Aldingelsk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.2) (Robot: interwiki gewijzigd van id:Bahasa Inggris Kuno naar id:Bahasa Inggris Kuna
L ynlieding nijmakke + noch wat oanfolling by literatuer
Rigel 1: Rigel 1:
It '''Aldingelsk''' of '''Angelsaksysk''' is de histoaryske foarm fan it [[Ingelsk]] sa't dat (yn parten fan wat tsjintwurdich [[Ingelân]] en Súd-[[Skotlân]] is) sprutsen waard tusken likernôch [[500]] en [[1066]]. Yn dat tiidrek ûntstie it Ingelsk út 'e [[Germaanske talen|Germaanske]] stamtalen fan 'e mannemacht nei de [[Britske Eilannen]] ferfearne [[Angelen]], [[Saksen (folk)|Saksen]] en [[Jutten]]. Yn 't earstoan wiene der trije [[dialekt]]en te ûnderskieden, [[Anglysk]], [[Westsaksysk]] en [[Kentsk]], oerlevere fan 'e achtste ieu ôf. It Westsaksysk wie de dominante fariant en dêryn is dan ek it measte fan 'e [[Aldingelske literatuer]] oerlevere. Letter naam it Anglysk dy posysje oer. De ferienfâldiging fan it Ingellsk troch it ferlies of de ôfswakking fan namfallen en oare ferbûgings wie al úteinset, doe't de [[Normandyske Ynfaazje]] fan 1066 in abrupte ein makke oan 'e lykmjittige ûntjouwing fan it Ingelsk.
'''Aldingelsk''' (ek wol bekend as '''Angelsaksysk''') is de iere foarm fan de [[Ingelsk|Ingelske taal]] dy't sprutsen waard yn parten fan wat tsjintwurdich [[Ingelân]] en Súd-[[Skotlân]] is, fan om-ende-by it midden fan de [[5e ieu]] oant healwei de [[12e ieu]].


== Germaanske taal ==
== Germaanske taal ==
Rigel 10: Rigel 10:


== Aldingelske Literatuer ==
== Aldingelske Literatuer ==
Wichtige wurken yn it Aldingelsk binne de skriften fan kening [[Ælfric]] en in oantal heldedichten, dêr't de [[Beowulf]] it ferneamdst fan is. In oansjenlik tal manuskripten fan Angelsaksyske literatuer is bewarre bleaun yn it [[Ekseter Book]], it [[Vercelli Book]] en it [[Junius-manuskript]].
Wichtige wurken yn it Aldingelsk binne de skriften fan kening [[Ælfric]] en in oantal heldedichten, dêr't de [[Beowulf]] it ferneamdst fan is. In oansjenlik tal manuskripten fan Angelsaksyske literatuer is bewarre bleaun yn it ''[[Ekseter Book]]'', it ''[[Vercelli Book]]'' en it [[Junius-manuskript|''Junius''-manuskript]].

Foarbylden fan oerlevere Aldingelske teksten binne:
* ''[[Beowulf]]''
* ''[[The Seafarer]]''


== Sjoch ek ==
== Sjoch ek ==

De ferzje fan 21 apr 2013 om 15.09

It Aldingelsk of Angelsaksysk is de histoaryske foarm fan it Ingelsk sa't dat (yn parten fan wat tsjintwurdich Ingelân en Súd-Skotlân is) sprutsen waard tusken likernôch 500 en 1066. Yn dat tiidrek ûntstie it Ingelsk út 'e Germaanske stamtalen fan 'e mannemacht nei de Britske Eilannen ferfearne Angelen, Saksen en Jutten. Yn 't earstoan wiene der trije dialekten te ûnderskieden, Anglysk, Westsaksysk en Kentsk, oerlevere fan 'e achtste ieu ôf. It Westsaksysk wie de dominante fariant en dêryn is dan ek it measte fan 'e Aldingelske literatuer oerlevere. Letter naam it Anglysk dy posysje oer. De ferienfâldiging fan it Ingellsk troch it ferlies of de ôfswakking fan namfallen en oare ferbûgings wie al úteinset, doe't de Normandyske Ynfaazje fan 1066 in abrupte ein makke oan 'e lykmjittige ûntjouwing fan it Ingelsk.

Germaanske taal

Aldingelsk is in West-Germaanske taal dy't nau besibbe is oan it Aldfrysk en Aldsaksysk en dat ek in soad op it Aldnoarsk liket (en op modern Yslânsk). Hiel oars as it moderne Ingelsk is Aldingelsk in taal mei in grut morfologysk ferskaat en wurdt krekt sa stavere as it útsprutsen wurdt, dat wol sizze, de ortografy wie relatyf konsekwint, alhoewol net fêstlein. Fonologysk hie it Aldingelsk in oantal fonemen dy't letter ferlern gien binne, lykas de /y:/ en de /ç/.

Untwikkeling

It Aldingelsk hie fiif nammefallen; it feit dat tsjintwurdich Ingelsk lykwols mar oer twa beskikt, wiist op in sterk morfologysk ferfal, dat in gefolch wie fan grut fermingen mei Normandysk (in Frânsk dialekt) nei de Slach by Hastings yn 1066 — foar it gemak wurdt dat jier wol sjoen as de skieding tusken Ald- en Midingelsk. Troch de Normandyske ynvaazje wie de fiergeande romanisearring fan it Ingelsk. Oant dizze tiid wie Ingelân meast oriïntearre op Noardwest-Jeropa. Nei de ynvaazje waard it hiel bot belutsen by de kontinintale Jeropeeske kultuer. As gefolch dêrfan soe it Ingelsk ûnder grutte ynfloed komme te stean fan it Frânsk. It modern Ingelsk hat in wurdskat dy't foar goed de helte út romaanske wurden bestiet. Yn it Aldingelsk wie dêrfan gjin sprake; it is in folslein Germaanske taal, mei Aldnoarske ynfloeden troch kontakt mei de Wytsingen.

Yn feite bestie it Aldingelsk út in grut tal dialekten; dy't it bêste bewarre bleaun binne yn it Nortumbrysk en it Wesseks-dialekt. Yn bygelyks it Kents is net folle bewarre.

Aldingelske Literatuer

Wichtige wurken yn it Aldingelsk binne de skriften fan kening Ælfric en in oantal heldedichten, dêr't de Beowulf it ferneamdst fan is. In oansjenlik tal manuskripten fan Angelsaksyske literatuer is bewarre bleaun yn it Ekseter Book, it Vercelli Book en it Junius-manuskript.

Foarbylden fan oerlevere Aldingelske teksten binne:

Sjoch ek

Keppeling om utens