 feb 2007 om 03.55
In nulmeridiaan is in meridiaan, oanwiist as basis dêr't de posysje fan oare meridianen mei bepaald wurdt. Yn it standert geografysk koördinatestelsel is de meridiaan fan Greenwich de nulmeridiaan.
Klassike nulmeridiaan
Klaudios Ptolemaios lei de nulmeridiaan oan it úterste westen fan de wrâld, oer Ferro, it westlikste fan de Kanaryske Eilannen. Arabyske astronomen brûkten sûnt 1075 in oare nulmeridiaan, de meridiaan fan de súdpunt fan Afrika. Op in kongres yn 1634 waard lykwols de meridiaan fan Ferro befêstige.
Moderne nulmeridianen
De grûn foar it fêststellen fan de ûnderskate nulmeridianen is dat, oars as foar de parallellen, dêr't de evener de logyske nulwaarde is, der gjin logyske nulmeridiaan is. As gefolch dêrfan waard by eltse nasjonale trijehoeksmjitting in eigen nulmeridiaan oannaam. Bygelyks:
- Frankryk: meridiaan fan Paris, oer it Observatoarium fan Paris.
- Fryslân: meridiaan fan Ljouwert, oer de Aldehou.
- Ingelân: meridiaan fan Greenwich, oer it Observatoarium fan Greenwich.
- Nederlân: meridiaan fan Amsterdam, oer de Westertoer.
Standert nulmeridiaan
Yn de 19e ieu kaam der ferlet fan in ynternasjonale standert foar de nulmeridiaan. Yn oktober 1884 waard troch it Ynternasjonale meridiaankongres de meridiaan fan Greenwich oanwiisd as standert nulmeridiaan. Dêrmei waard ek de sinnetiid op dy meridiaan de standert foar wrâldtiid, Greenwich Mean Time.
Relaasje mei oare begrypen
Presys tsjin de nulmeridiaan oer leit de teoretyske Ynternasjonale datumline. Tegearre diele se de wrâld yn twa helten, it Eastlik healrûn en it Westlik healrûn. De hoeke dy't in flak troch de ierdas en de nulmeridiaan makket mei in flak troch de ierdas en in oare meridiaan, hjit de lingte fan dy meridiaan. Op it eastlik healrûn is dat easterlingte, op it westlik healrûn is dat westerlingte.