Henk-Jan Held: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
oanfolling
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 5 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2194316 (translate me)
Rigel 41: Rigel 41:
[[Kategory:Nederlânsk follyballer]]
[[Kategory:Nederlânsk follyballer]]
[[Kategory:Nederlânsk follybaltrener]]
[[Kategory:Nederlânsk follybaltrener]]

[[en:Henk-Jan Held]]
[[it:Henk-Jan Held]]
[[nl:Henk-Jan Held]]
[[pl:Henk-Jan Held]]
[[pt:Henk-Jan Held]]

De ferzje fan 25 apr 2013 om 18.10

Henk-Jan Held
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 12 novimber 1967
berteplak Renswâld
lingte 2,01 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 1992, 1996
karriêre-ein maaie 2008
wichtige prestaasjes
Olympyske Spullen 1996

Olympyske Spullen 1992

Hendrik Jan (Henk Jan) Held (Renswâld, 12 novimber 1967) is in eardere Nederlânsk follyballer, tsjintwurdich is er ek follybaltrener. Sûnt 22 maart 2011 is Henk-Jan Held assistint-trener fan de manljusploech fan Nederlân.

Hy beheart ta de gouden generaasje dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta. Henk-Jan Held wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.

Henk-Jan Held die twaris mei oan de Olympyske Spullen. Yn 1992 waard er by de Simmerspullen yn Barselona mei de Nederlânske ploech twadde efter Brazylje. Fjouwer jier letter wie er lid fan de Nederlânske ploech dat goud ferovere yn Atlanta troch Itaalje yn de finale mei 3-2 te ferslaan. Sûnt 2001 hat Held de Italjaanske nasjonaliteit. Om't Itaalje nea Olympysk goud wûn hat, is Held de ienige Italjaan mei Olympysk goud yn it follybal. Yn totaal hat Henk-Jan Held 375 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Yn maaie 2008 beëinige Held syn karriêre yn de âldens fan 40 jier. Nei syn aktive karriêre besleat er om follybaltrener te wurden. Sa waard op 22 maart 2011 bekend dat er assistint-trener wurde soe fan de Nederlânske manljusploech. Hy sil dêrby âld-ploechgenoat Edwin Benne assistearje, dy't Peter Blangé opfolget. As wichtichste doelstelling hat it twatal it heljen fan de Olympyske Simmerspullen fan 2016 yn Rio de Janeiro. Henk-Jan Held sil sowieso oant 2012 de rjochterhân wêze fan Edwin Benne.[2] [3]

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterlannen oersjoch NeVeBo
  2. "Benne nieuwe coach volleybalmannen", NOS.nl, 22 maart 2011
  3. "Henk Jan Held assistent-coach Oranje volleybalmannen", volleybal.nl, 22 maart 2011