Provinsjale en Buma Biblioteek fan Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: nl:Buma Bibliotheek
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q3918893
Rigel 11: Rigel 11:
[[Kategory:Bibleteek]]
[[Kategory:Bibleteek]]
[[Kategory:Ljouwert]]
[[Kategory:Ljouwert]]

[[nl:Buma Bibliotheek]]

De ferzje fan 22 apr 2013 om 05.09

De Provinsjale en Buma Biblioteek fan Fryslân wie fan 1852 ôf oant 2002 in bibleteek yn Ljouwert.

Dizze bibleteek, troch 'en dei de PBF neamd, wie in provinsjale ynstelling dy't opset waard om ûnder oaren it behear fan twa wichtige boekekolleksjes te fersoargjen, nammentlik de bibleteek fan de Universiteit fan Frjentsjer en dy fan it Hof fan Fryslân.

In opfallend ûnderdiel fan de PBF foarme de Buma-Bibeteek mei in rike kolleksje op it mêd fan de klassike taal en âldheid. De boeken kamen út in troch de provinsje akseptearre legaat fan Lieuwe Annes Buma. Hjiryn stie ek de ferplichting ta ynstânhâlden fan in iepenbiere bibleteek op it mêd fan de Gryskske en Romeinske taal- en letterkunde. Begjin santiger jierren wienen dat 48000 bannen. De útliening wie frij. It bestjoer lei by Deputearre Steaten fan Fryslân. De oanwinsten waarden twa kear jiers publisearre yn listen mei oanwinsten. De Buma-bibleteek waard yn septimber 1966 ûnderbrocht by de Provinsjale Bibleteek. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieu waard de kolleksje Fuks oan de bibleteek skonken.

De PBF wie in wittenskiplike stúdzjebiblioteek dêr't men telâne koe foar gâns ûnderwerpen: taal- en letterkunde, (keunst)skiednis, sosjale en rjochtswittenskippen, filosofy en teology. Bysûnder omtinken wie der foar de taal, skiednis en kultuer fan de Fryske lannen. Dêrnjonken bea de Fukskolleksje literatuer oer Hebrieuske/Joadske taal- en letterkunde.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: