Klaaistreek: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
yw.
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1897938
Rigel 12: Rigel 12:


[[Kategory:Diel fan Fryslân]]
[[Kategory:Diel fan Fryslân]]

[[nl:Kleistreek]]
[[stq:Kloaistreek]]

De ferzje fan 22 apr 2013 om 15.08

De Klaaistreek is in gebiet dat binnen de provinsje Fryslân har eigen kultuergebiet foarmet. De namme komt fan de grûn dêr't it gebiet út bestiet, fette seeklaai.

By it gebiet wurdt ornaris de gebieten dy’t noardlik en westlik fan Ljouwert lizze rekkene. De begrinzing rint likernôch by de Fryske Marren yn it suden, oer Ljouwert, en Dokkum yn it noarden nei Dokkumer Nije Silen.

Dialekt

Yn de omkriten fan de Klaai wurdt ien fan de fjouwer grutte Fryske dialekten sprutsen, it Klaaifrysk. Dit dialekt ferskilt fan it Fryske dialekt dat yn de Fryske Wâlden, it Wâldfrysk, sprutsen wurdt. Under mear trochdat by it Frysk fan de Klaai it ûnderskied tusken de twa klanken yn de wurden ‘nei’ en ‘nij’ te hearren is.

Ek ûnderskiedt it Klaaifrysk him mei fan it Súdwesthoeksk. Dit trochdat it ferskynsel dat Nijere brekking neamd wurdt yn it Klaaifrysk foar komt en net yn it Súdwesthoeksk.

Sjoch ek

Klaaifrysk