Havenkraan fan Harns: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Frysker
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2715624 (translate me)
Rigel 25: Rigel 25:
[[Kategory:Rekreaasje yn Fryslân]]
[[Kategory:Rekreaasje yn Fryslân]]
[[Kategory:Harns]]
[[Kategory:Harns]]

[[nl:Havenkraan van Harlingen]]

De ferzje fan 25 apr 2013 om 03.45

Havenkraan fan Harns

De Havenkraan fan Harns (Bynammen: Blauwe Kop, de Spin en Lange Willem) is in havenkraan dy't as oernachtingplak (hotel) brûkt wurdt yn de haven fan Harns en leit tichtby it âlde sintrum fan de stêd. De kraan is oant 1996 ynset by it lossen fan houtfrachten út Ruslân en Skandinaavje.

Skiednis en Takomst

De haventopkraan fan it merk Figee waard boud yn 1967. De kabine is 17 meter boppe de kaai; de gyk rikt oant 45 meter hichte. De havenkraan is yn 2001 oerdroegen oan de hjoeddeiske eigener, dy't der benei twa jier foar útluts om de nije bestimming te realisearjen, nammentlik as 2-persoans keameroernachting. Fan septimber 2003 ôf wie it hjirmei mooglik om Harns en de Waadsee fanôf kraanhichte te besjen.

De Spartaanse koailedders binne ferfongen troch twa spesjaal ûntwurpen liften. De keamer yn de kraan is 60 kubike meter grut en beskikt oer in bêd, sitplakken fan Charles Eames en 2-persoans stoartbad. It ljocht en de audiovisuele elektronika kin betsjinne wurde mei touchscreens. Der is ek in terras op it dak en der is in doarke wêrby't men nei bûten rinne kin en wurdt omsletten troch in hechte reling.

De hiele kraan kin ek noch betsjinne wurde mei ien kneppel. Gasten fan de kraan meie de kraan 360° draaie en kinne sa sels kieze hokker útsjoch se hawwe wolle.

Algemiene gegevens

  • Boud: 1967
  • Fabrikant: Figee / Amsterdam
  • Type: haventopkraan
  • Restaurearre: 2001-2003
  • Konstruksjebedriuw: SMST / Frjentsjer
  • Heechste punt: 49 meter boppe gemiddeld heechwetter

Keppeling om utens