Willem Santema: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Willem Santema
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q653072
Rigel 23: Rigel 23:
{{DEFAULTSORT:Santema, Willem}}
{{DEFAULTSORT:Santema, Willem}}
[[Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich]]
[[Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich]]

[[nl:Willem Santema]]

De ferzje fan 22 apr 2013 om 09.25

Willem Santema ( Skearnegoutum, 2 maart 1902 - Vught 10 augustus 1944 ) wie in Fryske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.

Jeugd, oplieding en wurk

Santema is berne as twadde soan fan boer Tjitse Santema en Gerbrich de Roos. Hy gie nei de MULO yn Snits, wurke by syn heit op'e pleats, en helle yn 1921 in diploma oan de Rykslânbouwinterskoalle yn Ljouwert. Yn 1926 troude hy mei Tryntsje Atsma út Toppenhuzen. Earst wennen se op in pleats yn Skearnegoutum, mar yn 1932 begûnen se teagearre in radiosaak. Santema ferhierde ek auto's, soms mei himsels as sjauffeur. Nei't er yn Dútslân west hie warskôge hy yn 1934 yn in reisbeskriuwing tsjin it nije rezjym. Flak foar de Twadde Wrâldoarloch ferhuzen de Santema's nei Snits. Santema waard yn 1939 lid fan de gemeenterie fan Snits.

Ferzetsaktiviteiten

Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Santema ien fan de oprjochters fan de "Fersetsgroep Lever", in fersetsgroep út Snits om de famylje Lever hinne. De kearn fan dizze fersetsgroep wie Santema, Hendrik Jacob Lever en syn trije bern, Jan Lever, Hendrik Jacob Lever Jr. en Meta Lever. In jannewaris 1943 ferhuze hy nei Amsterdam. Santema naam de skûlnamme Ype Brandsma oan en kaam sabeare fan Warkum. Hy waard de belangrykste fersprieder fan it yllegale blêd Trouw, en wie yn april 1943 ien fan de oprjochters fan de Ried fan Ferset.

Arrestaasje, proses en eksekúsje

Op 23 desimber 1943 waard hy troch de Sicherheitsdienst arrestearre yn ‘Ons Huis’. Dit wie in boppeferdjipping oan de Ruysdaelstraat yn Amsterdam wêr't stikem nei de ferbeane stjoerders Radio Oranje en BBC harke waard, wêrnei't it sa opfongen nijs yn it yllegale blêd Radio Londen publisearre waard. In grut tal leden fan de Trouw-groep waard arrestearre. De groep waard nei Haaren oerbrocht en letter nei kamp Vught. Op sneon 5 augustus 1944 waarden de fersetsstriders foarlieden by it Polizeistandgericht. Santema en noch 23 fersprieders fan Trouw waarden ter dea feroardiele. Op 9 augustus waard it fûnis yn de lanlike deiblêden publisearre. Ien fan de feroardielden hie noch straffermindering krigen; de oare fûnissen bleaunen hanthavene. Op 9 augustus waarden seis leden fan de groep yn Vught fusillearre; op 10 augustus de oaren, wêrûnder Santema.

Neilittenskip

Santema krige nei syn dea it Fersetskrús. Yn de jierren sechtich is nei him in strjitte neamd yn de wyk Lemmerwei-east yn Snits. Bern hied er net. In neef út Heech publisearre yn 1990 tegearre mei de Snitser ûnderwizer Henk van de Veer in boekje oer syn omke.

Literatuer

  • H. van Amstel en A. Booij De Waag staat in brand Ljouwert, 1995
  • Willem O. Santema en Henk van der Veer Willem Santema, in fersetsman 1902-1944 Easterein, 1990

Ferwizings