Middelsee: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
ynfoegje bestjoerlik gearwurkingsferbân Middelsee
LNo edit summary
Rigel 10: Rigel 10:
Bordaa, Borndiep, Boerdiep, Bordena, Bordine.
Bordaa, Borndiep, Boerdiep, Bordena, Bordine.


De term '''Middelsee''' wurdt ek brûkt om it bestjoerlik gearwurkingsferbân tusken de saneamde '''middelsee gemeenten''' oan te tsjutten, te witten de gemeenten [[It Bildt]], [[Ferwerderadiel]], [[Ljouwerteradiel]] en [[Menameradiel]].
De namme '''Middelsee''' wurdt ek brûkt om it bestjoerlik gearwurkingsferbân tusken de saneamde '''middelsee gemeenten''' oan te tsjutten, te witten de gemeenten [[It Bildt]], [[Ferwerderadiel]], [[Ljouwerteradiel]] en [[Menameradiel]].


[[Kategory:Wetter yn Fryslân]]
[[Kategory:Wetter yn Fryslân]]

De ferzje fan 19 jan 2007 om 19.47

De Middelsee , ek wol Bordine neamd, wie de mûning fan de Boarn, dêr't it tij it frij hie. De Middelsee foarme de ôfskieding tusken Westergoa en Eastergoa, en rikte sa súdlik as Snits, dat begûn is op de dyk fan de Middelsee.

Yn de rin fan 'e tiid is de Middelsee hieltiid fierder tichtslike; de gebieten dy't sa ûnstienen, waarden de Nije lannen neamd. Sa is der it doarp Nijlân, mar der binne ek ferskate doarpen dêr't it part dat ea Middelsee west hat noch "it Nijlân" hjit. Dat it giet om nij lân is noch te sjen oan it lytse tal doarpen yn it gebiet fan de eardere Middelsee, de fruchtbere seeklaai is foar fierwei it grutste part as weidlân yn gebrûk naam.
De skieding tusken Eastergoa en Westergoa wurdt yn it ynpoldere lân foarme troch de Swette dy't tsjinwurdich fan Snits nei Ljouwert rint, mar earder trochrûn oan it begjin fan it Bilt ta.

Tsjin de 15e ieu wie de Middelsee net oars mear as in grutte trachterfoarm yn de Fryske noardkust. Fan de 16e ieu ôf, is út it ynpolderjen fan dy trachter It Bilt woeksen, dat no hiel de mûning fan de Middelsee follet.

Histoaryske nammen foar de Middelsee:
Bordaa, Borndiep, Boerdiep, Bordena, Bordine.

De namme Middelsee wurdt ek brûkt om it bestjoerlik gearwurkingsferbân tusken de saneamde middelsee gemeenten oan te tsjutten, te witten de gemeenten It Bildt, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en Menameradiel.