Foxwolde: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
woe 'k wer te fluch....
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q582542
Rigel 18: Rigel 18:


[[Kategory:Plak yn Noardenfjild]]
[[Kategory:Plak yn Noardenfjild]]

[[en:Foxwolde]]
[[fr:Foxwolde]]
[[nl:Foxwolde]]

De ferzje fan 22 apr 2013 om 02.21

Earder tolhûs

Fokswâlde, offisjeel: Foxwolde is in doarpke ± 1,5 km ten noardeasten fan Roan, yn de gemeente Noordenveld in Drinte. Op 1 jannewaris 2008 wennen der 228 minsken.

De earste skriftlike ferwizing nei Fokswâlde is in oarkunde út 1313, wêryn it doarpke Fokeswolde neamd wurdt. Yn 1382 wurdt de namme Fockeswolde brûkt en yn 1548 Foxwolde. De oarsprong fan de namme soe "it wâld fan Fokke (of Fokko)" wêze kinne, mar ek it foksewâld" (fokes, foks, fox: foks). It efterheaksel -wolde tsjut op in broekboskfegetaasje.

Fokswâlde leit op in sânrêch yn in feangebiet, dat yn de Midsieuwen ûntgûn waard. Oarspronklik wienen de pleatsen yn en by it doarp mingde bedriuwen, mar nei de Twadde Wrâldoarloch kaam in omslach nei grutskalige feehâlderijen, wêrby't in soad houtwâlen sneuvelen. Ten easten fan Fokswâlde leit it natoergebiet De Kleibosch.

De Grinzer politikus Drewes de Haan is berne yn Foxwolde.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: