Atte Jongstra: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kepp. derby
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1832792
Rigel 17: Rigel 17:
[[Kategory:Frysk skriuwer|Jongstra, Atte]]
[[Kategory:Frysk skriuwer|Jongstra, Atte]]
[[Kategory:Terwispel]]
[[Kategory:Terwispel]]

[[nl:Atte Jongstra]]

De ferzje fan 22 apr 2013 om 00.31

Atte Jongstra (Terwispel, 13 augustus 1956) is in Nederlânske skriuwer en essayist, en dêrneist resensint foar NRC Handelsblad en Ljouwerter Krante. Hy publisearre gedichten ûnder it pseudonym Arno Breekveld.

Jongstra studearre Nederlânsk oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1985 debutearre hy mei De Multatulianen. Yn 1990 krige hy de Geertjan Lubberhuizenpriis foar De psychologie van de zwavel, yn 1996 de Jan Greshoffpriis foar Familieportret.

Syn lêste boek, De avonturen van Henri II Fix, skreau Jongstra nei oanlieding fan de oankaf op in feiling fan in trijetal kisten fol manuskripten en oare dokuminten fan dizze 18e ieuske libbenskeunstner en ensyklopedist út Swol.

Atte Jongstra is aktyf binnen it College de "Pataphysique", hjir ûnderskieden mei de Bâtafysyske Oarder fan it Swangrêd en skepper en behearder fan de Bâtafysyske Byldbank.

Op it slûseilân by Tsjonger Slûs II by Jobbegea stiet in objekt fan him. It is der delsetten yn 1999. It is in taalmonumint dat de grins markearret tusken it Stellingwerfsk en it Frysk.

Op 29 jannewaris 2009 ûntfong Jongstra de Max Pam Award, foar syn boek Klinkende ikken.

Keppeling om utens