Roc Books: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L kat fuorthelle
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2646621
Rigel 13: Rigel 13:


[[Kategory:Amerikaanske útjouwerij]]
[[Kategory:Amerikaanske útjouwerij]]

[[en:Roc Books]]

De ferzje fan 22 apr 2013 om 06.27

Roc Books is in bekende ymprint fan 'e ynternasjonale Penguin Group-útjouwerij as ûnderdiel fan harren Amerikaanske poat, dêr't romans en novellen yn 'e sjenres science fiction en fantasy ûnder útjûn wurde. De ymprint waard oprjochte yn april 1990, nei't Penguin-foarsitter Peter Mayer opdracht jûn hie oan John Silbersack, de haadredakteur fan it science fiction-programma fan ’e saneamde New American Library fan Penguin, om in nije ymprint te begjinnen dy't mear oandacht lûke soe foar de oanwêzigens fan 'e útjouwerij op 'e science fiction- en fantasymerk. De namme, dy't referearret oan 'e rok, de reuseftige mytyske rôffûgel fan it Arabysk Skiereilân, waard keazen fanwegen it feit dat Penguin al ferskate ymprints mei fûgelnammen hie, lykas Penguin ("pinguin"), Puffin ("seepappegaai"), Peregrine ("sljochtfalk") ensfh.

Nei't G.P. Putnam's Sons mei Penguin fúzjearre wie, is Roc Books lykstrekich opset mei de troch dy fúzje oernommen ymprint Ace Books. It tiim redakteurs en útjouwers dat de publikaasjes ûnder de Ace-ymprint fersoarget is itselde as dy't dat docht foar Roc, hoewol't de beide ymprints fierders folslein selsstannich bleaun binne.[1]

Roc hat grutte nammen yn science fiction en fantasy útjûn, lykas Isaac Asimov, Carol Berg, Anne Bishop, Jim Butcher, Diana Pharaoh Francis, Guy Gavriel Kay, E.E. Knight, Juliet Marillier en Dennis L. McKiernan.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Amberstone, Celu, An Interview with Editor John Morgan (www.sfcanada.ca).

Boarnen