Sintraal-Jeropa: ferskil tusken ferzjes
L r2.7.3) (Bot - derby: diq:Ewropaya Miyanêne |
L Bot - fuort: it:Europa Centrale (strong connection between (2) fy:Sintraal-Jeropa and it:Europa centrale) |
||
Rigel 85: | Rigel 85: | ||
[[yo:Gbọ̀ngàn Àrin Europe]] |
[[yo:Gbọ̀ngàn Àrin Europe]] |
||
[[is:Mið-Evrópa]] |
[[is:Mið-Evrópa]] |
||
[[it:Europa Centrale]] |
|||
[[ja:中央ヨーロッパ]] |
[[ja:中央ヨーロッパ]] |
||
[[jbo:mijropno]] |
[[jbo:mijropno]] |
De ferzje fan 25 apr 2013 om 09.39
Sintraal-Jeropa is it gebiet dat tusken East-Jeropa en West-Jeropa yn leit. Yn guon definysjes oerlappe de gebieten elkoar, ek mei Noard-Jeropa, Súd-Jeropa en Súdeast-Jeropa. De term wurdt wer brûkt sûnt de ein fan de Kâlde Kriich, dy’t Jeropa yn East en West ferdield hie mei it Izeren Gerdyn, wêrtroch “Sintraal-Jeropa” yn twaën snien waard.
De definysjes fan Sintraal-Jeropa ferskille fan elkoar. Sintraal-Jeropa wurdt wol definearre nei in histoaryske, etnyske, politike of geografyske eftergrûn.
Op it stuit sjocht de definysje fan Sintraal-Jeropa der sa út:
- Alpenlannen:
Utsein Lychtenstein en Switerslân binne alle lannen fan Sintraal-Jeropa lidsteat fan de Jeropeeske Uny.
Ek oare definysjes wurde wol brûkt. De neikommende lannen of gebieten fan lannen wurde om histoaryske en kultuerele redenen ek wol ta Sintraal-Jeropa rekkene.
- Kroaasje (útsein Ystrië en Dalmaasje, somtiden wol it heule lân)
- Roemeenje (Transsilvaanje en Bûkovina, somtiden it heule lân)
- Servje (Vojvodina)
- de Oekraïne (de Oblast Zakarpattia en eardere Galyske gebieten)
- Ruslân (de Oblast Kalinigrad)
- Frankryk (de Elsas en Lotaringen)
- Itaalje (Súd Tirol, ek wol it heule noardeasten fan Itaalje)
Yn guon definysjes, yn bygelyks Meyers Grosses Taschenlexikon, wurde ek Nederlân, Belgje en Lúksemboarch ta Sintraal-Jeropa rekkene.