Wergea: ferskil tusken ferzjes
→Berne yn Wergea: Yn it Frysk |
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2469346 |
||
Rigel 75: | Rigel 75: | ||
[[Kategory:Idaerderadiel]] |
[[Kategory:Idaerderadiel]] |
||
[[Kategory:Wergea| ]] |
[[Kategory:Wergea| ]] |
||
[[en:Wergea]] |
|||
[[fr:Wergea]] |
|||
[[nl:Warga]] |
De ferzje fan 22 apr 2013 om 08.13
| |||||
Gemeente | Boarnsterhim | ||||
Ynwennertal (2004) | 1576 | ||||
Webstee | Thússide Wergea |
Wergea is in doarp oan de Wergeaster Feart yn de gemeente Boarnsterhim, mei 1.576 ynwenners (1 juny 2004). Foar 1984 wie Wergea part fan de eardere gemeente Idaarderadiel. Opfallend binne de twa hast identike tsjerketuorren dy't it doarp de bynamme fan "it doarp mei de twa tuorren" joegen. Se binne fanút hast alle wynrjochtings goed te sjen.
Skiednis
Wergea is grut wurden trochdat it sa'n bytsje healwei de Wergeaster Feart lei, dêr't in protte skipfeart wie. De feart wie ieuwenlang de koartste ferbining tusken noard- en súd Fryslân. Oan de iene kant troch beropsfeart, in soarte lytse hannelfeart. De lading bestie benammen út jirpels en nôt fan it noarden nei it suden en turf yn omkearde rjochting. Troch de sintrale lizzing fan Wergea diene in soad skippers hjir ynkeapen en wreide it doarp út. Oaljemûnen, slachters en bakkers ferskynden. Winkeltjes yn tou, drank, piteroalje, lynkoeken en tar. Soms wienen der twa winkeltjes yn ien hûs. Benammen de freedmerk yn Ljouwert soarge foar insoad skipfeartferkear. Sa'n 50 boaten gienen op de hinnereis op tongersdei troch de twa Wergeaster klapbrêgen, dy't doe Suder- en Noarderholt hjitten. De earste lei yn it ferlingde fan de Giele Eker en foarme de oerbrêging mei de Lytse Buorren. It Noarderholt is noch altiten de brêgeferbining tusken de Tsjerkebuert en de Ljouwerterdyk. Op freedtemiddei waard de rûte omkeard ôflein, wêrby't wèr tol betelle wurde moast oan de "brêgewippers". De wrevel fan de skippers oer dizze jildynhelderij utere him yn it kiezen fan de skelnamme "brêgebidlers".
It besjen wurdich
Twa tuorren
Yn de buorren by de brêge stiet de eardere Nederlânsk herfoarme Tsjerke. Dy is omboud ta kultureel sintrum mei de namme "De Bidler". De oare helte fan it tsjerketwatal is de noch brûkte roomske Sint-Martinustsjerke oan de dyk rjochting Warten. Beide tsjerketuorren bine ûnderbrocht yn de stifting "De Twa Tuorren".
De Tsien fan Martens Afke
Wergea is it plak fan de De tsien fan Martens Afke fan Nynke van Hichtum. De Wergeaster húshâlding Veenstra dy't beskreaun wurdt yn it boek is ferivige yn brûns. It troch Suze Berkhout ûntwurpen byld stiet yn it plantsoen oan de Nije Ljouwerterdyk.
Yn 1903 kaam it boek "Afkes Tiental" út. De earste jierren waard it min ferkocht, oant 1906, doe't it ynienen yn de belangstelling kaam. It boek waard letter werprinte yn in soad talen. Yn it boek beskriuwt Sjoukje Bokma-de Boer - skûlnamme Nynke van Hichtum - de earste frou fan Mr. Pieter Jelles Troelstra, op prachtige wize it lek en brek fan in Fryske arbeidershúshâlding oan de ein fan de njoggentjinde ieu.
Hiltje Feenstra, yn it boek letter Wiepkje, hie twa jier lang tsjinstfaam by har, yn it hûs oan de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert west. Fan har en út har besites oan mem Afke, yn werklikheid Harmke Feenstra-Tuinstra, hat de skriuwster de gegevens foar har boek helle.
It Afkes Tsiental-byldsje is yn 1970 ûntbleate troch de, doe noch libjende soan Ale Feenstra (yn it boek lytse Wiebe) en beppesizer Harmke Wijma-de Vries. Prinses Margriet wie by de ûnthulling, krektas frou Tjits Eisenga-de Groot, dy't it Afkes-Tsiental-boek yn it Frysk Oersette. It húske dêr't Marten en Afke mei harren tsien bernn (eigentlik tolve, want neidat it boek útkaam, waarden der noch tws spruten berne), stie efter it hûs oan de Hillebuorren 8. De stege dêrhinne bestiet noch.
It Ald Slot
Yn Wergea hat ek in stins stien, mar dy is yn 1782 ôfbrutsen. Mei it materiaal dêrfan is letter it Ald Slot boud. Wa't it boek "Afkes Tiental" lêst komt dêryn fragmintentsjin wêryn dit slot beskreaun wurdt met dêromhinne in grêft. Efter it slot lei in bosk dêr't by 't winter hout sprokke waard om de kachel te stoken. In poarte joech tagong ta wat no It museum Ald Slot hjit. Hjir wurde ûnder oare eksposysjes hâlden.
Popta Gasthûs
Yn de gevel fan it Popma Gasthûs oan de Lytse Buorren sit it famyljewapen fan de popma's. De Lytse- en de Grutte Buorren rinne byl6ans de Wergeaster Feart (fan de brêge rjochting suden). Yn it Poptahûs koenen widdo's eartiids ûnderdak fine.
Mûnen
By Wergea steane twa poldermoles, de Himpenserpoldermûne en in pealtsjasker.
Mienskip
Rounom de Kearewear is ien fan de buertferienings fan it doarp. De artysten fan Twarres komme út Wergea.
Untwikkeling ynwennertal
- 2010 - 1.636
- 2004 - 1.576 (1 juny)
- 2003 - 1.638 (1 jannewaris)
- 1973 - 1.684
- 1969 - 1.515
- 1964 - 1.467
- 1959 - 1.463
- 1954 - 1.483
- 1913 - 1.424
Op woansdei 22 augustus 2007 is de earste peal slein foar de nijbouwyk Grut Palma.
Berne yn Wergea
- Minne Hoekstra (10 juny 1884), dûmny en winner fan de earste Alvestêdetocht) († 1941).
- Meindert Bijlsma (11 novimber 1941), skriuwer en dichter
- Jan Brander (1946), amateurhurdfytser, hâlder UCI-wrâldoererekord 60+
- Rinske Zeinstra (23 desimber 1947), 3x Frysk en 1x Nederlânsk koartebaankampioene reedriden († 21 febrewaris 2006).
- Anneke Zeinstra (4 juny 1953), 4x Frysk en 3x Nederlânsk koartebaankampioene reedriden, en 1x Frysk langebaankampioene reedriden
- Hans Sinnema (5 july 1957), Frysk byldsnijer; û.o. makker kopy fan it soldaatsje fan Barrahûs
Ferskaat
- Yn Wergea wurdt ek Iepenloftspul Wergea hâlden.
- Yn it doarp stie ek de widze fan it Teatsen.
Strjitten
Alle strjitten yn Wergea.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|