Delling: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: sq:Valle (Norvegjia)
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: az:Dərə (coğrafiya) (deleted)
Rigel 25: Rigel 25:
[[an:Val]]
[[an:Val]]
[[ar:واد]]
[[ar:واد]]
[[az:Dərə (coğrafiya)]]
[[be:Даліна]]
[[be:Даліна]]
[[be-x-old:Даліна]]
[[be-x-old:Даліна]]

De ferzje fan 6 apr 2013 om 12.14

Alpbachtal, in bedelte yn Tirol (Eastenryk)
In beekdelling fan de Gulp yn Slenaken (Nederlân)

In delling is in langrekte leechte of ferdjipping yn it lânskip. In bedelte wurdt ek wol fallei neamd, bygelyks de Gelderske Fallei.

De measte dellings binne ûntstien troch de útspieling fan in beek of in rivier, mar ek gletsjers en bewegingen yn de ierdkoarste kinne in bydrage leverje yn it ûntstean fan in bedelte. Op basis fan de ûntsteansskiednis wurde U-dellings en V-dellings ûnderskieden. U-dellings binne útsliten troch gletsjers en V-dellings troch beken. In kleau (ek wol ravyn of canyon neamd) is in troch eroazje djip útsliten rivierdelling mei steile (rots)wanden.

Faak is in bedelte in fruchtber plak (wetter siket it leechste punt) en leit it beskûle tsjin wyn en kjeld. De temperatuer is yn de delling dan ek heger. Yn bercheftige streken lizze de measte stêden en doarpen dêrom yn falleien.

In bercheftige gebieten lykas Eastenryk, Switserlân en Noarwegen binne dellings folle dúdliker te ûnderskieden as yn gebieten mei in bytsje reliëf, lykas yn Fryslân.

Topografyske beneamingen yn Nederlân mei in ferwizing nei in delling (dal) binne bygelyks Diependal, Roerdalen, Haasdal, Berg en Dal, Nijverdal.

Utdrukkingen

In daltaryf is in ferlege taryf op in momint dat de drokte of it gebrûk of ferbrûk leech is. In foarbyld dêrfan is nachtstroom.

Dalgrûn is in namme foar de ûndergrûn fan ôfgroeven heechfean.

Yn de Nederlânske taal kenne we útdrukkingen as "door een diep dal gaan" of "iemand uit het dal trekken".