Sineeske Muorre: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: fa:دیوار چین (strong connection between (2) fy:Sineeske Muorre and fa:دیوار بزرگ چین)
Rigel 37: Rigel 37:
[[et:Suur Hiina müür]]
[[et:Suur Hiina müür]]
[[eu:Txinako Harresi Handia]]
[[eu:Txinako Harresi Handia]]
[[fa:دیوار چین]]
[[fi:Kiinan muuri]]
[[fi:Kiinan muuri]]
[[fiu-vro:Hiina müür]]
[[fiu-vro:Hiina müür]]

De ferzje fan 18 apr 2013 om 01.35

Sineeske Muorre by 't winter

De Sineeske Muorre is in searje stiennen en ierden bouwurken fan sa'n 6.400 km lang yn Sina dy sûnt de 5e ieu foar Kristus oant de 16e ieu boud, op 'e nij boud, ferstevige en ûnderhâlden is. De Sineeske muorre, ek wol de Grutte Muorre, is it langste troch minskehannen makke bouwurk fan 'e wrâld. De muorre wie bedoeld om yn de tiid fan de Sineeske dynastyen de noardlike grinzen fan it Sineeske Ryk te beskermjen.

Sichtberens

Yn tsjinstelling ta wat in protte minsken leauwe is de Sineeske muorre net fan de Moanne ôf te sjen. De Sineeske muorre is wol fan út de romte te sjen as je folle tichter by binne. Fan op in ôfstân fan sa'n 500 km is de muorre noch krekt te sjen, mar dan moatte je wol witte wêr't je sjen moatte. De reden dat de muorre sa min sichtber is, is dat de muorre net mear dan 9,1 m breed is. It is krekt sa as mei in hier: hy kin noch sa lang wêze, as er net breed genôch is dan sjochst him net.