De Dage: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Nije Side: thumb|right|130px|[[Elie Wiesel.]] '''''De Dage''''', yn it oarspronklike Frânsk: '''''L'Aube''''', is in novelle fan 'e hân fan 'e ...
 
Rigel 8: Rigel 8:


==Fryske oersetting==
==Fryske oersetting==
De Fryske oersetting fan ''L'Aube'' ferskynde yn [[2002]] ûnder de titel ''De Dage'', yn in fertaling fan 'e hân fan [[Jacobus Knol]] te [[Dokkum]]. It waard mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]] útjûn as ûnderdiel fan in trilogy, yn 'e mande mei twa oare, nau besibbe boeken fan Wiesel, ''[[De Nacht (Wiesel)|De Nacht]]'' en ''[[De Dei (Wiesel)|De Dei]]'', troch de [[Kristlik Fryske Folksbibleteek]] (nû. 423).
De Fryske oersetting fan ''L'Aube'' ferskynde yn [[2002]] ûnder de titel ''De Dage'', yn in fertaling fan 'e hân fan [[Jacobus Knol]] te [[Dokkum]]. It waard mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]] útjûn as ûnderdiel fan in [[omnibus]], yn 'e mande mei twa oare, nau besibbe boeken fan Wiesel, ''[[De Nacht (Wiesel)|De Nacht]]'' en ''[[De Dei (Wiesel)|De Dei]]'', troch de [[Kristlik Fryske Folksbibleteek]] (nû. 423).


{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=

De ferzje fan 7 apr 2013 om 18.40

Elie Wiesel.

De Dage, yn it oarspronklike Frânsk: L'Aube, is in novelle fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist en Nobelpriiswinner Elie Wiesel (1928). It is it middelste diel fan in trilogy, mei De Nacht as earste en De Dei as trêde diel. Oars as De Nacht, dat in autobiografysk tsjûgenis fan 'e skriuwer is oer syn finzenskip yn 'e konsintraasjekampen Auschwitz en Buchenwald, is De Dage (krekt as De Dei) in fiksjoneel wurk, sij it mei autobiografyske eleminten. It fertelt yn it ik-perspektyf oer in holokaustoerlibbene dy't nei de oarloch yn Palestina behelle rekket yn 'e bloedige striid foar de fêstiging fan in joadske steat. Wiesel jout hjirmei net inkeld in blik yn 'e siel fan in skeinde minske, mar teffens in wolsprekkend kommentaar oer de morele grûnslach fan 'e steat Israel. L'Aube waard foar it earst útjûn yn 1960; de Fryske oersetting fan Jacobus Knol kaam út yn 2002.

Ynhâld

De jonge joadske Elisha, in oerlibbene fan 'e konsintraasjekampen, is nei de Twadde Wrâldoarloch lykme-allinne yn it him folslein frjemde Frankryk telâne kommen. Yn Parys komt er yn 'e kunde mei in oare joad, Gad, dy't him oerhellet om mei nei Palestina. Dat is yn dy tiid noch in Britsk mandaatgebiet. Gad belûkt him by de striid foar de fêstiging fan in joadske steat en soarget dat Elisha lid wurdt fan 'e Irgun, in terroristyske organisaasje dy't oprjochting fan 'e steat Israel mei bomoanslaggen en oare gewelddieden besiket te berikken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ien fan 'e Irgun-leden, David Ben-Mosje, wurdt oppakt troch de Britten; hy wurdt berjochte en feroardiele ta de deastraf foar syn aktiviteiten. As represaillemaatregel ûntfiert de Irgun in Britsk ofsier, in kaptein John Dawson, en makket bekend dat sadree't Ben-Mosje ophongen wurdt, Dawson ek stjerre sil. De Britten litte witte dat se net oan sjantaazje tajaan sille en dat de eksekúsje by de dage plakfine sil. Dy jûns wurdt Elisha oanwiisd om dan by de dage ek Dawson om te bringen. De lange nacht foarôfgeande oan 'e dage bringt Elisha troch mei syn Irgun-kammeraten, mei wa't er praat en redendielt oer de kommende moard, dy't se allegearre (hysels ynbegrepen) as ûnûntkomber lykje te beskôgjen. Mar hy wurdt pleage troch oantinkens út 'e oarloch dy't him yn 't sin komme, lykas de SS yn har unifoarmen, nei oanlieding wêrfan't er him ôffreget oft er sels no eins ek sa'n unifoarm drage moatte soe. De lêste oere foar de dage bringt er troch mei Dawson. Hy wit dat it syn taak dreger meitsje sil, mar kin syn nijsgjirrigens net bedimje. Se prate in pypfol. Dawson freget om pinne en papier en skriuwt in bryfke oan syn soan, dat Elisha ûnthjit foar him ferstjoere te sillen. Dan komt de dage oan 'e loft en sjit Elisha Dawson dea.

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan L'Aube ferskynde yn 2002 ûnder de titel De Dage, yn in fertaling fan 'e hân fan Jacobus Knol te Dokkum. It waard mei stipe fan 'e provinsje Fryslân útjûn as ûnderdiel fan in omnibus, yn 'e mande mei twa oare, nau besibbe boeken fan Wiesel, De Nacht en De Dei, troch de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nû. 423).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: