Saailân: ferskil tusken ferzjes
No edit summary |
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2899897 |
||
Rigel 13: | Rigel 13: | ||
[[Kategory:Strjitte yn Ljouwert]] |
[[Kategory:Strjitte yn Ljouwert]] |
||
[[nl:Zaailand]] |
De ferzje fan 22 apr 2013 om 06.39
It Saailân is in strjitte yn Ljouwert. Ek it Wilheminaplein, dat neist de strjitte leit wurdt oer it algemien 'It Saailân' of 'It Saailânplein' neamd. It plein klei eartiids bûten de stêd, mar kaam geandewei mear yn de stêd te lizzen. Willem Loadewyk oefene hjir mei syn soldaten. Op it plein fine it hiele jier troch diskemerken, merke en oare eveneminten plak. Yn 1865 wie der in lânboutentoanstelling. Letter waarden der ek keatswedstriden, ringriderijen, feemerk en sjippekisterees hâlden. Flak foar de befrijing waard yn april 1945 it Old Burger Weeshûs troch de Dútsers yn de brân stutsen. Latter soe hjir it gebou fan de wetterlieding ferrize. Nei de Twadde Wrâldoarloch wienen ek de Sjah fan Perzje en de Kanadeeske Shermantanks te besjen. Om it plein stienen kafeees mei nammen as Houbein, de Nederlanden, Us Thús en City Bar. Yn 2011 sit allinnich kafee it Wapen fan Ljouwert der noch, dêr't de keaplju op freed by elkoar sitte.
Yn 2008 waard it plein troch keunstner Henk Hofstra beskildere mei in oantal tige grutte spegelaaien. Yn 2011 wie yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert in eksposysje oer it plein te sjen. Yn 2013 sil it Glêzen Hûs fan Serious Request (Radio 3FM) op it plein stean.
Nije ynrjochting
De gemeente Ljouwert is fan doel it Saailân op 'e nij yn te rjochtsjen. Sa sil de parkeargaraazje dy't ûnder it plein leit grutter makke wurde en komt it Frysk Museum dêr te stean.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |