Moarrewâld: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q3430854
Rigel 20: Rigel 20:


[[Kategory:Moarrewâld| ]]
[[Kategory:Moarrewâld| ]]

[[nl:Murmerwoude]]

De ferzje fan 22 apr 2013 om 03.54

It eardere gemeentehûs fan Dantumadiel, 1927
De Hale, Moarrewâld

Moarrewâld is in earder doarp yn de gemeente Dantumadiel. Op 1 jannewaris 1971 waarden Moarrewâld, Ikkerwâld en Dantumawâld gearfoege ta Damwâld. Moarrewâld wie it sintraal lizzende doarp fan de trije.

De namme Moarrewâld kin útlein wurde as moarre-wâld. "Moarre" betsjut fean; "wâld" betsjut "bosk". Mar neffens inkele ferhalen soe de namme Moarrewâld ôflaat wêze fan "Moardenerswâld", omdat hjir yn it jier 754 Bonifatius fermoarde wêze soe.

Moarrewâld is in streekdoarp en lei oan de ûntginningsas fan de Dokkumer Wâlden, flakby de krúsing mei de ferbining fan Dokkum nei it súden stiet de tsjerke. Dizze tsjerke is om 1200 hinne boud, yn 1922/1923 waard der in oanbou oan de noardeastkant boud. De tsjerke waard fan 1961 oant 1963 restaurearre.

In 1881 waard Moarrewâld it haadplak fan de gemeente Dantumadiel. It gemeentehûs fan Moarrewâld stie destiids oan de Krúswei. Yn 1972 ferhuze de gemeente nei de Rinsmastate yn Driezum, om yn 1999 werom te gean nei Damwâld.

Bekende ynwenners

  • Dr. Jacob Botke ( Huzum, 15 desimber 1877 - Grins, 21 oktober 1939 ), biolooch en learaar yn Moarrewâld fon 1896-1898. Hy sette him yn foar in Frysker Fryslân en rjochte yn 1922 de Fryske Bibleteek op.

Keppeling om utens