Wânswert: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q3028090
Rigel 78: Rigel 78:


[[Kategory:Wânswert| ]]
[[Kategory:Wânswert| ]]

[[en:Wanswerd]]
[[fr:Wânswert]]
[[nl:Wanswerd]]

De ferzje fan 22 apr 2013 om 08.39

de himrik fan Wânswert
de tsjerke fan Wânswert

Wânswert is in doarp dat yn de gemeente Ferwerderadiel in bytsje apart leit. It liket gjin part te wêzen fan in oanslutende rige, as de oare doarpen. Wol nimt it, troch de foarse toer en tsjerke, in plak yn it lânskip yn. Oan de noardkant fan Ljouwert leit Wânswert as in beaken yn it wide lânskip, nei it noarden dêr't de Ie nei it easten bûgt.

Skiednis

Argeologyske fynsten hawwe sjen litten dat it gebiet, dêr't Wânswert no leit, al tusken 8000 en 3000 foar Kr. út en troch bewenne west hat. By it begjin fan ús jiertelling kamen der fêste bewenners.

Ut it suden wei jouwe de tsjerke en mûne 'De Fiktor' stal oan it doarpsoansjen.

Wânswert gou as in ryk doarp. De âlde pastorij en de mânske tsjerke en toer, dy't oan Petrus tawijd wienen, jouwe dêr noch tsjûgenis oer. Der waard sels sein dat Wânswert sa ryk wie dat der goud yn de klok ferwurke wie.

Yn de 19e ieu hat Wânswert ek in rol spile by de Ofskieding. De Kristlik Ofskieden gemeente yn Wânswert hat, mei troch it geastlike klimaat dêr, wichtich west by de fuortgong fan de Ofskieding.

It gong mei Wânswert yn de lêste 50 jier fan de 20e ieu krekt sa as mei mear boeredoarpen. Der kaam gjin nijbou mear en ek yn Wânswert moast de lêste winkel slute. De pastorij waard net mear troch in dûmny bewenne.

Namme

De namme komt ek foar as Wanswerd, Wandelswerth en Wandelsweert.Guon ferklearje de namme Wânswert as Wedas terp. Dat soe der dan op wize kinne dat de tsjerke in foargonger hân hat as in Germaansk hillichdom. Oaren tinke dat de namme ôflaat is fan de persoansnamme Wander. Dan is it de terp fan Wander.

Gebouwen

De staten

Wânswert fan it suden út sjoen

Yn de skiednis fan Wânswert spylje twa famyljes in wichtich part. De Donia's, wêr't de terp Doanjeterp by de Streek noch omtinken jout. De oare famylje wie dy fan de Goslinga's. Yn de tsjerke is noch in sark fan Sipt van Goslingha.

De mûne

De mûne Fiktor, is út 1867. Foar dy tiid moasten seis lytse boeremûnen en in trijetal tsjaskers it lân droech hâlden. Lykas in soad oare mûnen waard ek de Fiktor yn de 20e ieu oerstallich. De Stichting De Fryske Mole hat de mûne yn 1978 oernommen en dy wurdt no brûkt as learmûne foar takomstige mealders. De mûne is noch hielendal bedriuwsklear en kin yn need it wetterskip helpe.

Slinge

Wânswert leit oan wat ea in slinge wie dy't by Ljouwert yn de Middelsee útkaam. Ta Wanswert wurdt ek it buorskip Tergreft rekkene, dêr't dy slinge ferbûn is mei in slinge fan de side fan Dokkum ôf. Troch't dy ferbining ûntstie de Dokkumer Ie. Ljouwert krige sa in farwei nei it Waad.

Mienskip

Oant 1974 wiene der noch winkels en oant 1983 wie der in skoalle yn it doarp. Oerbleaun is in hechte doarpsmienskip. De Wânswerters besykje sa folle as it kin de doarpsferienings yn libben te hâlden. De ienigens blykt út aktiviteiten as toulûken, doarpsfeest, toanieljûn en fiskdagen. Yn de buorren stiet de âlde skoalle út 1896, no it doarpshûs Eldorado. Ek Doarpsbelang hat hjir syn gearkomsten.

Befolking

It ynwennertal fan Wânswert yn it ferline is net maklik nei te gean, om't de Streek der meastentiids by rekkene waard. Om 1840 hinne wienen der neffens Van der Aa 125 minsken dy't yn it doarp wennen.

Ferienings

  • Eldorado - jeugdsoas
  • Concordia - muzyk
  • Damferiening
  • Toanielferiening

Strjitten

  • Bartlehiem - buorskip Bartlehiem
  • De Buorren -
  • Goslingawei -
  • Iedyk -
  • Joastereed -
  • Kleasterdyk -
  • Oan 'e Kamp -
  • Patroanswei -
  • Skettersdyk - Op de prekadastrale atlas fan Ferwerderadiel (1640 - 1700) stiet de wei oanjûn as Schaddersdijk.
  • Skoallestrjitte-
  • Tergrêft - buorskip Tergrêft
  • Tsjerkepaed -
  • Wirdsterterp -

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: