Teodoasius de Aldere: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 14 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q537126
Rigel 11: Rigel 11:


[[kategory: Romeinen]]
[[kategory: Romeinen]]

[[bg:Флавий Теодосий]]
[[ca:Flavi Teodosi el Vell]]
[[cs:Theodosius starší]]
[[de:Flavius Theodosius]]
[[en:Count Theodosius]]
[[es:Flavio Teodosio]]
[[fr:Théodose l'Ancien]]
[[it:Flavio Teodosio]]
[[la:Flavius Theodosius (mortuus 376)]]
[[nl:Flavius Theodosius]]
[[ru:Феодосий Старший]]
[[sh:Teodozije Stariji]]
[[vi:Theodosius Già]]
[[zh:老狄奥多西乌斯]]

De ferzje fan 22 apr 2013 om 07.29

Teodosius de aldere (Latynsk: Flavius Theodosius) wie in senior militêre ofsier dy't tsjinne yn it Westlik-Romeinske leger. Hy helle de rang fan comes en betiids ek oantsjut as Comes (Graaf) Teodosius. Hy wurdt beskôge as stifter fan de Teodosjaanske dynasty.

Hy troude Termantia en hie by har in soan, dy't ek Teodosius neamd waard, yn Cauca (hjoeddeisk Coca, Segovia) yn Spanje om 346 hinne. Alletrije wienen Kristenen.

Yn 368 waard Teodosius nei Brittanje stjoerd, om op te treden tsjin barbaarske ynfallers. Dat die hy mei in protte sukses en as beleanning krige hy de funksje fan magister equitum praesentalis, oan it hof fan keizer Falentinianus I.

Yn 373 wie Teodosius oanfierder fan de militêre ekspedysje tsjin Firmus, in opstanneling yn Mauretaanje. Teodosius oerwûn Firmus mar waard lykwols finzen set yn Kartago. Begjin 375 liet de keizer him terjochtstelle. De reden hjirta is net wis, nei alle gedachten waard hy troch him as gefaarlik beskôge.

Teodosius syn famylje wie dernei in skoftsje net mear yn oansjen by de keizer en hâlde har rêstich yn Spanje. Mar op Teodosius syn soan waard al gauris in berop dien doe it ryk yn 378 mei swierrichheden te krijen hie.